Ladogamar
De Ladogamar makket diel út fan it Wite-Seekanaal.
De Ladogamar makket diel út fan it Wite-Seekanaal.
geografy
type wettermar
lokaasjenoardeastlik Jeropa
lân Ruslân
koördinaten61°00′N 31°30′E
sifers
maks. lingte219 km
maks. breedte138 km
oerflak17.700 km²
djiptegemiddelde51 m
djipste punt230 m
wetterfolume837 km³
kaart
Ladogamar (Jeropeesk Ruslân)
Ladogamar
Lokaasje fan 'e Ladogamar yn Jeropeesk Ruslân.

De Ladogamar (Russysk: Ладожское Озеро, Ladožskoje Ozjero, útspr.: ['ladəʂskəjə 'ozʲɪrə]; Finsk: Laatokka; Karelysk: Luadogu; Wepsysk: Ladoganjärv), is in grut binnenwetter dat yn it noardwesten fan it Jeropeeske diel fan Ruslân leit, yn it binnenlân noardeastlik fan 'e eastpunt fan 'e Finske Golf. It is de grutste mar fan Jeropa, mei in oerflak fan 17.700 km². Op 'e ranglist fan 'e grutste marren fan 'e wrâld nimt it it 14de plak yn. It djiptegemiddelde is 51 m, mei in djipste punt op 230 m ûnder it wetteroerflak. Op it breedste punt mjit dit wetter 138 km (fan west nei east), en op it langste punt 219 km (fan noard nei súd).

Geografy

De Ladogamar wurdt oan 'e noardkant omsletten troch de autonome republyk Kareelje en oan 'e súdkant troch de provinsje Leningrad. Tusken 1919 en 1940 lei de mar op 'e grins fan Finlân en de Sovjet-Uny, mar nei de Winteroarloch (of Twadde Finsk-Russyske Oarloch) fan 1939-1940 moasten de Finnen (ûnder mear) de noardwest- en noardkust fan 'e mar opjaan en waard de grins opskood nei it westen ta. Yn it súdwesten rikt de Ladogamar suver oan 'e eastlike bûtenwiken fan 'e stêd Sint-Petersburch ta. Yn it westen wurdt dit binnenwetter skaat fan 'e Finske Golf, dat in earm fan 'e Eastsee is, troch de Karelyske Lâningte. Oan 'e eastkant skiedt in bredere lâningte it fan in oar grut binnenwetter, de Onegamar.

De noardlike kust fan 'e Ladogamar.

Yn 'e Ladogamar lizze likernôch 660 lytse eilantsjes, wêrûnder de Valaam-arsjipel, Kilpola en Konevets. Foar it meastepart binne dy yn it noardwestlike part fan 'e mar sitewearre. De Ladogamar wurdt fet troch de rivieren de Svir, de Volchov en de Vuoksi, en wetteret ôf fia de rivier de Njeva, dy't te Sint-Petersburch útmûnet yn 'e Finske Golf. De Ladogamar is befarber, en makket ûnderdiel út fan it Wite-Seekanaal, dat de Eastsee ferbynt mei de Wite See, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Noardlike Iissee. It Ladogakanaal, dat súdlik fan 'e mar oanlein is, ferbynt de rivieren de Njeva en Svir sûnder dat binnenfeartskippen wat feitliks in lytse binnensee is, hoege oer te stekken.

Fiskerij

Der sit hiel wat fisk yn 'e Ladogamar, fan 48 ûnderskate soarten, wêrûnder foarn, brazem, snoekbears, bears, poask en spjirring. Inkeld wurdt der ek de bedrige steur noch waarnommen. De kommersjele fiskerij wie dan foarhinne ek altyd in wichtige boarne fan ynkomsten foar de doarpen en stedsjes dy't oan 'e marsigge leine, oant der tusken 1945 en 1954 fanwegen de krapte fuort nei de Twadde Wrâldoarloch slimme oerbefisking plakfûn, mei as gefolch dat de fiskstân ynstoarte. Sadwaande is de fiskerij sûnt 1956 oan strange regels bûn. Tsjin 'e santiger jierren liek de fiskstân fierhinne wer bekommen te wêzen, mar de beheinings fan 'e fiskerij binne noch altyd fan krêft. Yn 'e mar libbet fierders in lânseigen ûndersoarte fan 'e ringelrob, dy't de Ladogaseehûn neamd wurdt.

De Ladogamar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.