Lizzing fan Leuven yn Flaamsk-Brabân
It stêdhûs
Grut Begynhof
Kollegiale Sint-Piterstsjerke

Leuven (Nederlânsk en offisjeel: Leuven; Frânsk: Louvain) is in stêd en gemeente yn de Belgyske provinsje Flaamsk-Brabân. It is de sintraal lizzende haadstêd fan dizze provinsje en teffens it haadplak fan it bestjoerlike en gerjochtlike arrondissemint Leuven. Gemeente Leuven hat in oerflakte fan sawat 57 km² en hat mear as 92.000 ynwenners.

Leuven is ûnder mear bekend as fêstigingsplak fan de K.U.Leuven, de âldste universiteit yn de Lege Lannen, de multinational AB InBev (foarhinne InBev, Artois, letter noch Interbrew hiten) en it universitêr sikehûs Gasthuisberg.

Troch de iuwenlange oanwêzichheid fan de brouwerij Artois en it studintelibben wurdt Leuven ek wol de bierhaadstêd fan Flaanderen/Belgje neamd.

It besjen wurdich

Yn Leuven is in soad te sjen (sjoch ek de foto's ûnderoan it artikel):

  • It stedhûs
  • De Grutte Merk
  • It Marteldersplein
  • De kollegiale Sint-Piterstsjerke yn Brabânske heechgoatyk (1425–± 1500)
  • It Tafelrûn, it tredde goatyske gebou op de Grutte Merk
  • It Fonske, in stânbyld op it Fochplein
  • De Fiere Margryt (in stânbyld)
  • De Lekkenhal (1317–1345)
  • De Sint-Michielstsjerke (1650–1666)
  • De heechgoatyske Sint-Kwintenstsjerke
  • De Universiteitsbibleteek (1921–1929) op it Ladeuzeplein
  • De Bûnsgenoatenleane en de Diestsestrjitte
  • De Us Leaffrou-ten-Preekhearentsjerke
  • De Sint-Jacobstsjerke
  • It Grut Begynhof
  • It Lyts Begynhof
  • It Arenberchkastiel
  • De Hortus Botanikus Lovaniensis, better bekend as de Krûdtún
  • De stedsbibleteek Twaboarnen
  • De Sint-Geertruitsjerke
  • De Abdij Keizersberch
  • Ferskate kolleezjes út ferskate tiidrekken (û.o. Iersk College, Amerikaansk Kolleezje, Collegium Trilingue)
  • De Alde Merk
  • Tal fan religieuze (û.o. tsjerken) en profane bouwurken
  • It Jezuïtenkleaster
  • It stasjon
  • It hûs Guy Morillon
  • De Abdij fan 't Park
  • It Sint-Donatuspark

Foto's

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.