Lady Like
algemiene ynformaasje
artystIngrid Andress
taalIngelsk
sjenrecountry
útbrocht27 maart 2020
opnommen2019
doer26:32
labelWarner Nashville
produsintIngrid Andress, Sam Ellis,
Jordan Schmidt, AJ Pruis,
Jesse Thomas, Rabitt
resultaten
albumlisten: nû. 9 yn Top Country Albums
: nû. 4 yn UK Country Albums
albumgronology fan Ingrid Andress
 Lady Like
(2020)
 Good Person
(2022)

Lady Like (Ingelsk foar "As in Dame") is it earste studio-album fan 'e Amerikaanske countrysjongster Ingrid Andress, dat op 27 maart 2020 útbrocht waard by platemaatskippij Warner Nashville.

Ynhâld

Andress wie sels mei-skriuwster fan alle lieten op it album en mei-produsinte fan it album sels. De lead-single is More Hearts Than Mine, hoewol't dat nûmer yn 'e spyllist fan it album op plak 6 stiet. More Hearts Than Mine, dat yn septimber 2019 al in goud waard, kaam yn july 2019 út as single en wie de bêst prestearjende debútsingle fan in froulike artyst op 'e Amerikaanske Country Airplay-hitlist yn 2019.

Untfangst

Marlo Ashley fan it tydskrift Exclaim! joech Lady Like in 7 op in skaal fan 1 oant 10, hoewol't er dêrby oantekene dat it album "audityf ôfwykt fan 'e country-popnoarm". Hy skreau ek dat "de lyryske oprjochtens fan Andress" in "sentiminteel perspektyf" oan it album tafoeget, dat de harker "útnûget om te lústerjen nei wat bûtengewoans".

Spyllist

nû. titel skriuwers doer opmerkings
1. Bad Advice Ingrid Andress, Derrick Southerland, Jamie Moore 3:27
2. Both Andress, Southerland, Jordan Schmidt 3:23
3. We're Not Friends Andress, Southerland, AJ Pruis, Nate Cyphert 3:12
4. The Stranger Andress, Ryan Lafferty 3:11
5. Anything but Love Andress, Jamie Floyd, Zach Abend 3:32
6. More Hearts Than Mine Andress, Sam Ellis, Southerland 3:34 single 2019; (goud)
7. Life of the Party Andress, Jason Yik Nam Wu, Jesse Thomas 2:56
8. Lady Like Andress, Southerland, Ellis 3:14

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.