LibreOffice | |
---|---|
Startsintrum yn LibreOffice | |
| |
Untwikkelder | The Document Foundation |
Meast resinte ferzje | 6.1.3/ 8 augustus 2018 |
Platfoarm | Android, Linux, OS X, Unix (ports), Windows |
Kategory | Kantoarpakket |
Lisinsje | LGPL 3 |
Webstee | (ned) nl.libreoffice.org |
LibreOffice is in ûnôfhinklike ûntwikkeling fan OpenOffice, wêrfan't de oarspronklike ferzje útkaam yn 2011. It is in iepenboarne kantoarpakket mei û.o. in tekstbewurker, rekkenblêd- en presintaasjeprogramma.
Oersetting nei it Frysk
Sûnt 2015 is der wurke oan de Fryske Oersetting. Mei LibreOffice 6.1 is it dan safier. It earste Fryske kantoarpakket. Ferbetteringen en oanfollingen gean troch.
Fryske staveringshifker
In Fryske staveringshifker kin apart tafoege wurde. De staveringshifker wurdt levere troch Hunspell/Myspell dy't op it systeem ynstallearre is (Fryske wurdlist hânmjittich tafoegje), of in losse ekstinsje fan LibreOffice. Yn de lytsere Android-ferzje sit gjin staveringshifker.
Sjoch ek
Keppelings om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.