Pastorale Symfony | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | La Symphonie Pastorale | |
auteur | André Gide | |
taal | Frânsk | |
foarm | roman | |
1e publikaasje | 1919, Parys | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Pastorale Symfony | |
publikaasje | 1963, Drachten | |
útjouwer | Drukkerij Laverman N.V. | |
oersetter | Hendrik Karel Schippers |
Pastorale Symfony, yn it oarspronklike Frânsk: La Symphonie Pastorale, is in roman fan 'e hân fan 'e Frânske skriuwer, essayist en Nobelpriiswinner André Gide (1869-1951). It ferhaal giet oer in troud dûmny dy't in blyn weesfamke yn 'e hûs hellet en dan fereale op har wurdt. Hoewol't syn gefoelens foar har foar eltsenien út syn om-en-by sa klear as de dei binne, wegeret er se sels te erkennen. It tema fan it boek is blinens. It weesfamke is fansels fysyk blyn, mar de dûmny is blyn foar syn eigen gefoelens en foar syn hâlden en dragen dat út dy gefoelens fuortfloeit. De titel ferwiist nei de Sechsde Symfony fan Beethoven, dy't ek wol de "Pastorale Symfony" neamd wurdt, en dêr't de dûmny it weesfamke mei nei ta nimt. Teffens ferwiist er nei de symfony tusken de beide haadpersoanen, dy't idyllysk is oant de wierheid úteinlik oan it ljocht komt. La Symphonie Pastorale waard foar it earst publisearre yn 1919, en waard yn 1946 ferfilme troch regisseur Jean Delannoy. De Fryske oersetting, fan Hendrik Karel Schippers, ferskynde yn 1963.
Ynhâld
In protestantske Frânske dûmny beslút in blyn weesfamke yn har tinerjierren yn syn gesin op te nimmen. Syn dochter Charlotte neamt har "Gertrude", en hoewol't dat net har eigentlike namme is, bliuwt er stykjen en neamt in elk har fan dat stuit ôf sa. Stadichoan begjint de dûmny almar mear tiid oan Gertrude te besteegjen. Syn frou Amélie begjint in tsjinnichheid by it fanke te krijen, mei't har man allinne mar mei har ompopket en harren eigen fiif bern ferwaarleazget. Se besiket him safier te krijen dat er ynsjocht dat syn wiere gefoelens foar Gertrude net de gefoelens fan in heit foar syn dochter binne, mar dy fan in frijer foar syn leafste. Gide lit har fermogen om dat te "sjen" kontrastearje mei de dûmny syn eigen "blinens" op dat mêd.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun. As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Sels mient de dûmny dat er inkeld út heitige gefoelens hannelet, en Gertrude út religieuze omtinkens, mei't er as predikant de Bibel tige serieus nimt, har besiket te behoedzjen foar sûnden. Om't de dûmny it sintrale figuer is yn Gertrude har beheinde wrâld, mient se dat se fereale op him is. De dûmny beäntwurdet har leafde sa heal en heal, en hy is tige oergeunstich as it op har oankomt; as syn âldste soan Jacques, dy't fan Gertrude har jierren is en smoarfereale op har rekke is, freget om mei har trouwe te meien, stegeret er de jonge sûnder mear ôf.
Uteinlik wurdt Gertrude operearre oan 'e eagen, en it slagget de dokters en jou har har gesichtsfermogen werom. No't se sjen kin, beseft se ynienen dat de wrâld der hiel oars hinne leit as dat se earder miende. De dûmny, dy't se har as in soarte fan dreamprins foarsteld hie, blykt in âldman te wêzen. En de jonge Jacques, oan wa't se foarhinne gjin omtinken skonken hie, liket mear op wat se fan syn heit ferwachte hie. Hja rekket alhiel oerstjoer, en yn wanhope besiket se harsels tekoart te dwaan troch yn in rivier te springen. Mar se wurdt rêden, al skipet se kjeld en kriget se in slimmen longûntstekking. Koart foar't se dêroan stjert, fertelt se de dûmny dat er net is wat se fan him tocht hie, en dat er Jacques har hân net wegerje moatten hie.
Fryske oersetting
La Symphonie Pastorale waard yn 1963 ûnder de titel Pastorale Symfony yn it Frysk oerset troch Hendrik Karel Schippers (1893-1971). Dy 112 siden tellende fertaling waard útbrocht by Drukkerij Laverman N.V. te Drachten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |