LTO Noard
LTO Noord
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org.belangeferiening
wurkjouwersorganisaasje
wurkmêdlân- en túnbou
haadkertierSwol (Oerisel)
oprjochte2005
fuortk. útGLTO, NLTO, WLTO
tal leden25.000
aktyf ynNederlân benoarden
   de Grutte Rivieren
offisjele webside
www.ltonoord.nl

LTO Noard (Nederlânsk en offisjeel: LTO Noord) is in Nederlânske regionale ûndernimmers- en wurkjouwersorganisaasje foar de agraryske sektor en de túnbou.[1] De belangeferiening is aktyf yn 'e njoggen provinsjes benoarden de Grutte Rivieren.[1] Mei it LLTB en de ZLTO is LTO Noard ien fan 'e trije regionale dielorganisaasjes fan LTO Nederlân.[2] It haadkantoar fan LTO Noard is fêstige yn Swol.[1] Yn Fryslân ûnderhâldt de organisaasje in regiokantoar yn Drachten.[3]

Skiednis

LTO Noard kaam yn 2005 fuort út in fúzje fan 'e Noardlike Lân- en Túnbou-organisaasje (NLTO), út Drinte, Flevolân, Fryslân en Grinslân, mei de Westlike Lân- en Túnbou Organisaasje (WLTO) fan Noard- en Súd-Hollân en de Gewestlike Lân- en Túnbou-organsaasje (GLTO) fan Utert, Gelderlân en Oerisel.[3]

Aktiviteiten

LTO Noard hat goed 25.000 leden,[1] dy't direkt of yndirekt by de agraryske sektor belutsen binne.[1] Dêrmei fertsjintwurdiget LTO Noard binnen LTO Nederlân likernôch twatrêde part fan sawol it ledetal as fan 'e produksjewearde fan 'e oansletten agraryske bedriuwen.[1] Yn Fryslân telde LTO Noard yn 2016 23 pleatslike ôfdielings.[3] LTO Noard wol as belangebehertiger fan 'e agraryske sektor yn 'e noardlike helte fan Nederlân in skeakel wêze tusken syn leden oan 'e iene kant en de oerheid, de maatskippij en de it bedriuwslibben oan 'e oare kant.[1] Leden ûnfange de 'edysje Noard' fan it tydskrift Nieuwe Oogst.[3]

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 5 6 7 Ynformaasje fan 'e webside fan LTO Noard.
  2. Ynformaasje fan 'e webside fan LTO Nederlân
  3. 1 2 3 4 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 1732..
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.