In leanan sídhe (modern Iersk: leannán sí; Skotsk-Gaelysk: leannan sìth; Manksk: lhiannan shee) is in sídhe, in froulik mytysk wêzen út 'e Gaelyske folkloare. Hja hat de foarm fan in útsûnderlik tsjeppe frou, dy't in minsklike man as minner nimt. De Aldierske namme leanan sídhe betsjut safolle as "feeëminneresse". Yn 'e regel wurdt de leanan sídhe as in type mytysk wêzen beskôge, mar soms wurdt Leanansídhe ek as eigennamme beskôge fan ien inkeld wêzen.
Neffens de sêgen soene minners fan in leanan sídhe mar koart libje, mei't de leanan sídhe as in soarte fan fampier harren libbenskrêft opsûgde, sadat se stadichoan weikwûnen. Yn ruil dêrfoar joech se harren slachtoffers ynspiraasje, sadat harren koarte libbens tige aktyf trochbrocht waarden, benammen op it mêd fan 'e skiene keunsten. Guon moderne folkloristen binne fan tinken dat de leanan sídhe oarspronklik gjin diel útmakke fan 'e Gaelyske folkloare, mar in njoggentjinde-iuwsk betinksel is, dat ta stân kaam ûnder ynfloed fan 'e Romantyk. It wie yn elts gefal de Ierske dichter William Butler Yeats dy't de myte fan 'e leanan sídhe yn syn wurk popularisearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |