Langsweagen
Emblemen
               
Polityk
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Opsterlân
Sifers
Ynwennertal1.055 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak13,17 km², wêrfan:
- lân: 13,08
- wetter: 0,08 km²
Befolkingsticht.80 ynw./km²
Oar
Koördinaten53° 58' N 6° 00' E
Offisjele webside
Side Langsweagen
Kaart
Langsweagen (Fryslân)
Langsweagen

Langsweagen is in doarp yn it west fan de gemeente Opsterlân, súdwest fan De Gordyk. It doarp hat likernôch 1050 ynwenners (2022).

Langsweagen leit yn it feanûntginningsgebiet en is fanâlds in lintdoarp oan de dyk fan It Hearrenfean nei De Gordyk. It doarp leit op de grins fan sân- en feangrûn. Bewesten en besuden Langsweagen is der in iepen lânskip en eastlik en noardlik hat it lânskip in sletten karakter. Sweach betsjut greidlân. De buorren by de tsjerke út 1781 hjit 't Hou.

Ek de nei de famylje Wijngaarden ferneamde buorskip De Wyngaerden falt ûnder Langsweagen. Oant Jonkerslân yn 1988 in selsstannich doarp waard, hearden ek Fûgelsang en Jonkerslân as buorskippen by Langsweagen.

Langsweagen hat 1.055 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

Koarte skiednis

De namme Langsweagen ferwiist nei de lizzing fan de grûnen: lange stikken lân (sweagen) rûnen eartiids fan it rivierke de Alde Ie yn it noarden oant foarby de Skoatterlânske Kompanjonsfeart yn it suden. De lange sweagen binne werom te finen yn de doarpsflagge en it wapen, symbolisearre troch de griene banen en in klaver yn it wapen. Nei ± 1550 waard troch de Heeren Compagnie út It Hearrenfean wei útein set mei it ôfgraven fan heechfean en waard de Skoatterlânske Kompanjonsfeart mei al syn wiken groeven om turf nei Hollân te ferfieren. De haadwei rûn east-west, fan It Hearrenfean oer Lúkswâld en Langsweagen nei De Gordyk. Dy Hegedyk wie tagelyk nei beide siden de wetterkearing. Benoarden dy Hegedyk ûntstienen nei de ferfeanting grutte wetterplassen. Troch de oanlis fan polderdiken waarden de drûchmakke polders geskikt makke foar boulân en greiden. In twadde ferbiningswei wie it wat heger lizzende 'Boppepaad’ fan Sechtjinroeden oant foarby Bontebok. Dêroan moatte in fjirtichtal pleatsen stien hawwe.

Mattéustsjerke

De tsjerke fan Langsweagen waard eartiids wijd oan Sint-Mattéüs. Oarspronklik hongen der twa klokken yn in klokkestoel, mar nei de nijbou fan de tsjerke yn 1782 binne de klokken yn de tsjerketoer ophong. Njonken de tsjerke stiet de konsistoarje mei in fraaie trepgevel. De tsjerketoer hat in wynwizer yn de foarm fan in hynderke.

It yn 1902 oprjochte molkfabryk ferlear nei de konsintraasje yn de jierren 1960 syn funksje en waard sluten. It gebou wurdt no bewenne en der sit in bedriuw yn. Foar de ôffier fan de produsearre tsiis waard gebrûk makke fan de tram. Yn 1880 waard de NTM (Nederlandsche Tramweg Maatschappij) oprjochte en sûnt krige Fryslân in net fan tramlinen. Oant 1948 ried der ek in tram troch Langsweagen.

Fral nei de oarloch krige it doarp oan de noardlike kant nijbou.

Mienskip

De Beam fan Langsweagen

Sûnt 1902 hat it doarp in Pleatslik Belang en sûnt oktober 2009 hat Langsweagen ek in eigen doarpshûs. It doarp hat in sportpark mei de sportseal 't Paradyske. De doarpsfeesten wurde begjin septimber holden.

Foar de sân yn Langsweagen berne slachtoffers fan de Twadde Wrâldkriich en de polisjonele aksjes yn Ynje is oan de Tsjerkestrjitte yn 2020 in plaquette mei dêrop de nammen ûntbleate.[3]

Tsjerke

De Wikipedy hat ek in side Mattéustsjerke (Langsweagen).

De Mattéustsjerke is it tsjerkegebou fan de PKN-gemeente Langsweagen-Jonkerslân-Lúkswâld.

Konsistoarje

Skoalle

  • De basisskoalle It Aventoer yn Langsweagen is tagelyk de skoalle foar Jonkerslân en Lúkswâld.

(Yn it ramt fan de fúzje yn 2022 fan de earder aparte iepenbiere basisskoallen De Wjukslach yn Langsweagen en De Hoekstien yn Lúkswâld waard yn itselde jier útein set mei it plannen fan nijbou oan De Boenders oan de noardlike kant fan Langsweagen).[4].

Tsjerkeleane

Ferienings

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Aktiviteiten

Yn de moanne septimber wurde de Floraliafeesten organisearre. Alle jierren wurdt de prestaasjeloop "8 fan Langsweagen" organisearre.

Befolkingsferrin

Jier1840195419591964196919732006
Ynwenners956123511291102110010801000
Jier20152020
Ynwenners10741035

(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2015 en 2020: Alle Cijfers)

Berne

Ferskaat

In 2007 waard Langsweagen lanlik bekend mei't it Nederlânske team by it EK ûnder de -21 op sportpark 't Paradyske treende.

Strjitten

Alde Ie, Boerestreek, De Finne, 't Hou, De Klamp, De Plasse, Hegedyk, Jister, Klidze Rjocht, Lang Ein, Lytse Wyngaarden, Paradys, 't Skeane Ein, Skoalplein, Spant, Tsjerkeleane.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Opsterlân
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.