Lammert Wiersma
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte nammeLambert Wiersma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne11 desimber 1881
berteplakSkiermûntseach (doarp)
   (Skiermûntseach)
stoarn1 novimber 1980
stjerplakSkiermûntseach (doarp)
   (Skiermûntseach)
etnisiteit Frysk
wurk
taalSkiermûntseagersk, Nederlânsk
sjenrelit. romans & koarte ferhalen,
poëzij, berneboeken
perioademidden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Us Memmetael: Sangen fan
   de Lytje Pole

Yn Myn Thúshafen
jierren aktyf19211980
offisjele webside
n.f.t.

Lammert Wiersma (eins: Lambert Wiersma; Skiermûntseach, 11 desimber 1881 – dêre, 1 novimber 1980) wie Frysk dichter en skriuwer, dy't poëzij skreau yn syn memmetaal, it Skiermûntseagerske dialekt. Hy wie in tiidgenoat fan û.o. Pita Grilk en Douwe Fokkema sr., en publisearre ek yn it Nederlânsk oer it eilân Skiermûntseach en oer de skipfeart.

Libben en wurk

Wiersma brocht syn bernetiid troch op Skiermûntseach, dêr't er yn 1881 te wrâld kaam as soan fan 'e seekaptein Jan Lammerts Wiersma en dy syn frou Theunke Wiebes de Wilde. As fyftjinjierrige jonge ferfear er yn 1897 mei syn âlderlik húshâlden nei Amsterdam ta. Krekt as syn heit keas er, nei de oplieding oan 'e seefeartskoalle folge te hawwen, foar in bestean as seeman. Nei syn houlik ferlei er syn wurkpaad, en wied er adjunkt kommys en direkteur fan it loadswêzen yn ferskate havenplakken, wêrûnder Den Helder en Rotterdam. Uteinlik kearde er yn 1969 foar syn lêste alve jier werom nei Skiermûntseach, dêr't er by it gesin fan dochter ynloek.

Gedicht fan Lammert Wiersma oer it begraafplak Vredenhof op Skiermûntseach, in ûnderdiel fan 'e Taalrûte dêre.

Wiersma begûn yn 'e earste helte fan 'e jierren tweintich fan 'e tweintichste iuw yn Den Helder mei it skriuwen fan Nederlânsktalige boeken en ferhalen. Syn earste publikaasje wie in berneboek, Willem van den Lichtwachter (1921). Dêrnei folgen Vervuld, foar it Dorus Rijkersfonds, Het Eiland Schiermonnikoog (1938), Uit de Zeiltijd (1940) en Tussen Noordzee en Wad (1947). Pas doe't er al aardich op jierren wie, om 'e tiid hinne dat er mei pinsjoen gie, sette Wiersma útein mei te dichtsjen yn syn memmetaal, it Skiermûntseagersk. Der ferskynden sa'n acht dichtbondels mei fersen yn it eilândialekt fan syn hân. Yn syn gedichten ferhearlike er de natoer, de taal en kultuer en it ienfâldige libben op Skiermûntseach, sa't him dat noch bystie út syn jonkheid. Ek joech er utering oan syn religieuze (kristlike) gefoelens, bgl. yn 'e bondel Herfsttridden (1962).

Sân fan Wiersma syn gedichten waarden yn 2010 op stiennen yn 'e Taalrûte fan Skiermûntseach ferivige. Dy gedichten geane oer John Eric Banck, in njoggentjinde-iuwske eigener fan Skiermûntseach en de stifter fan 'e nei him ferneamde Banckpolder, en fierders oer de seedyk, de dunen, de fjoertoer, it begraafplak Vredenhof en oer it doarp.[1] Wiersma ferstoar op 1 novimber 1980 yn 'e âldens fan 98 jier op syn thúseilân. Hy waard dêr ek begroeven, op woansdei 5 novimber.

Wurk

proaza en non-fiksje
  • 1921 – Willem van den Lichtwachter (berneboek)
  • 19?? – Vervuld
  • 1938 – Het Eiland Schiermonnikoog
  • 1940 – Uit de Zeiltijd
  • 1947 – Tussen Noordzee en Wad
  • 1979 – Het Eiland Schiermonnikoog (by Utjouwerij At-See, Allum; werútjefte fan 'e yn 1938 yn Rotterdam ferskynde publikaasje)
poëzij
  • 1950 – Us Memmetael: Sangen fan de Lytje Pole (by Utjouwerij Fedde Dykstra, Ljouwert)
  • 1960 – Herfsttridden (by Utjouwerij Osinga, Boalsert)
  • 1961 – Wintergriën (by Utjouwerij Osinga, Boalsert)
  • 1962 – Saunkêlen (by Utjouwerij Osinga, Boalsert)
  • 1964 – Wylde Blome (by Utjouwerij Osinga, Boalsert)
  • 1966 – Myn Latst Bestek (by Utjouwerij Osinga, Boalsert)
  • 1973 – Yn Myn Thúshafen: Gedichten yn de Taal fan it Eilaun Schiermonnikeich (by de Fryske Akademy, Ljouwert)
  • 1979 – Schierdicht: Eiland-geda(i)chten (by Utjouwerij At-See, Allum; gearstald troch Ad. C. de Haan)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. Taalroute Schiermonnikoog (útjûn troch de Kultuerhistoaryske Feriening 't Heer en Feer).

boarnen:


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.