De Lange Anna.

De Lange Anna is in 47 m hege frijsteande rots of brâningspylder fan reade sânstien, op 'e uterste noardwestlike hoeke fan it Noardfryske eilân Hilgelân, yn 'e Dútske Bocht. Foarhinne wie er ek wol bekend ûnder de nammen Hengst of Mönch, mar syn echte pleatslike namme is Nathurn Stak ("Noardlike Staach"). It is net tastien om 'e Lange Anna te beklimmen, mar toeristen meie der fan 'e oanbuorjende kliffen fan it Boppelân nei sjen, wat in protte dan ek dogge, want de Lange Anna is ien fan 'e grutte besjenswurdichheden op Hilgelân.

Men rûst dat de Lange Anna 25.000 ton swier is en in oerflak fan 180 m² hat. Der briede ferskate seefûgelsoarten op; benammentlik skoeten en winterkobben, mar sûnt in pear jier ek ginten. Yn 1969 waard de Lange Anna troch de Dútske oerheid ta natoermonumint ferklearre. Klaas Bruinsma, dy't benammentlik bekend is fan syn oersettings fan 'e klassiken nei it Frysk, hat yn 1997 in gedicht skreaun oer de Lange Anna, mei as titel By it Sjen fan de Lange Anna (publ. yn De Fleanende Krie, sept. 1997).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.