Leizhouskiereilân | ||
It Leizhouskiereilân (read) yn Sina. | ||
polityk | ||
soarte gebiet | skiereilân | |
lân | Sina | |
provinsje | Guangdong | |
prefektuer | Zhanjiang | |
haadplak | Zhanjiang | |
grutste plak | Zhanjiang | |
sifers | ||
ynwennertal | 6.981.000 (2020) | |
oerflak | 8.500 km² | |
befolkingstichtens | 821,3 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC +8 | |
simmertiid | gjint | |
koördinaten | 21° N 110° E |
It Leizhouskiereilân (útspr. as "lee-dzjoo"), foarhinne transliterearre as it Liuchowskiereilân, is in grut skiereilân yn súdeastlik Sina. It stiket út 'e kust fan 'e Sineeske provinsje Guangdong wei rjocht út nei it suden. De súdpunt wurdt skaat fan it grutte eilân Hainan troch de Strjitte fan Qiongzhou. Tegearre skiede it skiereilân en it eilân de iepen Súdsineeske See yn it easten fan 'e Golf fan Tonkin yn it westen. It Leizhouskiereilân hie yn 2020 in befolking fan krapoan 7 miljoen minsken, foar it meastepart etnyske Han-Sinezen dy't in foarm fan Hokkineesk sprekke.
Geografy
It Leizhouskiereilân makket diel út fan 'e kust fan 'e súdeastlike Sineeske provinsje Guangdong. It stiket frijwol rjocht nei it suden ta út de see yn, mei in bolle westkust en in holle eastkust. De lingte fan noard nei súd bedraacht likernôch 140 km, en de breedte fan east nei west is omtrint 70 km. Al mei al hat it skiereilân in oerflak fan likernôch 8.500 km². Dêrmei is it Leizhouskiereilân it op twa nei grutste skiereilân fan Sina, nei it Shandongskiereilân en it Liaodongskiereilân, allebeide yn noardeastlik Sina.
De súdpunt fan it Leizhouskiereilân wurdt skaat fan it grutte eilân Hainan troch de 30 km brede Strjitte fan Qiongzhou (útspr.: "tsj'hiong-dzjoo"), ek wol de Hainanstrjitte neamd. Tegearre skiede it skiereilân en Hainan de iepen Súdsineeske See yn it easten fan 'e Golf fan Tonkin yn it westen.
It lânskip fan it Leizhouskiereilân is foar it meastepart licht heuvelich, sadat lânbou der bedreaun wurdt op terrassen. Ek binne der flakten, rotskusten, strannen en in pear sliepende fulkanen. Foar de eastkust lizze inkele eilannen: it gruttere Donghai en it lytsere Naozhou (útspr.: "nau-dzjoo"). Oer it skiereilân rinne fan noardeast nei súd de Sineeske Nasjonale Autogongwei 207 en de Yuehai-spoarline.
Skiednis
Yn 'e tiid fan 'e iere Qing-dynasty (1644-1912) wie it Leizhouskiereilân in basis foar de Sineeske Marine. Doe't meitiid it sintrale gesach yn it Keizerryk Sina ôfbroazele, waard it skiereilân yn 'e njoggentjinde iuw in broeinêst fan seerôverij, dêr't ferneamde piraten as Zheng Yi en Wu Shi Er taholden. Yn 1898 waard de krite om wat letter de stêd Zhanjiang wurde soe, yn it noardeasten fan it skiereilân, beset troch Frankryk. De pleatslike, Leizhouneesktalige befolking naaide út doe't de Frânsen it gebiet yn besit namen en neitiid lokken de Frânsen Kantoneesktalige Sineeske boeren út 'e krite benoarden it skiereilân nei Zhanjiang ta om harren nije koloanje te werbefolkjen.
Under de namme fan Guangzhouwan (troch de Frânsen stavere as Kouang-Tchéou-Wan) waard de krite in formele konsesje fan Sina oan Frankryk. De bedoeling wie om der in soarte fan Frânsk Hongkong fan te meitsjen, en it Sineeske regear waard twongen om akkoart te gean mei in ferpachting oan Frankryk dy't 99 jier duorje soe (oant 1997). Guangzhouwan bliek lykwols folle minder lukratyf as Hongkong foar de Britten wie. De Frânsen behearsken harren lytse koloanje oant 1943, doe't de Japanners yn it ramt fan 'e Twadde Wrâldoarloch it bestjoer oernamen. Nei de befrijing krige Frankryk Guangzhouwan werom, mar yn 1946 joech it ynterimregear fan generaal Charles de Gaulle de konsesje formeel werom oan Sina. Neitiid waard Guangzhouwan omneamd ta Zhanjiang.
Bestjoer en demografy
It Leizhouskiereilân falt suver gear mei de prefektuer Zhanjiang, al falt dêr ek noch in lyts stik gebiet ûnder dat eins benoarden it eigentlik skiereilân leit. De prefektuer hie neffens gegevens fan 'e Sineeske folkstelling fan 2020 in befolking fan 6.981.000 minsken. Dy wenje foar hast in trêdepart (27%) yn 'e stêd Zhanjiang, oan 'e noardeastkust fan it skiereilân. De op ien nei grutste stêd fan it skiereilân is Leizhou, it plak yn 'e midden fan it skiereilân dêr't it gebiet nei ferneamd is, mei 279.000 ynwenners. Oare gruttere plakken binne Anpu, Lianjiang en Suixi oan 'e noardlike útein fan it skiereilân, en Xuwen oan 'e súdlike útein, dêr't de fearboat nei Hainan wei ôfset.
Etnysk sjoen bestiet de befolking fan it Leizhouskiereilân út Han-Sinezen. Se sprekke in Sinityske taal, mar foar it meastepart fan it skiereilân is dat net it Kantoneesk dat yn 'e rest fan 'e provinsje Guangdong sprutsen wurdt. Ynstee foarmje it Leizhouskiereilân en de eastliker leine kuststripe by Maoming twa eksklaves dêr't Leizhouneesk sprutsen wurdt. Dat is in dialekt fan it Hokkineesk, in foarm fan Sineesk dy't fierders yn syn fersprieding beheind is ta de Sineeske eastkust tusken Wenzhou en Shantou en de eilannen Taiwan en Hainan. Leizhouneesk wurdt troch taalkundigen ornaris as in foarm fan Súdhokkineesk beskôge, hoewol't it mar yn beheinde mjitte ûnderling fersteanber is mei oare dialekten dêrfan. De reden foar dy minne oansluting is nei alle gedachten it iuwenlange isolemint fan it Leizhouneesk middenmank in see fan Kantoneesksprekkers.
Op it skiereilân wurdt Kantoneesk inkeld sprutsen yn Zhanjiang en direkte omkriten, dêr't yn 'e njoggentjinde iuw in etnyske suvering plakfûn – sjoch de paragraaf oer skiednis. Direkt benoarden it skiereilân, yn it gebiet om 'e stêd Lianjiang hinne, wurdt wer in oare Sinityske taal sprutsen, Hakka, dy't los stiet fan sawol it Kantoneesk as it Hokkineesk.
Klimaat
It Leizhouskiereilân hat in wiet subtropysk klimaat mei koarte mylde winters en lange, tige hjitte en neare simmers. Yn jannewaris, de kâldste moanne, berint de temperatuer oerdeis trochinoar 19,7 °C, en yn july, de waarmste moanne, is it oerdeis trochinoar 32,4 °C. It skiereilân kriget yn 't jier 1.400–1.700 mm delslach. Dy komt fan sawol de kontinintale noardeastlike moesson as fan 'e maritime súdeastlike en súdwestlike moessons. Ut en troch wurdt it skiereilân ek troffen troch in tyfoan dy't út it easten of suden oer de Súdsineeske See oanrazen komt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|