De Libris Literatuer Priis is in priis dy't alle jierren útrikt wurdt foar it bêste Nederlânsktalige literêre fiksjeboek út it foarrige kalinderjier. Nammejouwer fan de priis is de sponsor, boekhannelskeatling Libris.

De Booker Prize stie model foar de Librispriis. Nei in karút fan 18 titels (longlist), folget in nominaasjebekendmakking fan 6 titels en letter in winner. De seleksje fan titels en skriuwers bart troch in sjuery fan 5 persoanen, dy't gearstald wurdt troch de inisjatyfnimmer fan de priis, Stichting Literatuer Priis.

De sjueryfoarsitter makket healweis maart yn de Nije Tsjerke yn Amsterdam de shortlist fan 6 titels bekend. De priis wurdt mids maaie útrikt op in galadiner yn de Spegelseal fan it Amstel Hotel yn Amsterdam. De auteur fan it winnend boek kriget in oarkonde en in bedrach fan € 50.000. De auteurs fan de oare fiif boeken krije € 2500 de man.

Mei de AKO Literatuerpriis en de Gouden Uil hat de Libris Literatuer Priis in heech prizejild.

Yn 2008 waard foar 't earst in graphic novel, in literêr stripboek, nominearre (Verder fan Marc Legendre) en is de priis foar it earst oan in ferhalebodel takend (D. Hooijer - Sleur is een roofdier).

In stik as wat dagen nei de útrikking oan Bernard Dewulf yn 2010, makke de stichting bekend dat de priis fan dat stuit ôf oan allinne beskikber wêze sil foar literêre romans om sadwaande it tal ynstjoerings te beheinen.

Untfangers en titels

Jier Lân Auteur Boek ISBN koade ISBN eboek ISBN harkboek
1994flagge fan NederlânFrida VogelsDe harde kernISBN 9789028208421--
1995flagge fan NederlânThomas RosenboomGewassen vleesISBN 9789021437187ISBN 9789021436173-
1996flagge fan NederlânAlfred KossmannHuldigingenISBN 9789021471570--
1997flagge fan BelgjeHugo ClausDe geruchtenISBN 9789023463023ISBN 9789023443292-
1998flagge fan NederlânJ.J. VoskuilHet bureau 3: PlanktonISBN 9789028209558--
1999flagge fan NederlânHarry MulischDe procedureISBN 9789023466949ISBN 9789023447696-
2000flagge fan NederlânThomas RosenboomPublieke werkenISBN 9789041707178ISBN 9789021436197-
2001flagge fan NederlânTomas LieskeFranklinISBN 9789021472928--
2002flagge fan NederlânRobert AnkerEen soort EngelandISBN 9789078432272--
2003flagge fan NederlânAbdelkader BenaliDe langverwachteISBN 9789079487042--
2004flagge fan NederlânArthur JapinEen schitterend gebrekISBN 9789029573641ISBN 9789029568579ISBN 9789054445753
2005flagge fan NederlânWillem Jan OttenSpecht en zoonISBN 9789028240377-ISBN 9789054441397
2006flagge fan NederlânK. SchippersWaar was je nouISBN 9789021480367ISBN 9789021436234ISBN 9789047600626
2007flagge fan NederlânArnon GrunbergTirzaISBN 9789038890593ISBN 9789038891514ISBN 9789077858387
2008flagge fan NederlânD. HooijerSleur is een roofdierISBN 9789028240711--
2009flagge fan BelgjeDimitri VerhulstGodverdomse dagen op een godverdomse bolISBN 9789025429539ISBN 9789025431181ISBN 9789025429768
2010flagge fan BelgjeBernard DewulfKleine dagenISBN 9789045015798ISBN 9789045068510-
2011flagge fan BelgjeYves PetryDe maagd MarinoISBN 9789023472957ISBN 9789023449072-
2012flagge fan NederlânA.F.Th. van der HeijdenTonioISBN 9789023459545ISBN 9789023467014-
2013flagge fan NederlânTommy WieringaDit zijn de namenISBN 9789023472698ISBN 9789023475712-
2014flagge fan NederlânIlja Leonard PfeijfferLa SuperbaISBN 9789029587273ISBN 9789029587471-
2015flagge fan NederlânAdriaan van DisIk kom terugISBN 9789025444532--
2016flagge fan NederlânConny PalmenJij zegt hetISBN 9789044628104ISBN 9789044629088-
2017flagge fan NederlânAlfred BirneyDe tolk van JavaISBN 9789044536447ISBN 9789044536454-
2018flagge fan NederlânMurat IsikWees onzichtbaarISBN 9789041422903ISBN 9789026338052ISBN 9789047625322
2019flagge fan NederlânRob van EssenDe goede zoonISBN 9789025453411ISBN 9789025453428-
2020flagge fan NederlânSander KollaardUit het leven van een hondISBN 9789028290082ISBN 9789028291089-
2021flagge fan NederlânJeroen BrouwersCliënt E. BuskenISBN 9789025455941ISBN 9789025456276ISBN 9789025458522
2022flagge fan NederlânMariken HeitmanWormmaanISBN 9789025470722ISBN 9789025470739ISBN 9789025472597

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.