De opwekking fan Lazarus (James Tissot)

Lazarus fan Betanië is in persoan yn it Nije Testamint. Yn it evangeelje fan Jehannes is hy de persoan dy't nei fjouwer dagen dea west te hawwen troch Jezus opwekt waard. Lazarus betsjut "God hat holpen".

De opwekking fan Lazarus

Yngong fan Lazarus grêf yn Betanië

It bibelske ferhaal fan de opwekking fan Lazarus is te finen yn haadstik 11 fan it evangeelje fan Jehannes.

Lazarus is in freon fan Jezus en de broer fan Marta en Marije. As Jezus mei syn learlingen oer de Jordaan stutsen is om't it net mear feilich is yn Judea, kriget er it berjocht dat syn freon Lazarus slim siik is. Jezus wachtet noch twa dagen en giet dan pas de reis nei Betanië oan. As Jezus by it doarp fan Lazarus oankomt, rint Lazarus syn suster Marta him al yn 'e mjitte en klaget dan dat it allegear te let is, om't har broer al earder ferstoarn is. Jezus sprekt dan de bekende wurden "Ik bin de opstanning en it libben; dy't yn My leaut, sil yn der ivichheid net stjerre". Marta andert dan dat hja leaut dat Jezus wis de Soan fan God is en rint dêrnei nei hûs ta om har suster Marije te roppen. Marije giet dan ek nei Jezus en mear joaden folgje har. Doe't Marije Him seach smiet hja har skriemend foar Jezus op de grûn. Ek de skriemende Marije seit dat Jezus earder komme moatten hie en dat no alles te let is. Jezus rekke tige oandien en frege wêr't it grêf fan Lazarus wie. By it grêf oankommen frege Jezus de stien foar it grêf wei te heljen, mar Marta makke beswier en sei dat Lazarus dêr al foar de fjirde dei lei, der soe wol ris in heislike lucht hingje kinne. "Ha ik jo net sein dat jo de gloarje fan God sjogge, as jo allinnich mar leauwe?", frege Jezus, en doe hellen se de stien der wei. Jezus die in gebed en frege dêrnei de deade Lazarus út it grêf te kommen. Doe't Lazarus yndied nei bûten kaam mei de wynsels noch om syn lichem, gebea de Heare de omstanners om him te helpen mei it losmeitsjen fan de wynsels.

In soad Joaden kamen no ta de konklúzje dat Jezus de Soan fan God, de Messias, wêze moast. Mar der wiene ek guon dy't nei de religieuze autoriteiten gyngen om te fertellen wat Jezus dien hie.

It spektakulêre wûnder makke grutte yndruk op de joaden en dat ferklearret wêrom't de yntocht fan Jezus yn Jeruzalim efkes letter mei Palmpeaske sa'n folk op de wei brocht om Jezus te priizgjen (Jehannes 12:17). It wûnder soarge lykwols ek foar oergeunst by de Fariseeërs, dy't no fêststelden dat elkenien achter Jezus oan rûn. En sa droech de opwekking fan Lazarus by oan it beslút fan Kajafas en it Sanhedrin om Jezus te deadzjen.

De tombe fan Lazarus

De ornearre tombe fan Lazarus is te finen yn al-Eizariya op de westlike kant fan de Jordaan. Oer it generaal wurdt oannomen dat al-Eizariya it bibelske Betanië is. Op it plak fan de tombe hawwe sûnt de 4 iuw meardere tsjerken stien. Nei de fal fan Jeruzalim yn 1187 waard de tsjerke boufallich en in ruïne, mar de tombe bleau. Yn de 16e iuw bouden de Ottomanen op it plak in grutte moskee foar de tsjintwurdich gruttendiels islamityske ynwenners fan it plak. In oangrinzgjende katolike Lazarustsjerke waard tusken 1952 en 1955 boud. Krekt westlik fan de tombe waard yn 1965 in Gryksk-otterdokske tsjerke boud.[1]

Tradysjes

Alhoewol't in bibelske ûnderbouwing ôfwêzich is, kenne de otterdokske en katolike tsjerken ferskillende ferhalen oer it libben fan Lazarus nei syn opwekking. Lazarus wurdt in soad yn ferbân brocht mei Syprus, wêr't Lazarus de earste biskop fan Kition west hawwe soe, it tsjintwurdige Larnaca. Neffens in katolike tradysje soe Lazarus de earste biskop fan Marseille west ha.

Syprus

De Lazarustsjerke yn Larnaca
De fermiende skedel fan Lazarus yn Marseille

Neffens de otterdokske tradysje soe Lazarus nei de opstanning fan Kristus twongen wêze te flechtsjen, om't der yn Judea plannen makke waarden om him te fermoardzjen. In oare ferzy seit dat Lazarus mei Marta en Marije troch joaden by Jaffa op in lekkende boat de see opdreaun waarden.[2]. Hy kaam yn Syprus oan en Paulus en Barnabas troffen him dêr en wiisden him oan as de earste biskop fan Kition. It amtsgewaad soe troch de jongfaam Marije sels weefd wêze. Lazarus soe nei syn opwekking nea mear lake ha fanwegen syn oantinken oan de ferdomme sielen dy't er tidens syn dea sjoen hie. Hy libbe noch mear as tritich jier op it eilân en stoar dêr foar de twadde kear.

Yn it jier 890 waard yn de krypte fan in lytse tsjerke in sarkofaach ûntdutsen mei it opskrift "Lazarus, de freon fan Kristus". De oerbliuwsels waarden yn 898 út de sarkofaach helle en nei Konstantinopel oerbrocht. Keizer Leo VI fan Byzantium liet op it plak fan de fynst as kompinsaasje foar it meinimmen fan de reliken in oan Lazarus wijde tsjerke bouwe, de tsjintwurdige haadtsjerke fan Larnaca. Frankyske krúsfarders namen dizze reliken tidens de Fjirde Krústocht dêrnei yn 1204 mei nei Marseille ta.[3]

Op 23 novimber 1972 ûntdiek men yn it ramt fan de restauraasje fan Larnaca's Lazarustsjerke ûnder ien fan de pylders fan it alter in sarkofaach. Yn de sarkofaach lei in houten kistke mei de tekt ""freon". It kistke befieme minsklike resten en oannommen wurdt dat Leo VI neffens de tradysje net alle reliken meinommen hat, mar in lyts part efter liet. Dit wurdt ek ûnderstipe troch in boarne yn de biblioteek fan Oxford, dy't berjochtet oer in otterdokske muonts út it kleaster fan Pskov, Ruslân. Dizze muonts kaam yn de 16e iuw nei Syprus om dêr de reliken fan Lazarus te ferearjen en helle wat wei foar it kleaster yn Pskov, dêr't de stikjes noch jimmeroan fereare wurde.[4]

Frankryk

Yn it westerske kristendom ûntstie yn de midsiuwen de leginde dat Lazarus, Marije en Marta troch kristenhaatsjende joaden op in skip sûnder seil en reau set wiene en as in wûnder oan lân spielden by wat hjoeddedei Saintes-Maries-de-la-Mer is. De beide susters en de broer gyngen fan dêr út harren wei om it kristendom te preekjen. Lazarus gyng nei Marseille en waard dêr de earste biskop. Tidens in kristenferfolging ûnder keizer Domitianus waard Lazarus lykwols finzen nommen en ûnthalze yn de finzenis.[5] Syn lichem waard oerbrocht nei Autun, dêr't er byset waard yn de katedraal. De ynwenners fan Marseille beweare lykwols noch altiten de holle fan Lazarus te hawwen, dy't dêr fereare wurdt.[6]

Feestdagen

  • Otterdokske tsjerke: de saterdei foar Palmpeaske
  • Katolike, Luterske en Anglikaanske Tsjerken (tegearre mei Lazarus en Marta): 29 july
  • Armeenske Tsjerke: 9 april
  • Koptyske Tsjerke: 18 oktober
  • Syrysk-Otterdokske Tsjerke: de saterdei foar Palmpeaske
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.