Leo XIII
   kristlik lieder
amt en titulatuer
amtpaus fan Rome
tsjerkeRoomsk-Katolike Tsjerke
bisdombisdom Rome
sitHillige Sit
foargongerPius IX
opfolgerPius X
wapen
wurkpaad
preesterwijing31 desimber 1837
kardinaal23 December 1839 (in pectore)
persoanlike bysûnderheden
bertenammeGiovanni Maria Mastai-Ferretti
bertedatum2 maart 1810
berteplakCarpineto Romano,
stjerdatum20 july 1903
stjerplakFatikaanstêd
etnisiteitItaljaansk
hillichferklearring
fereare trochRoomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei7 febrewaris

Paus Leo XIII (berne op 2 maart 1810 - ferstoarn op 20 july 1903), wie de 256e paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Hy folge Pius IX op en bestjoerde de Tsjerke fan 1878 oant 1903. It Petrusamt fan Leo XIII duorre 25 jier, 5 moanne en 1 dei, it op trije nei langste pontifikaat (nei Petrus, Pius IX en Jehannes Paulus II).

Leo XIII wie tige yntellektueel en mei syn ensyklyk Rerum Novarum ("Oer nije Saken") joech de paus yn in feroarjende wrâld omtinken oan de arbeidersklasse en besocht er de útgongspunten fan de sosjale lear fan de Tsjerke útien te setten. De ensyklyk sette arbeiders oan om eigen katolike fakbûnen op te setten en foarme in oanklacht tsjin de strieminne omstannichheden fan it wurk fan arbeiders yn de yndustrialisaasje. Leo XIII woe foar arbeiders in fatsoenlik ynkommen sadat hja ek besit foarmje koene. Ek fûn Leo XIII dat wurkjouwers de wurknimmers net âfhâlde mochten fan de soarch foar harren hûshâlding.[1]

Hy wie net allinne de paus dy't de moderne wrâld de needsaak fan sosjale rjochtfeardigens foarhold, mar ek besocht er as earste paus de Tsjerke yn dialooch te bringen mei de moderne wrâld. Yn in tiid dat de Roomsk-Katolike Tsjerke noch jimmeroan in konflikt hie mei it Italjaanske regear oer de eardere besittings fan de Tsjerke, joech Leo XIII it pausdom in grutter ynternasjonaal oansjen.[2]

Oplieding

Paus Leo XIII waard op 2 maart 1810 yn Carpineto Romano berne as Vincenzo Gioacchino Raffaele Luigi Pecci (Gioacchino Pecci). It doarp leit súdlik fan Rome yn de doedestiidske Tsjerklike Steat, dy't yn 1808 troch Frankryk beset en in jier letter anneksearre waard troch Frankryk. Gioacchino wie de sechde fan de sân bern fan greve Ludovico Pecci en Anna Prosperi Buzzi, in famylje dy't ta de legere adel hearde. Alhoewol't it net mei syn lege stân oerien kaam, krige er in oplieding oan de Accademia dei Nobili (Akadeemje foar de Adel).

Karriëre

Kardinaal Pecci

Op 31 desimber 1837 krige er as tsjerkejurist en teolooch fan kardinaal-fikaris Carlo Odescalchi de preesterwijing. Al yn 1838 oant 1841 wie Gioacchino Pecci bestjoerder yn Benevento en dêrnei fan 1841 oant 1843 yn Perugia. Gregoarius XVI beneamde him yn 1843 as titulêr-aartsbiskop fan Damiate en stjoerde him as nuntius nei Belgje. Yn Belgje kaam Pecci lykwols yn oanfarring mei de liberalen, om't er de lokale biskoppen yn de skoallestriid stipe, wertroch't er op fersyk fan de protestantske kening Leopold I weromroppen waard. Fan 1846 oant 1878 wied er biskop fan Perugia, dêr't er de domtsjerke yn neogoatyske styl ferbouwe liet. Op 19 desimber 1853 waard er kardinaal en krige er de titeltsjerke fan San Crisogono tawiisd.

Yn de ûnrêstige tiid fan de ôfskieding fan Umbrje fan de pauslike steat (1860) wie Pecci de lieder fan de biskoppen tsjin de Italjaanske Steatstsjerke. Op it Earste Fatikaansk Konsylje (1869-1870) stimde hy mei de mearderheid yn mei it dogma fan de ûnfeilberens fan de paus. Healwei de jierren 1870 stelde er him stadichoan iepen foar de moderne kultuer en technology. Nei de dea fan Filippo de Angelis folge er dy yn 1877 op as camerlengo (keamerhear fan de paus). As sadanich regele kardinaal Pecci de offisjele saken yn de tiid nei it ferstjerren fan Pius IX yn 1878 wylst de sit fakant wie.

Nei in konklaaf fan mar twa dagen waard kardinaal Pecci op 20 febrewaris 1878 yn de Sikstynske Kapel keazen as opfolger fan Pius IX.

Pontifikaat

Kroaning fan Leo XIII

De kroaning fan Leo XIII folge op 3 maart 1878 yn de Sikstynske Kapel. Fanwegen syn wiffe sûnens tochten in soad dat Leo XIII net mear as in oergongspaus wurde soe. Syn kar foar de namme Leo hie te meitsjen mei syn bewûndering foar Leo XII en dy syn persoanlike deugden en it wie ek in teken foar de troch him neistribbe posysje fan it pausdom.

Restauraasje

Sûnder drastysk te brekken mei de polityk fan syn foargongers, besocht er foar de swierrichheden fan syn tiid in andert te finen yn de heechmidsiuwske oarder fan Tsjerke en Steat. Grutte prioriteit hiene de herfoarmings fan de teologystúdzjes en Leo XIII befoardere de oriïntaasje dêrfan op Tomas fan Akwino. Syn persoanlike foarbyld wie Innosintius III (1198-1216); yn 1891 liet er it lichem fan Innosintius nei Rome bringe foar in bysetting yn de San Giovanni in Laterano.

Symboalysk foar Leo XIII's oriïntaasje op de lette midsiuwen wiene de te bouwen tsjerken yn dy tiid, dy't fral yn de neogoatyske styl plak fûn. Syn stribjen nei it herstel fan de wrâldske macht fan it pausdom wie troch de feroarings yn de 19e iuw lykwols ta mislearjen feroardiele. Ek al hie net elkenien it begrepen op de revolúsjes fan 1848-1849, de gefolgen koene net mear weinommen wurde. It postrevolúsjonêre Europa feroardiele boppedat syn konsept fan in universeel pausdom mei oanspraken op de geastlike lieding. Leo XIII dêrfoaroer beskôge de Tsjerke as Hoeder foar de wiere frijheid, sa't er dat yn Libertas praestantissimum (1888) ferwurde.

Sosjale lear

Syn ferneamde ensyklyk Rerum Novarum fan 1891 joech Leo XIII de reputaasje fan arbeiderspaus. Hy klage oer de útrûpeling fan de arbeiders troch de yndustrialisaasje. Leo XIII beskreau de negative gefolgen dêrfan op de ekonomy en de steat en liet ferbetterings yn de sitewaasje sjen. Hy sette him tagelyk ôf tsjin it sosjalisme as de oplossing en pleite foar privé-besit, ek foar arbeiders. Mei Rerum Novarum skrea de paus in learstik fan de minske en syn rjochten, fan de oarder fan de ekonomy, fan de frijheid fan organisaasje fan arbeiders en fan de sosjale plichten fan de steat. De feiligens fan it wurk wie de ferantwurdlikens fan de steat, lykas ek it wetlike ramt foar de rjochten fan wurknimmers. Sûnt dy tiid bestiet der in goed ûnderboude tsjerklike sosjale lear. De ensyklyk wurdt beskôge as de ensyklyk, dêr't alle folgjende sosjale ensykliken op trochbreidzje.

Oekumene

De paus yn 1900
Philip de Laszlo (1869–1937)

Syn krewearjen om in ein te meitsjen oan de skuorring mei de otterdokse tsjerken en de anglikanen mislearren, om't er wegere ôfstân te dwaan fan it pauslike primaat. Mei syn brief Ad Anglos út 1895 liet Leo XIII sjen dat er in soad omtinken hie foar de Anglikaanske Tsjerke. Hy liet in kommisje gearstalle om de Anglikaanske wijings te ûndersykjen en yn de bul Apostolicae curae (Apostoalyske soarch) lei de paus syn oardiel fêst dat de Anglikaanske wijings gjin wearde hiene om't yn 1559 by de wijing fan Matthew Parker as aartsbiskop fan Canterbury meardere needsaaklike eleminten út it ritueel weilitten wiene. Tagelyk erkende de paus de wijings fan de otterdokse en easterske tsjerken. Hy feroardiele yn deselde bul de frijmitselderij.

Relaasje mei de lokale tsjerke

Leo XIII wie him tige bewust fan de universele posysje fan it pausdom en hy befoardere it romeinske sintralisme. De biskoppen krigen fakentiden detaillearre ynstruksjes en pauslike yntervinsjes yn de yndividuele lannen kamen jimmeroan faker foar. Ek waard de posysje fan de nuntius foar de biskoppen oer sterker makke. De tanimmende beafearten nei Rome en de herfoarmings yn de organisaasjestruktueren fan de kleasteroarders tsjinnen om de bannen fan de geastliken en leken mei de Hillige Sit te fuortsterkjen.

Op misjonêr mêd hie Leo XIII in soad súkses: bûten Europa waarden 248 bisdommen en 48 apostoalykse fikariaten stifte.

Relaasje mei teology en wittenskip

Leo XIII stipe histoarysk ûndersyk en stelde yn 1881 de Fatikaanske argiven iepen foar ûndersikers fan alle denominaasjes. Yn 1891 stifte er yn de simmerresidinsje fan Castel Gandolfo de Specola Vaticana, de Fatikaanske Stjerrewacht, ien fan de âldste astronomyske ynstitúten fan de wrâld.

Yn de ensiklyk Providentissimus Deus (1893) moedige Leo XIII bibelstúdzje oan, wylst er ek warskôge foar rasjonalistyske ynterpretaasjes, dy't de ynspiraasje fan de Hillige Skrift ûntkenden.

Yn de jierren 1890 wiene der Amerikaanske katoliken yn de tsjerklike hiërargy, dy't de sosjale en religieuze wearden fan de katolike tsjerke oanpasse woene oan de Amerikaanske politike en kulturele wearden, lykas de skieding fan tsjerke en steat, de gearwurking mei net-katoliken en dielname fan leken oan tsjerklike beslútfoarming. Pius IX hie yn syn Syllabus Errorum al tsjin modernisme en liberalisme warskôge en yn 1897 skreau Leo XIII syn apostoalyske brief Testem benevolentiae nostrae oan de Amerikaanske kardinaal James Gibbons, wêryn't er it stribjen om it katolisisme oan te passen as ketterij feroardiele. De paus fûn dat de ynhâld fan it leauwe net om de praktyske ferhâldings ta de maatskippij ûndersnije mocht.

Frijmitselderij

Op 20 april 1884 publisearre paus Leo XIII de ensyklyk Humanum. Neffens de ensyklyk wiene der twa tsjinoerstelde groepen yn 'e wrâld: de iene fjochtet foar wierheid en deugd, de oare foar ligerij en ûndeugd, de iene groep stribbet it keninkryk fan God op ierde nei, de Tsjerke fan Jezus Kristus, de oare foar it keninkryk fan Satan, dat bestjoerd of befoardere wurdt troch de frijmitselderij. Yn it ramt dêrfan waard de Roomsk-Katolike Tsjerke letter slachtoffer fan it bedroch fan de anty-katolyk Léo Taxil. Oare geskriften tsjin de frijmitselderij fan Leo XIII wiene Dall'alto dell'Apostolico Seggio, Custodi di quella fede en Inimica vis.

Oanbidding fan it Hillich Hert

Leo XIII befoardere de ferearing fan it Hert fan Jezus en wijde op 11 juny 1899 it hiele minskdom oan it Hillich Hert fan Jezus. Yn syn ensyklyk Annum sacrum ("Hillich Jier", basearre op it jier 1900 dat doe op hannen wie) joech Leo XIII in taljochting.

Marijeferearing

Leo XIII lei de klam op de bemiddeljende funksje fan Marije en rikkemandearre it bidden fan de roazekrâns oan, dêr't er sân ensykliken oan opdroech.

Tombe fan Leo XIII yn de San Giovanni in Laterano

Tsjerkelearaars

Leo joech oan fjouwer hilligen de titel tsjerkelearaar:

Dea

Nei syn dea waarden by Leo XIII lykas wenst alle organen út him helle. Syn opfolger Pius X (1903-1914) woe dat net mear en briek mei dy tradysje. Sûnt wurdt dy praktyk net mear útoefene, mar yn 2005 ûnstie der wer diskusje doe't Poalen it hert fan de ferstoarne Jehannes Paulus II ha woe. It kardinaalskolleezje wegere lykwols en bleau by de troch Pius X troffen regeling. Tsjintwurdich is it ferwiderjen fan organen allinne mooglik nei in hillichferklearring om se as reliken fan de hillige te ferearjen.

Leo XIII waard yn de Sint-Piter byset. It hjoeddeiske grêf fan Leo XIII leit yn de San Giovanni in Laterano.

Filmbylden

Fan paus Leo XIII binne fylmbylden bewarre. De bylden binne opnommen troch William Kennedy Laurie Dickson, ien fan de utfiners fan de synematografy, tegearre mei Thomas Edison, doe't de paus 86 jier wie.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side

  1. Katholiek.nl, 4 juny 2016
  2. De Pausen, Richard P. Mc.Brien, ISBN 90 257 3041 8

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.