| |||||
Offisjele taal | Arabysk | ||||
Haadstêd | Tripoly | ||||
Steatsfoarm | republyk | ||||
Gebiet % wetter |
1.759.540 km² -% | ||||
Ynwenners (2006) | 5.670.688 | ||||
Munt | Libyske dinar (LYD) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 1 septimber | ||||
Lânkoade | LBY | ||||
Ynternet | .ly | ||||
Tillefoan | 218 |
Lybje, folút: Libyske Republyk, (Arabysk: ليبيا Lībiyyā) is in Arabysk lân yn Noard-Afrika.
Geografy
Lybje bestiet út trije histoaryske regio's: Tripolitaanje yn it noardwesten, de Fezzan yn it súdwesten en Syrenaika yn it easten.
Lizzing
It lân wurdt begrinze troch:
Lânskip
It mediteraansk klimaat soarget foar in relatyf rike fegetaasje oan de smelle kuststripe, dy't fierder nei suden oergiet yn steppe en úteinlik yn woastyn dy't 90% fan al it lân beslacht.
Yn it uterste suden oan de noardkant fan de Sahara, rikke útrinners fan it Tibesti-massyf oant 2285 meter hichte. Oan de kust leit de haadstêd Tripoly en de antike stêden út de Aldheid.
Skiednis
Iere skiednis
Neffens archeologyske fynsten wie it Libyske kustgebiet al yn de 8e iuw f.K. bewenne troch de Neolityske mins. Dy minsken wiene betûft yn it buorkjen. [1] It gebiet dêr't hjoed "Lybje" mei oantsjutten wurdt, is letter troch ferskate folken beset: de Feneesjers, Kartagen, Griken, Romeinen, Fandalen en Bisantinen hawwe allegear it gebiet (of in part dêrfan) beset holden. Inkeld fan de Grykske en Romeinske besetting binne der ruïnes of oare saken dy't weromferwize nei dy tiid.
De Feneesjers wienen de earsten dy't hannelsposten yn Lybje stiften, doe't de hannelers fan Tirus (it hjoeddeiske Libanon) kommersjele relaasjes mei Berberstammen makke hienen en ferdraggen makken om gearwurking yn it eksploitearjen fan dy grûnstoffen te fersekerjen.[2][3]
Yn 1517 waard it gebiet ferovere troch de Ottomanen en makket der diel fan út. Yn de 19e iuw hie in Islamytske oarder it dêr foar it sizzen, folge troch 40 jier Italjaansk protektoraat.
20e iuw en hjoeddeisk
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Lybje in ûnôfhinklike monargy. Troch in steatsgreep troch it leger ûnder lieding fan kolonel Moammar al-Qadhafi waard de kening yn 1969 te fal brocht. Under ynfloed fan de Egyptyske presidint Nasser werneamde hy it lân Libysk-Arabyske Republyk (1969-1977), mar bruts letter alle bannen mei oare Arabyske lieders. Hy waard in diktator en lei Lybje yn 1971 eigen betochte ideology op (in mingeling fan sosjalisme en islam). De betrekkingen mei it Westen fermindere nei in bomoanslach op in Berlynske diskiteek dy't fral troch Amerikaanske soldaten besocht waard yn 1986, wêrop Amerikaanske fleantugen Tripoly en Bengazy bombardearen. Letter, yn 1988, fûn de troch Lybje plande Lockerbie-oanslach plak, wêrby in soad Amerikanen ferûngelokken. Yn de jierren 90 waard it lân isoleare troch ynternasjonale sanksjes, mar nei de oanslaggen op 11 septimber 2001 waard Qadhafi in bûnsmaat fan it westen yn de kriich tsjin it terrorisme.
Yn febrewaris 2011 bruts der yn neifolging fan de Arabyske Maaitiid yn de omlizzende lannen in acht moannen duorjen opstân út tsjin Qadhafi's bewâld. Rebellen, dy't yn Benghazi de Nasjonale Oergongsrie foarmen, krigen militêre stipe fan de NAFO en oermasteren yn augustus de haadstêd Tripoli. Lang om let waard op 20 oktober 2011 Moammar Qadhafi sels oppakt en deade. De Nasjonale Oergongsrie hat yntusken de Libyske Republyk festige en herfoarmingen oankundige, wêrûnder de ynfiering fan de sharia.[4]
Demografy
Lybje is ien fan de tinstbefolke gebieten op de wrâld. Fan de befolking wennet 90% yn de smelle kuststripe.
Befolking
It Libyske folk is in mingsel fan ynhiemske Berberfolken en Arabieren dy't letter arrivearren. De lytse Toearek- en Toeboestammen yn it suden hawwe noch hieltyd in nomadyske of semy-nomadyske wize fan libjen.
Taal
De offisjele taal fan Lybje is it Arabysk. De dialekten dy't troch de Berbers sprutsen wurden hawwe gjin offisjele status.
Godstsjinst
It meastepart fan de befolking 97% is oanhinger fan de soennityske islam. Fierders is der in lytse kristlike minderheid besteande út koptyske kristenen en katoliken
Ekonomy
De befolking wennet foar 90% yn de smelle kuststripe. Amper 2% fan it lân kin brûkt wurde foar lânbou, dêr't it grutste part fan yrrigearre wurdt. De ekonomy driuwt foaral op de enoarme foarried oalje.
Keppeling om utens
Fuotnoaten
- ↑ Federal Research Division of the Library of Congress, (1987). "Early History of Libya", U.S. Library of Congress. 11 july 2006.
- ↑ Herodotus, (c.430 BC), "'The Histories', Book IV.42–43" Fordham University, New York. Besoek op 18 july 2006.
- ↑ Federal Research Division of the Library of Congress, (1987), "Tripolitania and the Phoenicians", U.S. Library of Congress. 11 july 2006.
- ↑ Sharia wurdt fûnemint nije wetjouwing Lybje, NRC.nl, 23 oktober 2011