In leger is in fêst rêstplak foar yn it wyld libjende fjouwerfuottige bisten. Dêrby giet it yn it foarste plak om hazzen, mar ek beskate harten hâlde der legers op nei. In leger is oer it algemien in ûndjip dobke yn 'e ûndergrûn of yn 'e begroeiïng. It wurdt ornaris oan it each ûntlutsen troch opgeande fegetaasje. In leger wurdt soms in bytsje útgroeven, mar it kin fan in hoale ûnderskaat wurde trochdat it bist der net folslein yn ferdwine kin. Faak is it leger by 't winter djipper as simmerdeis, sadat de hazze of it hart mear besmoute wurdt tsjin 'e kâlde wyn en delslach.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.