Langedike | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Eaststellingwerf | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 325 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 4,76 km² | |
Befolkingsticht. | 67 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 52° 57' N 6° 16' E | |
Lokaasje Langedike (grien) yn 'e gemeente Eaststellingwerf | ||
Offisjele webside | ||
langedijke.nl | ||
Kaart | ||
Langedike is in doarp yn de gemeente Eaststellingwerf, tusken Easterwâlde en it Drintsk-Fryske Wâld.
Langedike hat 325 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
Langedike is in âld lintdoarp en fierwei it lytste doarp fan Eaststellingwerf. Om it jier 1500 hinne wurdt it doarp fermeld as in parochy dy't by it dekanaat Drinte hearde. Unbekend is oan wa't de tsjerke wijd wie, mar om 1830 hinne waard de âlde tsjerke fanwegen brekfalligens ôfbrutsen. Yn 'e klokkestoel op it tsjerkhôf hinget noch in tige âlde klok, dy't neffens it goatyske râneskrift mooglik yn 1300 getten is. Langedike hie earder in klokkestoel mei twa klokken, mar ien waard yn 1855 ferkocht om dêr in nije klokkestoel fan te bouwen. Nei de reformaasje waard de tsjerklike gemeente fan Langedike mei dy fan Makkingea gearfoege.
Neffens guon hat der by Langedike in kleaster west fan de premonstratinzerske oarder, dat Lux Mundi (Ljocht fan 'e Wrâld) hiet. It kleaster soe yn 'e sândunen stien ha en om 1400 hinne troch de oerlêst fan it sân in oar hinnekommen socht ha. Op de Schotanuskaart wurdt it kleaster yn 1718 as Vernietigd klooster oanjûn.[3] Ek de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1788 neamde it kleaster en skreau doe dat noch net lang lyn der noch resten fan wiene.[4] De namme kleasterwei tusken Terwisscha en Elslo ferwiist nei dat kleaster.
It doarp hat altiten lyts west. Yn 1640 stienen der tolve stimgerjochtigde pleatsen. Dy pleatsen stiene allegear oan de wei foar it ynterlokale ferkear dy't it doarp midstwa snie en fan Appelskea wei oer Terwisscha nei Easterwâlde rûn. Yn it suden rûn it paad út op de sândunen fan Appelskea, dêr 't letter bosken oanlein binne. Op de gritenijkaart yn de Eekhoff-atlas (1849) steane in tsiental boerepleatsen.
Likernôch 700 meter eastlik fan de wei lei neffens de Schotanuskaart fan 1718 paralel noch in streek tusken Boekhorst ûnder Easterwâlde en Terwisscha by Appelskea, dy't ek by Langedike hearde.[5] Tusken dy twa streken yn is in ferbiningswei oanlein, de Stokdyk, wêroan't yn 1864 de skoalle boud is en trije jier letter ek it skoallehûs.
De Tegenwoordige Staat van Friesland neamde Langedike yn 1788: een klein Dorpje aan den rydweg van Makkinga naar Appelsche, waaronder maar 12 stemmen behooren; ‘Kerkje zonder toren staat ten Westen van dien rydweg, en verder Zuidwaards vindt men eenige boeren huizen, in ‘t geboomte aan de Bouwlanden, loopende tot digt aan Appelsche.
Healwei de Stokdyk hat der nei de oarloch sprake west fan in soarte fan komfoarming. Oan de Weidedyk kaam dêr de nije en yn 2015 sletten skoalle en ek it doarpshûs. By it krúspunt fan de Klokhuisdijk en de Stokdyk is ek wat konsintraasje, mar foar it oare bestean de streken fan Langedike noch altyd út in frijwat losse bebouwing
Mienskip
It doarpshûs Oons Dörpshuus is it middelpunt fan 'e doarpsmienskip. De doarpskrante De Klokkestoel ferskynt alle moannen, útsein july en augustus. Ienris yn 'e trije jier wurdt it doarpsfeest holden. It doarp hat in sportfjild, in jeu-de-boulesbaan en in beweechfjild.
Ferienings
|
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan û.o. de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)
Skoalle
It doarp hat gjin basisskoalle mear. De iepenbiere basisskoalle De Stam krige yn 1989 noch nijbou oan De Weidedyk, mar waard yn 2015 fanwegen te min learlingen sletten en ferboud ta wenten.
Befolkingsferrin
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2004 | 2009 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 700 | 255 | 213 | 193 | 176 | 158 | 290 | 303 | 281 | 300 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: Gemeente Eaststellingwerf - Gemeentegids 2009-2010; 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Strjitten
- Haardyk - hege sânkoppen waarden eartiids yn Eaststellingwerf "haeren" neamd.
- Iegepoeledyk - âlde doarpsnamme
- Klokhúsdyk - nei it klokhûs (klokkestoel) dat no noch op it begraafplak stiet. Hjiryn hinget nei alle gedachten ien fan de âldste klokken fan Europa, it fermoeden is dat dizze belle al yn it jier 1300 jitten is.
- Steenmaatsdyk - Oer it "Kleine Diep" leit de steenmaatstille
- Stokdyk - namme bestie al yn de 19e iuw.
- Weidedyk - âlde behuzing dy't neffens de kaart fan Eekhof út 1849 op itselde stee stien hat.
Publikaasje(s)
- Historische Commissie van Langedijke "Te midden van de velden: het verleden van Langedijke".
Sjoch ek
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Eaststellingwerf | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldeberkeap • Appelskea • Donkerbroek • Easterwâlde • Elslo • De Fochtel • De Haule • Haulerwyk • Langedike • Makkingea • Nijeberkeap • Ravenswâld • Waskemar | ||
Buorskippen: Aakingea • Alde Willem (foar in part) • Bekhof • Bentemaden • Boekhorst • Boppefjild • Bûteheidefjild • Buttingea • Deddingabuert • Ellebooch • Egypte • Feanebuorren • Feanekoaten • Frankryk • Hegeduerswâld • It Hegesân • Janssenstifting • Kanada • Klazingea • Kninebuert • De Knolle • De Kolannen • Koudenburch • Legeduerswâld • Medhuzen • De Monden (foar in part) • Moskou (foar in part) • Nanninga • Nije Feart • Petersburch (foar in part) • Prandingea • De Riete • Rolpeal • Skottelenburch • Skrappingea • Súdhoarne • Terwisscha • Trije Tolhikken • Tronde • Twitel • De Weper • Weperpolder • Willemstêd | ||
wizigje |