Laurel en Hardy of Stan en Ollie sa't se ek wol neamd waarden, wiene in Amerikaansk koartswilich duo út de earste helte fan de 20e iuw. Yn Nederlân hienen se de bynamme de Dikke en de Dunne (Frysk: de Grouwe en de Tinne).
Laurel en Hardy foarmen ien fan de populêrste komyske duo's út de filmskiednis. Beiden hiene al in solokariêre efter de rêch foar't yn 1927 harren gearwurking begûn. Yn 1926 hiene hja alris tafallich yn deselde film spile.
Earst as duo waarden hja echt ferneamd: de dikke, bazige, eigenwizeling Oliver Hardy en de meagere, skruten en naïve Stan Laurel. Beiden hiene twa lofterhannen. Sels de meast ienfâldige situaasje rûn by harren út de hân.
Yn it wiere libben wie Laurel de man mei de measte ynfloed en kreativiteit. Hja wiene masters yn it slapstick-sjenre. Tegearre makken sy tusken 1927 - 1951 106 koarte en lange films. Yn 't earstoan wiene dat stomme films (mei begelieding fan pianomuzyk), letter giene hja oer op de sprutsen film, al hiene hja dêr gjin nocht oan. Dochs like dy oergong harren gjin muoite te kostjen en sy waarden der allinnich mar populêrder fan. Hast al harren films slaggen. Yn de jierren 30 wienen hja op it hichtepunt fan ferneamdens. De koarte film The Music Box waard yn 1932 bekroane mei in Oscar foar de bêste komeedzje.
In bekende sinsnee út de films, fan Hardy tsjin Laurel, is: "Well, here's another nice mess you've gotten me into."
Ek typysk foar harren films is Oliver Hardy's camera-look: de sjogger út en troch begryplik oansjen.
Stan Laurel stoar op 23 febrewaris, 1965; Oliver Hardy op 7 augustus, 1957.
Filmografy
Sûnder de koarte films.
- Pardon Us (1931)
- Pack Up Your Troubles (1932)
- Fra Diavolo (1933)
- Sons of the Desert (1933)
- Babes in Toyland (1934)
- Bonnie Scotland (1935)
- The Bohemian Girl (1936)
- Our Relations (1936)
- Way Out West (1937)
- Swiss Miss (1938)
- Block-Heads (1938)
- The Flying Deuces (1939)
- Saps at Sea (1940)
- A Chump at Oxford (1940)
- Great Guns (1941)
- A-Haunting We Will Go (1942)
- Air Raid Wardens (1943)
- Jitterbugs (1943)
- The Dancing Masters (1943)
- The Big Noise (1944)
- Nothing But Trouble (1944)
- The Bullfighters (1945)
- Atoll K / Utopia (1951)
Keppeling om utens
- Laurel & Hardy - offisjele webstee
- Laurel & Hardy Museum yn Solingen, Dútslân
- The official Sons of the Desert website
- Laurel and Hardy Online
- The Charlie Hall Picture Archive
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Laurel and Hardy fan Wikimedia Commons. |