De Samen, foarhinne yn 'e regel bekend ûnder de lytsjachtsjende beneaming Lappen (of Laplanners), binne in lânseigen folk út it noarden fan Noarwegen, Sweden, Finlân en Ruslân. De Samen binne lang nomadysk bleaun mar yn de sechstjinde iuw hat sa'n 90% him deljûn. De Samyske talen hearre ta de Finoegryske taalfamylje. De Samen wenje yn it gebiet dat Laplân neamd wurdt.
It wurd "Lappen" wurdt de Samen as negatyf sjoen, om't it etymologysk yn it Noarsk eat as "dwaas" betsjutte soe, mooglik fanwegen de fel kleure Samyske klaaiïng. It autonym fan 'e Samen is Saami.
Ofbylden
- Samyske famylje (om 1900)
- Samyske man yn tradisjonele klaaiïng
- Samische familie in traditionele klederdracht
- Man mei rindier
- Skuon fan rindierlear
- Samyske moffen
Keppeling om utens
- Wikiwurdboek-side - Samen
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.