Le Pont de la rivière Kwaï
algemiene gegevens
auteurPierre Boulle
taalFrânsk
foarmroman
sjenreoarlochfiksje
1e publikaasje1952, Parys
oarspr. útjwr.Éditions Julliard
kodearring
ISBN978-2 26 00 19 176

Le Pont de la rivière Kwaï is in ferneamde oarlochsroman fan 'e hân fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle (19121994). De titel betsjut "De Brêge oer de Rivier de Kwai". It boek ferhellet oer it lot fan in kloft Britske kriichsfinzenen, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch de Japanners twongen wurden om foar de beruchte Birmaspoarwei in spoarbrêge te bouwen oer de rivier de Kwai. Le Pont de la rivière Kwaï waard foar it earst publisearre yn 1952 en wûn dat jiers de Frânske Prix Sainte-Beuve. It boek betsjutte de trochbraak as skriuwer foar Boulle. It ferhaal waard wrâldferneamd troch de Ingelsktalige, mannichfâld bekroande ferfilming troch regisseur David Lean út 1957, ûnder de titel The Bridge on the River Kwai.

Histoaryske kontekst

De fierhinne fiktive plot fan Le Pont de la rivière Kwaï draait om 'e oanlis fan in spoarbrêge oer de rivier de Kwai yn it ramt fan 'e beruchte Birmaspoarwei. Dat wie in spoarline troch Súdeast-Aazje nei de westgrins fan Birma ta, dêr't yn 'e Twadde Wrâldoarloch de opmars fan it Keizerlike Japanske Leger stûke wie. It spoar wie bedoeld om foarrieden en farske troepen nei it front te ferfieren. Foar de oanlis waarden Britske, Australyske, Nijseelânske, Britsk-Yndyske, Nederlânske en Amerikaanske kriichsfinzenen ynset, dy't ôfgryslik behannele waarden en ûnder abominabele omstannichheden leadswier wurk ferrjochtsje moasten. Njonken de kriichsfinzenen ronselen de Japanners ek hûnderttûzenen Súdeastaziatyske boargers út Britsk-Malakka, Nederlânsk-Ynje, Britsk-Birma en Siam om mei te helpen, en dyselden waarden mar amper better behannele. Uteinlik kamen 16.000 Westerske kriichsfinzenen en 80.000 oant 100.000 Aziatyske twangarbeiders by de oanlis fan 'e Birmaspoarwei om it libben troch útputting, ûnderfieding, sykte en mishanneling. Auteur Pierre Boulle hie ûnder de oarloch sels yn in jappekamp sitten, dat hy koe in grut diel fan it ferhaal út eigen ûnderfining skriuwe.

Wat de plot fan Le Pont de la rivière Kwaï oangiet, der waard yndie in spoarbrêge oer in rivier boud, hoewol't dy doe net de Kwai hiet. Boulle wist dat der in brêge boud wie en hy wist dat de Birmaspoarwei deun by de rivier de Khwae lâns rûn. Hy telde dêrom it iene by it oare op en gie der (foutyf) fan út dat de Khwae de rivier wie dy't oerbrêge wie. It gie lykwols om 'e Mae Klong. Nei't de ferfilming útkaam, sieten de Tai mei it probleem fan kloften toeristen dy't de "brêge oer de Kwai" sjen woene, wylst sa'n brêge net bestie. Dat joech sneue gesichten en de Taiske ekonomy rûn in slompe jild mis. Mei typysk Taiske yngenuïteit waard dêrom mids 1960-er jierren besletten om 'e Mae Klong om te neamen ta de Khwae Yai. De brêge befynt him by Tha Ma Kham, yn westlik Tailân, 5 km fan 'e stêd Kanchanburi. Feitliks waarden der twa opienfolgjende brêgen boud, ien fan hout en ien fan stiel, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch allebeide twa jier yn gebrûk wiene foar't se ferneatige waarden by in Alliëard bombardemint út 'e loft (en dus net by in kommandomisje oer lân). De stielene brêge waard nei de oarloch reparearre en is no noch yn gebrûk.

Ynhâld

Luitenant-kolonel Nicholson fan it Britske Leger marsjearret ûnder de Twadde Wrâldoarloch mei syn kriichsfinzen nommen troepen it Japanske Kriichsfinzenekamp Nû. 16 binnen. Dat stiet ûnder befel fan kolonel Saito, dy't fan syn oerhearrigen de opdracht krigen hat om foar de oanlis fan 'e Birmaspoarwei in spoarbrêge te bouwen oer de rivier de Kwai, yn westlik Siam. Hy jout dêrom befel om Nicholson en syn mannen daliks oan it wurk te setten.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nicholson is it dêr lykwols net mei iens. Hy wiist derop dat it ûnder de Haachske Konvinsjes fan 1899 en 1907 tastien is om sljochtwei soldaten dy't kriichsfinzen nommen binne, twangarbeid ferrjochtsje te litten, mar ofsieren net. Saito stiet der lykwols op dat ek Nicholson sels en de oare ofsieren mei oanpakke sille. Nicholson wegeret, dat hy en syn ofsieren wurde troch de Japanners yn "ûnen" stoppe, lytse hutten makke fan izer, dy't fol op 'e ûngenedich delbrânende tropyske sinne steane. It docht lykwols bliken dat Nicholson him troch dy foarm fan marteling net fan syn stik bringe lit.

Fanwegen de tiidsdruk dêr't er ûnder ferkeart, rest Saito op 't lêst neat oars mear as om ta te jaan. Dêrmei wit er de meiwurking fan Nicholson te krijen, dy't fan dat stuit ôf de lieding oer de bou fan 'e brêge oernimt. De bou wurdt foar him in symboal fan profesjonalisme en persoanlike yntegriteit. Hy besiket der in sa deeglik mooglike brêge fan te meitsjen, om 'e Japanners sjen te litten wat Britsk fernuft fermei. Dêrby ferliest er alhiel út it each dat er himsels op dy manear skuldich makket oan kollaboraasje mei de fijân.

Underwilens ûntsnapt de Britske kriichsfinzene Shears út it kamp en wit nei in lange en gefaarlike reis Britsk-Seylon te berikken. Dêr wurdt er rekrutearre foar in Alliëarde kommando-ienheid, dy't yn Birma, efter de Japanske linys, dropt wurdt om 'e brêge oer de Kwai te sabotearjen. Shears-en-dy berikke it kriichsfinzenekamp krekt as de spoarbrêge ree komt. Nicholson is grutsk op syn wurk en giet safier dat er de brêge besiket te beskermjen tsjin 'e kommando-ienheid, dy't it bouwurk mei springstof opblaze wol. Sawol Shears as Nicholson komme by de konfrontaasje om, mar de brêge wurdt ferneatige.

De echte spoarbrêge oer de rivier de Kwai yn 2017. De seksjes mei bôgefoarmige sydstikken binne yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch Japan boud; de twa seksjes mei rjochthoekige sydstikken yn 'e midden, dêr't de oarspronklike brêgedielen troch Alliëarde bombardeminten ferneatige wiene, waarden nei ôfrin fan 'e oarloch troch Japan tafoege by wize fan herstelbetelling.

Historisiteit

De spesifike ynsidinten yn Le Pont de la rivière Kwaï binne fierhinne fiktyf, en hoewol't it boek it lijen fan 'e kriichsfinzenen ûnder de minne libbensomstannichheden en de mishannelings yn 'e jappekampen beskriuwt, waard dat eins troch Boulle wat behimmele, mei't de wurklikheid noch in stik slimmer wie. De echte befelfierend ofsier fan 'e Britske troepen yn it kriichsfinzenekamp by de brêge wie luitenant-kolonel Philip Toosey, dy't alhiel net op it personaazje fan Nicholson liek en gjin kollaborateur wie. Krektoarsom: troch de obstruksje fan Toosey waard de oanlis fan 'e brêge gâns fertrage. (Sa liet er syn soldaten termiten sammelje om yn it hout fan 'e brêge te yntrodusearjen en soarge er it beton net goed mongen waard.)

Nei de publikaasje fan Le Pont de la rivière Kwaï kamen der lulke reäksjes fan âld-kriichsfinzenen, dy't yn it personaazje fan Nicholson in ôfskildering fan Toosey seagen en it boek ynterpretearren as in beskuldiging fan kollaboraasje oan it adres fan Toosey. Yn 1969 lei Boulle yn in fraachpetear mei de BBC út dat it nea syn bedoeling west hie om Toosey te belasterjen en dat Nicholson net basearre wie op Toosey, mar op ferskate kollaborearjende Frânske ofsieren út Boulle syn eigen ferline.

Filmadaptaasje

Le Pont de la rivière Kwaï waard yn 1957 yn it Ingelsk ferfilme troch regisseur David Lean as The Bridge on the River Kwai. De opnamen foar dy film fûnen net plak yn Tailân, mar yn Sry Lanka. Akteur Alec Guinness spile ien fan syn bêste rollen as de troch syn eigen grutskens op 'e doele brochte luitenant-kolonel Nicholson. The Bridge on the River Kwai waard in ûnbidich súkses en wurdt tsjintwurdich beskôge as ien fan 'e bêste oarlochsfilms oer de Twadde Wrâldoarloch. De film wûn yn 1958 sân Oscars, wêrûnder de priis foar bêste film en de priis foar bêste akteur foar Guinness. Pierre Boulle wûn de Oscar foar bêste adaptearre senario (al hied er it skript foar de film net skreaun), mei't de wiere senarioskriuwers, Carl Foreman en Michael Wilson, op 'e Hollywood Blacklist stiene en eins net yn 'e filmyndustry wurkje mochten omreden fan harren fermiende kommunistyske sympatyen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.