Lappland
Lânskip
LânFlagge fan Sweden Sweden
LânsdielNorrland
Provinsje(s)Jämtlands län
Norrbottens län
Västerbottens län
Koördinaten65° 56′ NB 16° 45′ EL
Oerflak109.702 km²
Ynwennertal91.666  (31-12-2016)
Befolkingstichtens0,84 ynwenners/km²
TiidsôneMET  (UTC+1)
SimmertiidMEST  (UTC+2)

Lappland (Frysk: Laplân) is ien fan de lânskippen (histoaryske provinsjes) fan Sweden en leit yn it noarden fan it lânsdiel Norrland. It beslacht ûngefear in kwart fan it totale oerflak fan Sweden en is dêrmei it grutste fan alle lânskippen. Yn it westen grinzget it lânskip oan Noarwegen en yn it noardeasten oan Finlân. De oangrinzgjende lânskippen binne Jämtland, Norrbotten, Västerbotten en Ångermanland.

Geografy

Lappland leit tsjin it Skandinavysk Heechlân oan en bestiet foar in grut part út heechflakte. Mear as 47 prosint fan it gebiet leit heger as 500 meter boppe seenivo. It heechste punt is de súdlike top fan Kebnekaise, de twatoppige berch dy't mei 2.111 meter ek it heechste punt fan Sweden is.

Besjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.