Leed en Wille en de Flotgerzen | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | bruorren Halbertsma | |
taal | Frysk | |
foarm | ferhalebondel/dichtbondel | |
sjenre | folksliteratuer | |
1e publikaasje | 1854, Dimter | |
oarspr. útjwr. | fa. J. de Lange | |
bondel | oarspronklik: gjint no: Rimen en Teltsjes |
Leed en Wille en de Flotgerzen wie in samling koarte ferhalen en gedichten skreaun troch de Joast en Eeltsje Hiddes Halbertsma, dy't yn 1854[1] by fa. J. de Lange yn Dimter publisearre waard. It bestie eins út twa dielen: Leed en Wille, fan Eeltsje Hiddes Halbertsma, en De Flotgerzen ("yn 'e flotgerzen" is in ferâldere útdrukking foar "oan legerwâl") fan Joast Hiddes Halbertsma. Leed en Wille en de Flotgerzen wie in (los ferskynde) oanfolling op 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, en soe yn 1871 opnommen wurde yn 'e earste printinge fan Rimen en Teltsjes, dêr't it wurk fan 'e bruorren Halbertsma postúm yn sammele waard. Ta Leed en Wille en de Flotgerzen hearde û.m. it gedicht Op Anna's Dea.
Ynhâld
- In Wurdsje Foarôf (J)
- Leed en Wille (E)
- Op Anna's Dea (E)
- Oantinken oan Justus (E)
- Oan Beslinga-state (E)
- Ofskied (E)
- In Trien (E)
- Twa Berntsjes yn 't Wâld (E)
- It Liet fan in Earm Man (E)
- De Lytse Toarnbeisiker (E)
- Seemansklachte [Sierd Anes] (E)
- Bellis Pratensis (E)
- De Terp (E)
- Twa Boeren en de Skrie (E)
- De Wylde Ruter fan Dokkum (E)
- Frânske Turven en Oranjebitter (E)
- It Pelsrjucht (E)
- De Boask troch de Skoarstien (E)
- De Rimpene Doktersgong (E)
- Foarlêzinge (E)
- De Sint Piters-boask (E)
- Seemansklachte (E)
- De Langesleattemer Man (E)
- Gabe Skroar en Bysitter Goarrelt (E)
- It Jûnpraatsje fan Gabe Skroar (E)
- Njonkelytsen (E)
- Gabe Skroar en de Studint (E)
- De Skearwinkel fan Joutebaas [II] (J)
- Gabe Skroars Reis om in Wiif (E)
- De Hoanne fan de Westerein (J)
- Mostert nei de Mieltiid [I] (E)
- De Ljuwe fan de Pomp (J)
- Moster nei de Mieltiid [II] (E)
- De Skearwinkel fan Joutebaas [III] (J)
- It Ingelgereaunt op Schiermontseich (J)
- Oan Myn Stalke Freark Fontein (J)
- Yn Drachten Net Bekend (E)
- De Blide Berntsjes (E)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.