Laura Black | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Eva, Eva Black, Eva Bond, Eva Ivanovich, Eva Koll, Eva Kosa, Eva Unger, Eva Vanel, Grazia Neri, Julia Adams, Lydia Maerz, Virginia White | |
echte namme | Eva Balasz | |
nasjonaliteit | Roemeensk | |
berne | 20 septimber 1973 | |
berteplak | ? (Roemeenje) | |
etnisiteit | Hongaarsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1997 – 2001 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Laura Black, echte namme: Eva Balasz (20 septimber 1973), is in rêstend Roemeensk neakenmodel en pornografysk aktrise fan etnysk Hongaarsk komôf, dy't ek wol wurke hat ûnder in ferskaat oan oare artystenammen (Eva, Eva Black, Eva Bond, Eva Ivanovich, Eva Koll, Eva Kosa, Eva Unger, Eva Vanel, Grazia Neri, Julia Adams, Lydia Maerz en Virginia White). Black wie fan 1997 oant 2001 wurksum yn 'e pornoyndustry.
Libben en karriêre
Laura Black waard yn 1973 berne yn Roemeenje. Hja waard yn 1997 ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, wêrnei't hja datselde jiers noch har debút makke yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile Black ûnder har karriêre yn totaal yn 58 pornofilms, hoewol't dêrby ferskate kompilaasjefideo's by meiteld binne. Hja wurke ferskate kearen gear mei Woodman yn films dy't útbrocht waarden troch it Sweedske Private-label, lykas it gefal wie by Tatiana 1 (1997).
Dêrnjonken wie Black ek aktyf foar guon oare Jeropeeske filmstudio's, lykas it Frânske Vidéo Marc Dorcel en it Nederlânske Helen Duval Productions. Teffens wie Black ûnder har karriêre yn 't spier foar ferskate foaroansteande Amerikaanske labels, lykas Vivid Entertainment, Diabolic Video, New Sensations, Evil Angel, Anabolic Video, Sin City en VCA Pictures. Uteinlik loek hja har yn 2001 út 'e pornoyndustry werom.
Lichemsskaaimerken
Neffens har offisjele opjefte wie Laura Black ûnder har karriêre 1.78 m lang, mei in gewicht fan 57 kg, en in natuerlike kupmaat 36B.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |