Lerwick
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Lânsdiel Skotlân
Council area Sjetlân
Lieutenancy area Sjetlân
Sifers
Ynwennertal6.760 (mids 2020)
Oerflak3,15 km²
Befolkingsticht.2.146,0 / km²
Oar
TiidsôneUTC
SimmertiidUTC+1
Koördinaten60°9′18″N 1°8′42″W
Offisjele webside
www.shetland.org
Kaart
Lerwick (Skotlân)
Lerwick
Lokaasje yn Skotlân.

Lerwick ('Klaaibaai' yn it Norn) is it haadplak fan de Sjetlâneilannen yn Skotlân. It stedsje is it grutste plak fan de arsjipel. Lerwick leit oan de eastkust fan it eilân Mainland en waard stichte yn de 17e iuw.

Lerwick is ek de wichtichste haven fan de Sjetlâneilannen. der binne in feartsjinsten nei Bergen (Noarwegen), Aberdeen, Seyðisfjörður (Yslân), Tórshavn (Faeröer), Kirkwall (Orkney-eilannen) en nei in stikmannich havens op de oare Sjetlâneilannen.

Lerwick hat ûnder oaren it stedhûs, Fort Charlotte, Böd of Gremista en Clickimin Broch dy't it besjen wurdich binne.

Keppelings om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lerwick fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.