Larry Flynt Publications, Inc.
It haadkantoar fan Larry Flynt Publications, oan Wiltshire Boulevard, yn Beverly Hills.
It haadkantoar fan Larry Flynt Publications, oan Wiltshire Boulevard, yn Beverly Hills.
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
typeprivaat
sektorútjouwerij, pornoyndustry
haadkertierBeverly Hills (Kalifornje)
oprjochte1976
oprjochterLarry Flynt
eignerLarry Flynt
dochtersHustler, Hustler Video,
Hustler Hollywood, Hustler Club
offisjele webside
www.larryflynt.com

Larry Flynt Publications (LFP) is in Amerikaansk sake-konglomeraat dat him benammen taleit op 'e produksje fan pornografy. It waard yn 1976 oprjochte troch de ferneamde Amerikaanske pornografyprodusint Larry Flynt, en is û.m. ferantwurdlik foar de útjefte fan it pornoblêd Hustler en foar de publikaasje fan pornografyske films fia dochterûndernimming Hustler Video. It haadkantoar fan LFP is fêstige yn Beverly Hills, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje.

Hustler

De Wikipedy hat ek in side Hustler.

Yn maart 1972 begûn Flynt mei de útjefte fan 'e Hustler Newsletter, in swart-wytpublikaasje fan fjouwer siden mei ynformaasje oer syn stripklubs. Dat bledsje waard al rillegau sa populêr ûnder syn klanten dat er it ferskillende kearen útwreide, oant er it úteinlik yn 1974, nei't syn klubs fajyt gien wiene troch de ekonomyske delgong feroarsake troch de Oaljekrisis, besleat om der in lanlik neakenblêd fan te meitsjen. Yn july 1974 kaam it earste nûmer fan Hustler út en binnen it jier hied er dêr safolle mei fertsjinne dat er al syn skulden ôfbetelje koe. Fan novimber 1974 ôf waarden yn Hustler saneamde pink-shots (foto's wêrop't de fagina's fan 'e modellen te sjen wiene) printe, wat doedestiden ta grutte kontroverse late. Twa jier letter, yn 1976, waard Larry Flynt Publications oprjochte om Hustler en de susterútjeften dêrfan yn ûnder te bringen. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentiger jierren besleat Flynt om fan Hustler, dat oant doe ta in neakenblêd west hie (mei allinne mar neakenfotografy), in pornoblêd te meitsjen (mei pornografyske ôfbyldings).

Oare tydskriften

Fan 1976 ôf ûntstiene der ferskate susterútjeften fan Hustler. Dat wiene hast allegear tydskriften dy't har taleine op in beskaat ûnderdiel fan 'e bredere merk fan sawol neakenfotografy as pornografy.

  • neakenblêden:
    • Asian Fever, mei fotorapportaazje fan Aziatyske modellen;
    • Barely Legal ("Amper Legaal", mei de wurdspiling dat bare ek "neaken" betsjut), úteinset yn 1993, in tydskrift dat fotorapportaazjes makke fan modellen fan tusken de 18 en 23 jier;
    • Hustler's Busty Beauties, úteinset yn 1988 en gauris koartwei Busty Beauties neamd, dat him spesjalisearre yn fotorapportaazjes fan modellen mei grutte boarsten;
    • Hustler's Chic Magazine, úteinset yn 1976, dat him rjochte op in sjikere kliïntêle;
    • Hustler's Leg World, dat him konsintrearre op froulju mei lange skonken (foar it manlik publyk mei in skonke-fetisj).
  • pornoblêden:
    • Hustler XXX, mei in pornografyske ynhâld (foar't Hustler sels oergie ta pornografy);
    • Hustler's Taboo, dat spesjalisearre wie yn fetisjistyske ynhâld, lykas bondaazje en skatologyske pornografy.

Njonken neaken- en pornoblêden hat LFP benammentlik yn 'e jierren njoggentich ek oare tydskriften útjûn, oer hiele oare, mainstream-ûnderwerpen, lykas Camera & Darkroom Photography (oer fotografy), PC Laptop Computers (oer laptops), Maternity Fashion & Beauty (oer moade en kosmetika foar froulju dy't yn ferwachting binne), RIP Magazine (oer heavy metal-muzyk) en Tips & Tricks (oer fideospultsjes). Tsjin 'e ein fan 'e jierren njoggentich, doe't de ferkeap fan tydskriften almar fierder yn it neigean rekke, wie LFP der op 'e tiid by om tydskriften as Hustler, Barely Legal, Busty Beauties en Asian Fever om te foarmjen ta winstjaande websiden op it ynternet.

Hustler Video

De Wikipedy hat ek in side Hustler Video.

Yn 1998 waard Hustler Video oprjochte, in pornografyske filmstudio dy't benammen bekend is om 'e parodyen fan mainstream-films en -tillefyzjesearjes. Syn grutste súkses hie de studio yn 2008 mei de film Who's Nailin' Paylin?, wêryn't de doetiidske Republikeinske fise-presidintskandidate Sarah Palin parodiëarre waard troch pornoaktrise Lisa Ann. Yn 2003 kocht Hustler Video de folle âldere studio VCA Pictures oan, dat lykwols in selsstannige tûke mei in eigen identiteit bleaun is yn it LFP-konglomeraat.

Oare aktiviteiten

Fierders hearre ta LFP ek noch de Hustler Clubs, wat in keatling fan stripclubs is, wêrfan't Flynt de earste al yn 1968 iepene. Hoewol't se yn 1974 oer de kop giene, waarden se koart nei 2000 weroprjochte. Op 't heden binne der Hustler Clubs yn seis Amerikaanske steaten en yn trije oare lannen. Yn 2000 iepene Flynt fierders it Hustler Casino, yn Gardena, in foarstêd fan Los Angeles. Dêrnjonken is LFP ek de útbater fan it keatling fan Hustler-seksshops, mei as wichtichste de Hustler Hollywood-winkel, te Los Angeles, oan Sunset Boulevard yn 'e wyk West Hollywood.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.