liechtensteinwrotmûs | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Microtus liechtensteini | ||||||||||||
Wettstein, 1927 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De liechtensteinwrotmûs of Liechtensteins wrotmûs (Latynske namme: Microtus liechtensteini) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e wrotmûzen (Arvicolinae), it skaai fan 'e fjildmûzen (Microtus) en it ûnderskaai fan 'e ûndergrûnske wrotmûzen fan de Alde Wrâld (Terricola).
De liechtensteinwrotmûs waard foar it earst as aparte soarte beskreaun yn 1927. (It bist is ferneamd nei in persoan, net nei it lân Lychtenstein, dêr't er net foarkomt.) It ferspriedingsgebiet fan 'e liechtensteinwrotmûs omfiemet dielen fan Midden-Jeropa en de noardwestlike Balkan: noardlik Itaalje, súdlik en súdeastlik Eastenryk en dielen fan Sloveenje en Kroaasje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |