Lizzing Midden Drinte
Lokaasje Laaghalerveen

Laaghalerveen is in buorskip yn de provinsje Drinte, hearrend ta de gemeente Midden-Drinte. De buorskip leit súdwestlik fan Assen tusken de provinsjale wei N371 en de rykswei A28. De buorskip Laaghalerveen makket diel út fan it doarp Hooghalen en is ûntstien as ferfeantingsgebiet foar dit doarp oan de Laaghaler kant. Laaghalerveen wurdt omsluten troch de natoerterreinen Hijkerveld yn it suden, Smildigerveen yn it westen, Witterveld yn it noarden en Laaghalerveld yn it easten. Dizze natoerterreinen rinne fia ekologyske ferbiningssônes yn inoar oer. It buorskip hat yn 2008 noch 5 lânboubedriuwen en 2 campings, it Drintsk kertiertke (rjochte op groepen en solexferhier) en de duorsume camping anneks galery Thyencamp (ekologysk en klimaatneutraal kampearjen).

Skiednis

Yn 1997(?) kaam it hjoeddeiske militêre oefenterrein. Troch de komst dêrfan wienen in soad boeren mei pleatsen needsake om te ferhúzjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Midden-Drinte
Doarpen:
BalingeBeilenBoppesmildeDrijberElpGarmingeHijkenHoogersmildeHooghalenMantinge • Nij-Balinge • OranjeOrvelteSmildeSpierSwiggelteWesterborkWijster • Witteveen
Buorskippen:
Alting • BeilerfeartBrunstingBruntinge • De Polle • Eursing • Eursinge • Hijkersmilde • Holthe • Klatering • Laaghalen • LaaghalerveenLieving • Lievingerveld • Makkum • Norgerfeart (foar in part)Oosthalen • Rheeveld • Smalbroek • Ter Horst • Súdfjild
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.