Lacey Chabert
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeLacey Nicole Chabert
nasjonaliteit Amerikaansk
berne30 septimber 1982
berteplakPurvis (Mississippy)
etnisiteit Frânsk
Ingelsk
Italjaansk
Cajun
Sisyljaansk
Skotsk
jierren aktyf1987 – no
offisjele webside
www.thereallacy.com

Lacey Chabert (folút: Lacey Nicole Chabert; Purvis (Mississippy), 30 septimber 1982) is in Amerikaansk aktrise, dy't mei tolve jier al ynternasjonale bekendheid krige mei har rol as Claudia Salinger yn 'e dramasearje Party of Five. Dêrnjonken is se bekend út films as Lost in Space, Not Another Teen Movie, Daddy Day Care en Mean Girls, en fan har wurk as stimaktrise.

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Lacey Chabert waard yn 1982 berne yn Purvis, yn 'e súdlike Amerikaanske steat Mississippy, as ien fan 'e fjouwer bern yn it gesin fan Tony Chabert, in ûnderhâldsmonteur by in ierdoaljemaatskippij, en dy syn frou Julie Johnson. Har heit is in Frânsktalige Cajun út súdlik Louisiana, dy't ek Sisyljaansk en Ingelsk bloed hat, wylst har mem fan Ingelsk, Skotsk en yn 'e fierte fan Italjaansk komôf is. Chabert hat twa âldere susters en in jongere broer.

Aktearkarriêre

As bern wie Chabert al aktyf as aktrise, en ien fan har earste wichtige rollen ferfolle se yn 1992 en 1993 yn 'e Broadwayproduksje fan Les Misérables as Cosette. Nei't se yn 1990 al foar it earst yn in tillefyzjesearje te sjen west hie, briek se yn 1994, doe't se tolve jier wie, troch mei har rol as Claudia Salinger yn 'e dramarige Party of Five. Dy searje, mei û.o. Neve Campbell en Jennifer Love Hewitt yn 'e oare haadrollen, gie oer it wol en wee fan in gesin besteande út fiif bruorren en susters fan wa't de âlden by in ferkearsûngemak om it libben kommen binne. Party of Five rûn oant en mei 2000. Chabert wûn foar har rol as Claudia Salinger yn 1999 in Young Artist Award en waard yn 1995, 1996 en 1997 foar dyselde priis nominearre.

Har debút as filmaktrise makke Chabert yn 1998 as Penny Robinson yn 'e science fiction-skriller Lost in Space, mei û.o. William Hurt, Mimi Rogers, Heather Graham en Matt LeBlanc. Fierders spile Chabert û.m. Amanda Becker yn Not Another Teen Movie (2001), Jenny yn Daddy Day Care (2003) en Gretchen Wieners yn Mean Girls (2004). Datselde jiers fertolke hja ek de titelrol yn 'e tillefyzjefilm The Brooke Ellison Story, oer it wierbarde ferhaal fan in frou dy't ferlamme wie oan alle fjouwer lidden, mar dy't dochs withoefolle obstakels wist te oerwinnen om ôfstudearje te kinnen oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard. Yn 2006 spile Chabert yn 'e remake fan 'e klassike splatterhorrorfilm Black Christmas.

Njonken rollen yn minder bekende films en gastrollen yn tillefyzjesearjes wurke Chabert fierders in protte as stimaktrise, te begjinnen mei it personaazje Eliza Thornberry yn 'e tekenfilmsearje The Wild Thornberrys, fan 1998 oant 2004. Ek liende se har stim oan dochter Meg Griffin yn it earste seizoen fan 'e tekenfilmsearje Family Guy (1999), wêrnei't Mila Kunis dy rol oernaam om't Chabert it net mear ynpasse koe tusken har oare aktearjen en har skoalwurk. Fierders spile Chabert ek prinsesse Elise yn it fideospultsje Sonic the Hedgehog (2006), en Gwen Stacy yn 'e tekenfilmsearje The Spectacular Spider-Man (2008-2009). Fan 2011 oant 2016 spile se Dani Burns en ferskate oare rollen yn 'e tekenfillmsearje Transformers: Rescue Bots.

Yn 2013 en 2014 hie Chabert in weromkearende rol yn 'e komeedzjesearje Baby Daddy as dokter Amy Shaw. Fan 2016 ôf spile se fierders yn mear as tritich romantyske tillefyzjefilms foar it Amerikaanske Hallmark Channel, wêrûnder de krystfilm A Royal Christmas, mei û.o. Jane Seymour. The New York Post en oare media hawwe Chabert dêrom wol oantsjut as de 'Keninginne fan Hallmark-krystfilms'. Yn in fraachpetear mei E! sei Chabert: "ien fan 'e dingen dy't ik sa moai fyn oan [it wurkjen foar Hallmark] is dat [de films] garandearre in happy end hawwe. […] Ik wol leauwe, mei de wrâld sa't dy hjoed de dei is, bin ik tige grutsk om diel út te meitsjen fan in projekt dat in bytsje leafde en ljocht en lichthertigens […] tafoeget."

Ien fan Chabert har earste Hallmark-films wie it súksesfolle A Christmas Melody, wêryn't se û.o. sjongster Mariah Carey as tsjinspylster hie. Yn 2017 wurke Chabert as stimaktrise mei oan 'e tekenfilm All I Want for Christmas Is You, dy't basearre wie op it boek mei deselde namme dat skreaun wie troch Mariah Carey en Colleen Madden. Dêrby wurke se fannijs gear mei Carey, dy't ek as stimaktrise by de tekenfilm belutsen wie.

Lacey Chabert yn 2019.

Yn 2019 krige Chabert in rol yn 'e Crossword Mysteries-searje op it tillefyzjekanaal Hallmark Movies & Mysteries. Yn 2022 ferlieten ferskate fêste Hallmark-akteurs it Hallmark Channel om oer te stappen nei it nije tillefyzjenetwurk Great American Family, dat him op deselde doelgroep rjochtet. Chabert spriek lykwols yn it iepenbier har stipe foar it Hallmark Channel út en se tekene in nij kontrakt dat har in gruttere rol binnen it netwurk joech. Sa soe se tenei guon fan har eigen tillefyzjefilms produsearje.

Oare wurkmêden

Yn septimber 2022 brocht Chabert har eigen moadekolleksje út, de Lacey Chabert Collection, fia it thúswinkelnetwurk HSN. De kolleksje omfieme jekken, joggingbroeken, leggings, sokken, jurken en truien, allegear foar betelbere prizen fan tusken de $15 en de $80. Yn in fraachpetear mei InStyle sei Chabert dat se der altyd fan dreamd hie om in eigen moadekolleksje te hawwen.

Priveelibben

Chabert wennet yn súdlik Kalifornje, dêr't se yn 1994 mei har âlden, broer en susters hinne ferfearn is foar har rol yn Party of Five. Yn jannewaris 2007 en nochris yn novimber 2013 stie se op 'e omslach fan it manljusblêd Maxim. Op 22 desimber 2013 troude Chabert yn Los Angeles mei har freon David Nehdar, mei't wa't se al jierrenlang in relaasje hie. Yn septimber 2016 befoel se fan harren dochter Julia.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
1991A Little Piece of HeavenPrincess alias "Hazel"tillefyzjefilm
nom. Young Artist Award foar bêste jonge aktrise ûnder de 10
1991Reading Rainbowharselsas stimaktrise; gastrol; ôfl. Snowy Day: Stories and Poems
1992–1993All My ChildrenBianca Montgomeryweromkearende rol; 2 ôfl.
1993GypsyBaby Junetillefyzjefilm
1994–2000Party of FiveClaudia Salingerfêste rol; 142 ôfl.
wûn Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in dramasearje (1999)
3× nom. Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in dramasearje (1995–1997)
1996ABC Afterschool SpecialsCarly Gallaghergastrol; ôfl. Educating Mom
1996Gargoyles: The Goliath ChroniclesKimas stimaktrise; gastrol; 1 ôfl.
1996Gargoyles: The Goliath ChroniclesBobbi Porteras stimaktrise; gastrol; 1 ôfl.
1996Aaahh!!! Real Monstersferskate rollenas stimaktrise; weromkearende rol; 3 ôfl.
1997The Adventures from the Book of Virtuesde jongste dochteras stimaktrise; gastrol; ôfl. Respect
1997When Secrets KillJenny Newhalltillefyzjefilm
1997Hey Arnold!Ruth P. McDougalas stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl.
1998Stories from My ChildhoodJennygastrol; ôfl. The Last Petal
1998HerculesCallistaas stimaktrise; gastrol; ôfl. Hercules and the Kids
1998–2004The Wild ThornberrysEliza Thornberry
ferskate oare rollen
as stimaktrise; fêste rol; 90 ôfl.
1999–2000Family GuyMeg Griffinas stimaktrise; fêste rol; 12 ôfl.
2001The Wild Thornberrys: The Origin of DonnieEliza Thornberryas stimaktrise; tillefyzjefilm
2002The Proud Familyferskate rollenas stimaktrise; gastrol; ôfl. Romeo Must Wed
2002Strong MedicineMarygastrol; ôfl. Heartbeat
2002The Drew Carey ShowGracegastrol; ôfl. Drew's Girl Friday
2003Stuart Little: The Animated SeriesKatyas stimaktrise; gastrol; ôfl. Skateboard Dogz
2003Punk'dharselsslachtoffer; ôfl. #1.4
2004The Brooke Ellison StoryBrooke Ellisontillefyzjefilm
2005American Dragon: Jake LongJasmineas stimaktrise; gastrol; ôfl. Dragon Breath
2005Super Robot Monkey Team Hyperforce Go!Surthannaas stimaktrise; gastrol; ôfl. Girl Trouble
2005–2006BratzKayceeas stimaktrise; fêste rol; 17 ôfl.
2006She Said/He Saidûnbekendtillefyzjefilm
2006Hello Sister, Goodbye LifeOliviatillefyzjefilm
2006Ghost WhispererDonna Ellisgastrol; ôfl. Love Still Won't Die
2007Me, Eloise!Idaas stimaktrise; gastrol; ôfl. Eloise Goes Hollywood (Part 1)
2007What If God Were the Sun?Jamie Spagnolettitillefyzjefilm
2008Untitled Liz Meriwether ProjectLiz Meriwethertillefyzjefilm
2008–2009The Spectacular Spider-ManGwen Stacyas stimaktrise; fêste rol; 25 ôfl.
2009The LostJanetillefyzjefilm
2009Glenn Martin, DDSAmish-famkesas stimaktrise; gastrol; ôfl. Amish Anguish
2010Elevator GirlLiberty Taylortillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2011Mike DA MustangAngeltillefyzjefilm
2011Allen GregoryBethas stimaktrise; weromkearende rol; 6 ôfl.
2011–2012Generator RexJojo
ferskate oare rollen
as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl.
2011–2012, 2018Family GuyJan Bradyas stimaktrise; weromkearende rol; 3 ôfl.
2011–2016Young JusticeZatanna Zatara
ferskate oare rollen
as stimaktrise; fêste rol; 18 ôfl.
2011–2013
2019–2022
Transformers: Rescue BotsDani Burns
ferskate oare rollen
as stimaktrise; fêste rol; 104 ôfl.
2012Doc McStuffinsGabby the Giraffeas stimaktrise; gastrol; ôfl. Arcade Escapade/Starry, Starry Night
2012Imaginary FriendEmmatillefyzjefilm
2012The Avengers: Earth's Mightiest HeroesDaisy Johnson / Quakeas stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl.
2012Matchmaker SantaMelanietillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2013Off Season: Lex Morrison StorySally Summerstillefyzjefilm
2013ScarecrowKristentillefyzjefilm
2013Non-StopAmy Nightingaletillefyzjefilm
2013–2014Baby Daddydokter Amy Shawweromkearende rol; 6 ôfl.
2013–2015Robot ChickenEliza Thornberry
ferskate oare rollen
as stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl.
2014The Color of RainGina Kelltillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2014A Royal ChristmasEmily Taylortillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2014The Tree That Saved ChristmasMolly Logantillefyzjefilm foar UP TV
2014Living the DreamJenna Harristillefyzjefilm
2015All of My HeartJenny Fintleytillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2015Family for ChristmasHanna Dunbartillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2015A Christmas MelodyKristin Parsontillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2015Family FortuneNicholetillefyzjefilm
2016TeachersGinnygastrol; ôfl. Jacob
2016Still the KingLaura Bethweromkearende rol; 4 ôfl.
2016Kulipari: An Army of FrogsCoorah
Thuma
as stimaktrise; fêste rol; 13 ôfl.
2016A Wish for ChristmasSara Thomastillefyzjefilm foar it Hallmark Channel; ek ko-útfierend produsinte
2016 & 2019The Lion GuardVitanias stimaktrise; weromkearende rol; 2 ôfl.
2016–2017Justice League ActionZatanna Zataraas stimaktrise; weromkearende rol; 5 ôfl.
2016–2018Voltron: Legendary DefenderNyma
Romelle
Te-osh
as stimaktrise; weromkearende rol; 4 ôfl.
2016–2020Shimmer and ShineZeta de Tsjoensteras stimaktrise; fêste rol; 22 ôfl.
2017Moonlight in VermontFiona Rangleytillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2017All of My Heart: Inn LoveJenny Fintleytillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2017The Sweetest ChristmasKylie Watsontillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2018My Secret ValentineChloe Grangetillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2018Love on SafariKira Slatertillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2018All of My Heart: The WeddingJenny Fintleytillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2018Pride, Prejudice and MistletoeDarcy Fitzwilliamtillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2019Love, Romance & ChocolateEmma Colvintillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2019The Crossword Mysteries: A Puzzle to Die ForTess Harpertillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2019The Crossword Mysteries: Proposing MurderTess Harpertillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2019Christmas In RomeAngela de Lucatillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2019Kung Fu Panda: The Paws of Destinypandamem
Xiao
ferskate oare stimmen  
as stimaktrise; weromkearende rol; 10 ôfl.
2020Winter in VailChelsea Whitmoretillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2020The Crossword Mysteries: AbracadaverTess Harpertillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2020Christmas WaltzAverytillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2020Time for Us to Come Home for ChristmasSarah Thomastillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2021The Crossword Mysteries: Terminal DescentTess Harpertillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2021Crossword Mysteries: Riddle Me DeadTess Harpertillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2021Sweet CarolinaJosie Wildertillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2021Christmas at Castle HartBrooke Bennetttillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2021Harriet the SpyMarion Hawthorneas stimaktrise; minysearje foar Apple+
2022The Wedding VeilAvery Morrisontillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2022The Wedding Veil: UnveiledAvery Morrisontillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2022The Wedding Veil: LegacyAvery Morrisontillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2022GroundswellEmmatillefyzjefilm foar Hallmark Movies & Mysteries
2022Haul Out the HollyEmilytillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
2023The Wedding Veil: ExpectationsAvery Hastingstillefyzjefilm foar it Hallmark Channel
films
1997Journey Beneath the SeaMerlaas stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
1997Redux Riding HoodReadkapkeas stimaktrise; koarte film
1997Babes in ToylandJillas stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
1997Anastasiade jonge Anastasiaas stimaktrise (sjongen)
1998Lost in SpacePenny Robinsonnom. Young Artist Award foar bêste jonge aktrise yn in film
1998The Lion King II: Simba's Pridede jonge Vitanias stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
1998An American Tail: The Treasure of Manhattan IslandTanyaas stimaktrise
1999An American Tail: The Mystery of the Night MonsterTanyaas stimaktrise
1999We Wish You a Merry ChristmasCindyas stimaktrise
2001TartEloise Logan
2001Not Another Teen MovieAmanda Becker
2002Hometown LegendRachel Sawyer
2002Balto II: Wolf QuestAleuas stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
2002Snow DogsLytse Aleutiaas stimaktrise
2002The Scoundrel's WifeFlorida Picou
2002The Wild Thornberrys MovieEliza Thornberryas stimaktrise
2003Daddy Day CareJenny
2003Rugrats Go WildEliza Thornberryas stimaktrise
2004On Tracy Lane: Back to MaybeLeading Ladykoarte film
2004Mean GirlsGretchen Wienerswûn MTV Movie Award foar bêste team op it wite doek
(mei Lindsay Lohan, Rachel McAdams en Amanda Seyfried)
2004Shadows of FearAllison Henderson
2005Dirty DeedsMeg Cummings
2006High HopesCindy
2006FatwaNoa Goldman
2006A New WaveJulie
2006Bratz: Genie MagicKayceedirekt-op-fideo útbrocht
2006The Pleasure DriversFaruza
2006Choose Your Own Adventure: The Abominable SnowmanCrista Northdirekt-op-fideo útbrocht
2006Bratz: Passion 4 Fashion – DiamondzKayceedirekt-op-fideo útbrocht
2006Black ChristmasDana Mathis
2007Be My BabyTiffany
2007Being Michael MadsenVanessa Rapaport
2008Sherman's WayMarcy
2008Reach for MeSarah
2009Ghosts of Girlfriends PastSandra
2010In My SleepBecky
2010ThirstNoelle Edwardsdirekt-op-fideo útbrocht; ek útfierend produsinte
2010Quantum Quest: A Cassini Space OdysseyJeannaas stimaktrise
2011Destruction PartyAvakoarte film
2011A Holiday HeistJennifer
2012Beverly Hills Chihuahua 3: Viva La Fiesta!Charlotteas stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
2013Sanitariumfrou Lornesegmint Monsters are Real
2013Slightly Single in L.A.Dale Squire
2013Scooby-Doo! Mecha Mutt MenaceMelanie Staplesas stimaktrise; koarte film
2013Anything Is PossibleMaggie
2014Telling of the ShoesAbby
2014Ghost of Goodnight LaneDani
2014Christian MingleGwyneth Hayden
2016Ginger & SnapperGingerkoarte film
2016The Lost TreeJenna Lynds
2017All I Want for Christmas Is YouPenelopeas stimaktrise; direkt-op-fideo útbrocht
2018Do YouJanekoarte film
fideospultsjes
2001Nicktoons RacingEliza Thornberryas stimaktrise
2002Nickelodeon Party BlastEliza Thornberryas stimaktrise
2003Rugrats Go Wild!Eliza Thornberryas stimaktrise
2005Bratz: Rock AngelzKayceeas stimaktrise
2006Sonic the Hedgehogprinsesse Eliseas stimaktrise
2011Star Wars: The Old RepublicMakoas stimaktrise
2013Star Wars: The Old Republic – Rise of the Hutt CartelMakoas stimaktrise
2013Injustice: Gods Among UsZatanna Zataraas stimaktrise
2013Young Justice: LegacyZatanna Zatara
LexCorp Bot
toeriste
as stimaktrise
2014Star Wars: The Old Republic – Shadow of RevanMakoas stimaktrise
2015Infinite CrisisZatanna Zataraas stimaktrise
2015Star Wars: The Old Republic – Knights of the Fallen Empire  Makoas stimaktrise
2022Nickelodeon Extreme TennisEliza Thornberryas stimaktrise

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.