Gemeente Leien
Flagge fan de gemeente Leien        Wapen fan de gemeente Leien
(Flagge fan Leien) (Wapen fan Leien)
Lokaasje fan de gemeente Leien
Provinsje Súd-Hollân
Boargemaster Henri Lenferink (PvdA)
Haadplak Leien
Oerflak
- wetter
23,16 km²
-  1,16 km²
Ynwenners 117.485
Ferkearsieren A4, A44, N11
Netnûmer 071
Postkoades 2300-2334
Offisjeel webstee www.leiden.nl
Leie fan boppe ôf besjoen

Leien[1] (Nederlânsk en offisjeel: Leiden) is in stêd en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân, mei 119.800 ynwenners[2] en mei in gebiet fan 23,16 km², wêrfan 1,16 km² wetter. Neffens ynwennertal is Leien nei Rotterdam, De Haach en Soetermar de fjirde gemeente fan Súd-Hollân. Sleutelstad ('Kaaistêd') is de bynamme fan de stêd, ferwizend nei it stêdswapen.

Leien hat de âldste universiteit fan Nederlân. Dêrneist is de stêd bekend om syn rike skiednis en de âlde binnenstêd. De binnenstêd hat in soad grêften, monumintale bouwurken en hofkes.

Nammejouwing

De namme Leien komt foar it earst foar yn in oarkonde út 1108, wêryn't Adelwino de Ledene as boarchgreve neamd wurdt. In populêre ferklearring foar de namme Leien is dat dy ôflaat wêze soe fan de âlde Romeinske delsetting Lugdunum Batavorum, mar yn werklikheid lei dy mear yn de buert fan Katwijk. In oare ferklearring is dat Leien syn namme te tanken hat oan it rivierke 'De Leyte', dy't yn de Ryn ôfwettere.[3]

Wapen en flagge

It stêdswapen fan Leien bestiet út in wyt of sulveren skyld mei twa krúste kaaien. It wapen ferwiist nei Sint Piter, de patroan fan de stêd en nammejouwer fan de grutste tsjerke yn Leien, de Pieterskerk. Petrus hie de kaaien fan de himel fan Jezus krigen.

It offisjele wapen fan Leien bestiet út in reade liuw op in festingmuorre mei de Latynske spreuk 'Haec liberatis ergo' ('dit omwille fan de frijheid'), ferwizend nei it ferset yn de Nederlânske Opstân. De linker klau fan de liuw leit op it skyld mei de twa kaaien en yn de oare hat er in sulveren swurd.

De stedsflagge bestiet út trije horizontale banen yn de kleuren read-wyt-read. Oan de kant fan de flaggestôk sit in reade sirkel mei, opnij, de twa reade kaaien út it wapen. De flagge waard yn 1949 fêststeld troch de gemeenteried.

Skiednis

De stêd ûntstie as dykdoarp oan de gearrin fan de Alde Ryn en Nije Ryn. De âldste fernijing datearret fan om en by 860, doe't it doarp Leithon neamd waard. By it doarp waard in keunstmjittige hichte opsmiten, dêr't in boarch op kaam te stean. Dy boarch wy alderearst de sit fan de lienman fan de biskop fan Utert, letter kaam dizze yn hannen fan de greve fan Hollân. De delsetting krige yn 1266 befêstiging fan de stedsrjochten, mar wierskynlik binne dy âlder. Letter yn de midsiuwen groeide de stêd út ta it grutste plak fan Hollân, ûnder oare troch de oplibjende lekkenyndustry. Yn 1389 wreide de sted yn 't suden út, dit wie nedich yn ferbân mei de groeiende befolking.

Yn de Partijtiid waard de stêd in 1420 ynnaam troch Jan sûnder Genede. Op 1 maart 1512 stoarte de hûndert meter hege toer fan de Pieterstsjerke yn, oant dat momint ien fan de heechste tuorren yn Nederlân. De toer waard nea wer boud, de tsjerke sels stiet der noch hieltyd.

Yn 1572 keas de stêd foar de side fan de opstân tsjin Spanje. As reaksje op dit beslút waard de sted belegere troch de Spaanske lânfâd Requenses, yn it jier 1574. Nei't it belegering ôfslein wie, op 3 oktober 1574, kriich it plak de Universiteit Leien kado fan Willem fan Oranje (al wurdt ek wol sein dat Willem hjir polityk/bestjoerlike redenen foar hie: der wie behoefte oan heech oplate folgelingen).

Fan ôf de 17e iuw kaam de sted ta grutte bloei, feroarsake troch flechtelingen út Flaanderen, dy't de tekstylyndustry fuortsterkten. Troch in grutte befolkingsgroei yn dizze perioade (fan 15.000 nei 70.000 ynwenners) wiene neie útwreidingen fan de stêd nedich. Dêrfoar waarden nije grêften en singels oanlein. It hjoeddeistige sintrum fan Leien, werom te kennen oan it singelpatroan, waard in 1695 foltôge.

Fan de 18e iuw ôf rekke de tekstylyndustry yn ferfal, ûnder oare troch hege leanen en proteksjonistyske maatregels fan Frankryk. Gefolch wie it omleech gean fan it tal ynwenners fan de sted: nei 30.000 yn 'e 18 iuw nei in djiptepunt fan 27.000 rûnom 1815.

It Rapenburg nei de ramp mei sjitkrût yn 1807.

Op 12 jannewaris 1807 wie de Leidse Sjitkrûtramp, wêrby't likernôch 150 minsken om kamen. Kening Loadewyk Napoleon besocht it plak fan de ramp om de help oan de slachtoffers te stypjen. In grut part fan de sted waard ferwoaste troch de ûntploffing: op it plak waard it Van der Werfpark oanlein en in laboratorium set. In deselde iuw waard Leien oansletten op it spoar: yn 1842 waard de belangrike spoarline nei Alkmaar yn gebrûk naam. Troch dat spoar bloeide Leien wer in bytsje op, mar it ynwennertal kaam oant en mei 1900 net wer boppe de 50.000. Pas rûnom 1896 breide de sted bûten de singels út.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard ek Leien swier rekke: benammen it gebiet om it Sintraal Stasjon en de Marewyk hinne waarden troch bombardeminten fernield. It histoarysk sintrum fan de sted waard sparre. Oan de Morswei stiet noch hieltiten in Dútske bunker.

It hjoeddeistige Leien is in sintrum fan wittenskip en nije techology. Dêrneist spilet ek it toerisme in wichtige rol foar de âld festingstêd.

Geografy

Leien leit yn it noarden fan de provinsje Súd-Hollân, op sa'n 45 kilometer fan Amsterdam en 18 kilometer fan De Haach. Troch Leien streamt de Âlde Ryn, dy't him oan de râne fan de stêd ôfsplist fan de Nije Ryn. Beide rivieren komme in it sintrum fan de stêd wer byinoar. Fjirder takje it Ryn-Skiekanaal en de Zijl harren ôf út Leien wei.

Districtnr.DistrictInwoners[4] Map - NL - Leiden wijk en buurtindeling (2009)
0Binnenstad zuid8.177
1Binnenstad noord14.994
2Stationsdistrict1.925
3Leiden-Noord13.327
4Roodenburgerdistrict20.226
5Bos- en gasthuisdistrict19.598
6Morsdistrict11.126
7Boerhaavedistrict4.545
8Merenwijkdistrict14.343
9Stevenshofdistrict11.546

Wetter en grien

Mei namme yn 'e binnenstêd is it wetter wichtich. Neist de Âlde en Nije Ryn hat Leien ek in soad grêften en singels. De bekendste grêft is it Rapenburg, dêr't in soad steatlike hûzen oan stean. Bûten de stêd ferbine tal fan rivierkes en kanaaltsjes de sted mei de grutte wetterplassen, sa as Vlietland, de Kagerplassen en it Valkenburgse Meer.

De singels foarmje ek in wichtige grienfoarsjenning yn de stêd: in soad parken binne op it plak fan de eardere stedswâlen kaam. Bûten it sintrum leit it Leidse Hout, in grut stedspark, en binne lytsere wykparkjes, sa as it Bosk fan Bosman en it Park Merenwijk mei bernebuorkerij.

Polityk en bestjoer

Gemeenteried

De gemeenteried fan Leien bestiet út 39 sitten. Hjirûnder de gearstelling sûnt 1994:

Gemeenteried
Partij199419982002200620102014
D6674521012
PvdA8981065
VVD897665
SP353745
CDA545544
GroenLinks566444
Stadspartij Leiden Ontzet---120
Partij voor de Dieren----11
ChristenUnie*-11211
Leefbaar Leiden--3212
Leiden Weer Gezellig-De Groenen111---
Centrum Democraten2-----
Partij van Tegenwoordig-----0
Libertarische Partij-----0
Partij Sleutelstad----00
Totaal393939393939
  • Die yn 1998 mei as kombinaasje fan RPF, GPV en de SGP.

Partnerstêden

Leien is ferbûn mei Oxford (Grut-Brittanje), Krefeld (Dútslân), Torún (Poalen), Juigalpa (Nikaragûa) en Buffalo City (Súd-Afrika).

Religy en libbensbeskôgingen

Út ûndersyk docht bliken dat rûn om 40 persint fan de ynwenners fan Leien in geloofsoertsjûgingen hat: 33% rekkent harren ta it Kristendom, 5% ta de Islam en 2% ta wat oars. Fan de befolking besiket 25 persint wol ris in tsjerke, moskee of in oare geloofsromte (wêrby moslims faker nei de moskee gean dan kristenen nei de tsjerke).

Bekende Leienaren

In soad minsken hawwe, troch dat se berne binne yn Leien, of om't se der wenne hawwe, in bân mei de stêd. De ferneamdste fan dy minsken is Rembrandt, dy't yn 1606 berne waard yn de stêd. Der binne ek oare bekende skilders yn Leien berne, sa as Jan Steen, Gerrit Dou en Frans van Mieris de Oudere.

Troch de oanwêzigens fan 'e universiteit kamen ek in soad wittenskippers nei Leien. Jin moatte tinke oan Justus Lipsius (nei wa't in fakulteit neamd is), Sebald Justinus Brugmans, Carolus Clusius, Constantijn Huygens en René Descartes. Jacobus Arminius en Franciscus Gomarus begoan harren diskusje oer predestinaasje oan de Universiteit Leien. Fjirder wienen oan de universiteit ferbûn: Herman Boerhaave, Heike Kamerlingh Onnes, Hendrik Lorentz, Pieter Zeeman, Willem Einthoven en Nicolaas Meerburgh. Yn 1920 waard Albert Einstein bysûnder heechlearaar oan de Universiteit. Fjirder hawwe in tal leden fan it Nederlânsk Keninklik Hûs yn Leien wenne en studearre.

Bysûndere plakken

In pear plakken yn de stêd mei in bysûndere skiednis binne:

De Zijlpoort, oan de eastkant fan it sintrum fan de sted.
  • De Burcht
  • It Van der Werffpark
  • De Koelitsjerke
  • It âlde stedshûs
  • Mûne De Valk

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 1068.
  2. http://statline.cbs.nl/StatWeb/publication/?DM=SLNL&PA=03759ned&D1=0-2&D2=129-132&D3=41,68,90,470&D4=24-25&VW=T
  3. Ed van der Vlist, diel 1, s. 15 fan (nl) Maanen, R.C.J. van; J.W. Marsilje (redactie), Leiden : de geschiedenis van een Hollandse stad (4 delen), Stichting Geschiedschrijving Leiden, Leieen, 2002-2004, 259 s. ISBN 9080675415.
  4. Gemeente Leiden (GBA), bevolking 1 januari 2013
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Leiden fan Wikimedia Commons.
Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Flagge fan de provinsje Súd-Hollân
Alblasserdam - Albrandswaard - Alfen oan de Ryn - Barendrecht - Boadegraven-Reeuwijk - Capelle oan de Isel - Delft - Doardt - Flaardingen - Foarne oan See - Goeree-Oerflakkee - Gorkum - Gouda - De Haach (haadstêd) - Hardinxveld-Giessendam - Hendrik-Ido-Ambacht - Hillegom - Hoekske Waard - Kaag en Braassem - Katwyk - Krimpen oan de Isel - Krimpenerwaard - Lansingerlân - Leiderdorp - Leien - Leidskendam-Foarburch - Lisse - Maasslûs - Midden-Delflân - Molelannen - Nieuwkoop - Nissewaard - Noardwyk - Oegstgeest - Papendrecht - Pijnacker-Nootdorp - Ridderkerk - Rijswijk - Rotterdam - Skiedam - Sliedrecht - Teylingen - Voorschoten - Waddinxveen - Wassenaar - Westlân - Zoetermeer - Zoeterwoude - Zuidplas - Zwijndrecht
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.