De moarnsdage, de dage, it dageljocht, it dagerea, it lemieren, de moarnsskimer of it moarnsrea is de perioade fan twiljocht fuortendaliks foarôfgeande oan sinne-opgong, dy't karakterisearre wurdt troch taljochtsjende skimer. Dêrby beskynt de sinne by de bolling fan 'e ierde lâns al wol de loft, mar fynt der noch gjin direkte beskining fan it ierdoerflak troch de sinne plak. Dit fenomeen moat net betize wurde mei de eigentlike sinne-opgong, it momint dat de sinne oer de hoarizon komt. Mei tiidwurden wurdt de moarnsdage yn it Frysk oantsjut as daagjen, kimen of sichtsjen.
Om persiis te wêzen beslacht de moarnsdage it ynterval tusken it tiidstip dat it mulpunt fan 'e sinne 18° ûnder de hoarizon stiet, oant it momint dat de sinneskiif oer de hoarizon hinne komt. Dy tiid kin opdield wurde yn trije ûnderskate perioaden:
- de astronomyske moarnsdage, wêrby't de sinne tusken 18° en 12° ûnder de hoarizon stiet;
- de nautyske moarnsdage, wêrby't de sinne tusken 12° en 6° ûnder de hoarizon stiet;
- de boargerlike moarnsdage, wêrby't de sinne minder as 6° ûnder de hoarizon stiet oant er oer de hoarizon hinne komt.
De doer fan 'e moarnsdage wurdt bepaald troch de breedtegraad fan in beskaat geografysk plak; wat tichter oft men jin by de poalen befynt, wat langer oft de moarnsdage duorret. Itselde jildt foar de jûnsskimer. Yn gebieten dy't net te krijen hawwe mei ljochtfersmoarging of in drûge lucht, is it mooglik om in soarte fan ljochtkoepel te sjen dy't him fan it easten út oer de loft útwreidet, wylst yn it westen noch stjerren waarnommen wurde kinne. Soms komt it ferskynsel foar dat yn 'e lêste healoere foar sinne-opgong, by beskate waarsomstannichheden, de loft in blauwe kleur oannimt. Dat fenomeen wurdt de 'blauwe oere' neamd. In oar skaaimerk fan 'e moarnsdage is dat nachtdieren om dy tiid hinne al wer út 'e wei gien binne, wylst deidieren noch net foar 't ljocht kommen binne. Guon bisten, benammen rôfdieren, hawwe har derop talein om spesifyk by moarnsdage en jûnsskimer te jeien. Sokke bisten wurde krepuskulêr neamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|