Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018
It logo fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.
It logo fan it projekt Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018.
plak en tiid
lân Nederlân
Malta
plakLjouwert
Valletta
holden ynferskate lokaasjes
datumhiele jier 2018
bysûnderheden
soarte evenemintkultureel
offisjele webside
www.2018.nl

Ljouwert wie Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018. Dit evenemint, dat in fol jier duorre, waard ek wol oantsjut as LF2018 (Ljouwert/Fryslân2018). De Fryske haadstêd dielde de titel fan Kulturele Haadstêd fan Jeropa mei Valletta, de haadstêd fan Malta. It tema fan Ljouwert as Kulturele Haadstêd wie 'iepen mienskip'.[1] Hoewol't der foarôf in protte krityk wie, ferstomde dy geandewei it jier foar in grut part.[2] Hichtpunten wiene û.m. de rige toanielfoarstellings Under de Toer, de Keatswike yn Frjentsjer, de Tall Ships' Races yn Harns, de Reuzen yn Ljouwert en it hynsteteäterspektakel De Stormruiter.[2] Besikers joegen LF 2018 oan 'e ein fan it jier it rapportsifer 7,2 op in skaal fan 1 oant 10.[2]

Nominaasjeproses

It idee foar LF2018 kaam fan 'e eardere deputearre Jannewietske de Vries.[3] Op har inisjatyf stelde oarspronklik de Provinsje Fryslân as gehiel him kandidaat foar Kulturele Haadsted 2018, mar doe't bliken die dat it beslist om in stêd gean moast, waard Ljouwert nei foarren ta skood.[1] Dat state lykwols yn 't earstoan by de gemeenteried fan 'e gemeente Ljouwert en by de ynwenners fan 'e stêd op beswieren, om't der doe krekt op kultuer koarte wie en it sintrum foar de keunsten Parnas fuortbesunige wie.[1] Yngripen troch boargemaster Ferd Crone brocht lykwols útkomst foar it Kulturele Haadstêdsprojekt, dat ûnder lieding fan 'e yn 2017 ferstoarne gemeente-amtner Jocco Eijssen pleatst waard, dy't yn 2013 opfolge waard troch Oeds Westerhof.[3]

Neigeraden dat it nominaasjeproses fierder gie, ûntstie der lykwols stadichoan in beskaat entûsjasme yn Ljouwert.[1] Behalven Ljouwert hiene har noch fjouwer Nederlânske stêden kandidaat steld. Yn 'e earste omgong foelen De Haach en Utert ôf, sadat Ljouwert it yn 'e finale opnimme moast tsjin Eindhoven en Maastricht.[1] Earder hiene noch mar twa Nederlânske stêden har 'Kulturele Haadstêd fan Jeropa' neame mocht, te witten Amsterdam, yn 1987, en Rotterdam, yn 2001. It liek de measte waarnimmers ûnwierskynlik ta dat in provinsjestedsje as Ljouwert yn dy rige oanslute kinne soe.[3] In ynternasjonale sjuery dy't de wediverjende Nederlânske stêden besocht en yngeand de foarstelde draaiboeken foar it evenemint ûnder de lûp naam,[1] wie lykwols yn 2012, yn 'e earste omgong, yn Ljouwert djip ûnder de yndruk rekke fan 'e net nei te folgjen foardracht fan it gedicht De Stêd, troch de bline dichter Tsjêbbe Hettinga. Ljouwert bewissige him dêrmei fan in plak yn 'e twadde omgong, en hoewol't Hettinga it sels net mear belibje mocht, kaam sjongster Nynke Laverman doe de sjuery op 'e nij mei dat gedicht op it moed.[3]

Op 6 septimber 2013 waard yn it gebou Felix Meritis, te Amsterdam, de úteinlike kar fan 'e sjuery bekendmakke.[1] Ta ferheardens fan 'e measte waarnimmers, en ta ferbjustering fan 'e fertsjintwurdigers fan Eindhoven en Maastricht, foel dy kar op Ljouwert. It byld fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma en deputearre Jannewietske de Vries, dy't inoar fuort dêrnei út blydskip yn 'e earmen foelen, waard neitiid noch faak sjen litten. Wylst de ferliezers teloarsteld op hûs oan giene, waard doe op 'e Westertoer de Fryske flagge útstutsen.[3]

Tarieding en organisaasje

De tarieding fan LF2018 gie nei de oerwinning yn it nominaasjeproses mei faasje fan start. Foar de organisaasje waarden benammen net-Friezen oanlutsen, om "in frije, ûnbelêstge blik op stêd en provinsje te bewissigjen."[3] De saaklike lieding kaam yn 'e hannen fan 'e Gelderlanner Ton F. van Dijk, wylst foar de artistike lieding de Flaming Lieven Bertels frege waard. Dy beiden kamen oan it haad te stean fan in groep fan sa'n tweintich meiwurkers, dy't se sels útkieze koene. De organisaasje krige as útfalsbasis de Blokhúspoarte.[3] Daliks waard 'de mienskip' oproppen om inisjativen yn te tsjinjen foar it projekt, mar op dat punt begûnen de earste swierrichheden. It waard nammentlik al rillegau dúdlik dat lang net alle yntsjinne inisjativen yn it projekt opnommen wurde kinne soene. Boppedat wriek him de breklike kommunikaasje fan 'e organisaasje nei bûten ta trochdat de yntsjinners fan 'e inisjativen oer it algemien har plannen ferwachten te bekostigjen mei jild dat se fan 'e organisaasje krije soene, wylst it de bedoeling wie dat de inisjatyfnimmers sels foar jild soargje soene.[3]

In fierdere grutte tsjinslach kaam yn septimber 2015, doe't Van Dijk him fanwegen sykte weromlûke moast. Dêrop waard troch de ried fan tafersjoch, ûnder lieding fan Wiebe Wieling, oan Bertels behalven de artistike ek de saaklike lieding oer it projekt tabetroud.[3] Bertels miste lykwols as bûtensteander de stipe fan immen út Fryslân, sa't er sels yn july 2017 oanjoech, mei't 'de mienskip' dochs net sa maklik te oertsjûgjen bliek as dat men blykber ferwachte hie. Underwilens hied er al mei súkses yn 'e Feriene Steaten nei in baan mei mear prestiizje sollisitearre. Sadwaande sette er mei stille tomme ôf, om daliks opfolge te wurden troch Tjeerd van Bekkum, dy't foar de lieding oer LF2018 syn amt as boargemaster fan Smellingerlân opjoech. Dizze stuolledûns wie foar de bûtenwacht min út te lizzen, ek al ûntpopte Van Bekkum himsels as in súksesfol krisismanager.[3]

De eardere Fryske deputearre Jannewietske de Vries, de 'geastlik mem' fan it LF2018-projekt.

Krityk foarôf

De kar foar Ljouwert as Kulturele Haadstêd hat oanhâldend ûnderwerp fan krityk west, ûnder mear fanwegen de hege kosten en it feit dat de Fryske bestjoerders de lêste desennia los fan dit projekt mar in bytsje jild yn 'e Fryske kultuer en natoer stutsen hawwe soene.[4][5] It tema 'iepen mienskip' hat ek foar in protte opskuor soarge,[6] net yn it lêste plak troch krityk fan Ton F. van Dijk, nota bene de eardere projektlieder fan it Kulturele-Haadstêdevenemint.[7] Ek it feit dat frijwol it hiele projekt en de organisaasje derfan troch lju fan bûten Fryslân dien waarden, late ta in soad ferûntweardiging.[8][9] Kabaretier Jan Jaap van der Wal, berne yn Ljouwert, neamde it projekt "dramatysk", de organisaasje "faach" en de plannen "gelul".[10][11]

Fierders wie der noch it projekt Eleven Fountains ("Alve Fonteinen"), wêrby't alle alve Fryske stêden in eigen fontein krigen (of opkrongen waard) as ûnderdiel fan it Kulturele-Haadstêdevenemint. Ek dêr kaam in protte krityk op,[4][6] ek yn 'e lanlike media.[12][13] Weromkearende striidpunten yn 'e diskusje oer dizze fonteinen wie it brekme oan draachflak yn 'e mienskip, de pleatsing pontifikaal yn lytse wenkearnen as Sleat, Starum en Hylpen, en it feit dat de mienskip opdraaie moat foar de kosten fan in fontein dêr't net om frege is.[4][9][13][14][15] Mids jannewaris 2018 drigen bewenners fan 'e Ljouwerter wyk Wielenpôle om 'e oansteande iepening fan LF2018 te fersteuren mei in demonstraasje as de Gemeente Ljouwert net mei harren yn petear gean woe oer de fraach wat de gemeente foar harren wyk dwaan soe. It frustrearre de Wielenpôlsters nammentlik dat der hûnderttûzenen euro's útjûn waarden oan in "kultureel festijn", wylst de gemeente syn earmste wyk yn 'e kjeld stean liet. Boargemaster Ferd Crone sei daliks ta mei de Wielenpôlsters prate te wollen, wêrmei't it gefaar fan in demonstraasje weinommen waard.[16]

Oare wederwarichheden foarôf

Op 17 jannewaris 2018, noch foàr de iepeningsseremoanje fan it projekt, berjochte de organisaasje fan Kulturele Haadstêd 2018 dat de promoasje fan it evenemint "no al in súkses" wie. Dêrby bliek it benammen om promoasje yn it bûtenlân te gean. Wurdfierder Oeds Westerhof sei dy deis by in petear mei in delegaasje fan 'e Twadde Keamer dat men foarôf ien miljoen Dútsers berikke wollen hie, mar dat dat no al slagge wie mei trije miljoen. Oare lannen dêr't de organisaasje fan KH2018 him by de promoasje op konsintrearre, wiene Flaanderen, it Feriene Keninkryk en Japan.[17] Trije dagen letter, op 20 jannewaris makke de Stifting Slachtemaraton lykwols bekend dat de spesjale edysje fan 'e Slachtemaraton, dy't yn it ramt fan KH2018 mei oanpaste rûte pland wie, net trochgie. De reden dêrfoar wie dat har fierstente min dielnimmers oanmeld hiene: foar it folle, twadeistich parkoers 3.500 en foar de iendeisrûte mar 2.000 (ta ferliking: oan 'e Slachtemaraton fan 2016 diene 13.500 minsken mei). Mei sa'n bytsje rinders leanne it de muoite net om troch te gean mei it evenemint, dat foar de frijwilligers fan 'e organisaasje in bealchfol wurk opsmite soe.[18]

Iepening

Valletta

V18 (it susterprojekt fan LF2018) waard yn Valletta op sneontejûn 20 jannewaris iepene mei in grut opset feest mei in protte akrobatyk en fjoerwurk. Der kamen 80.000 minsken op ôf dy't op fjouwer pleinen yn 'e stêd in spektakulêr program te sjen krigen mei reuseftige sirkusacts en moderne dûns. Fierders waard yn in grutte fideoprojeksje op 'e gevel fan 'e Herberge fan Kastylje (Berġa ta' Kastilja), de residinsje fan 'e premier fan Malta, de skiednis fan it lân foar it fuotljocht brocht. Fertsjintwurdigers fan LF2018, wêrûnder bestjoerder Wiebe Wieling en direkteur Tjeerd van Bekkum, wiene ûnder de yndruk, mar seagen ek dingen, benammen op it mêd fan crowd management, dy't yn Nederlân nea kinne soene. Sa slingeren akrobaten tsientallen meters boppe it publyk oan in kraan, en soarge de opstelling fan brassbands hjir en dêr foar flessehalzen mei gedrang ta gefolch. It meast ymposante ûnderdiel fan 'e iepening fan V18 wie de foarstelling Rise of the Tritons, mei as mulpunt de foar dit projekt folslein restaurearre Tritonfontein, fuort bûten de Stedspoarte fan Valletta.[19]

Ljouwert

De iepening fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa yn Ljouwert fûn plak op 'e jûn fan sneon 27 jannewaris, persiis in wike nei de iepening fan V18 yn Valletta.[20] De jûns tefoaren waard dêr al in foarskot op nommen, doe't yn doarpen en stêden yn hiel Fryslân de saneamde 'Waarme Winterjûnenocht' holden waard, wêrby't oeral museä, teäters, bibleteken en partikulieren har doarren iepenen foar publyk. De belangstellenden waarden ûnthelle op libbens-, reis-, doarps- en spûkferhalen. Yn De Hoeve, dat him 'Kultureel Haaddoarp 2018' neame mei, gie dat mank mei it ôfstekken fan fjoerwurk en in grut freugdefjoer dêr't Aïda út ferriisde.[21]

Dichter Tsjêbbe Hettinga, dy't sels LF2018 net mear belibje mocht, spile in wichtige rol by de kar fan 'e sjuery foar Ljouwert.

In dei letter loek de iepening fan LF2018 yn Ljouwert, by lichte rein en yn oanwêzigens fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima, sa'n 35.000 besikers.[20] Dêrûnder wiene behalven ynwenners fan Ljouwert, oare 'gewoane' belangstellenden, pommeranten en sjoernalisten út Nederlân ek fertsjintwurdigers fan 'e bûtenlânske media. Sa wiene ferslachjouwers oanwêzich fan 'e Frânske kranten Le Soir en Le Figaro; de Britske kranten The Mail on Sunday en The Guardian; de Eastenrykske krante Wiener Zeitung; it Flaamske deiblêd De Tijd; en fierders fan 'e Belgyske omrop VRT, de Dútske omrop ZDF en de Italjaanske omrop RAI Uno. Ek wiene der in blogger dy't wurket foar de BBC, in sjoernalist fan it moadeblêd Marie Claire en in skriuwer fan 'e Australyske reisboeke-útjouwerij Lonely Planet.[22]

It folk klofte gear op trije pleinen: it Saailân (offisjeel it Wilhelminaplein), it Aldehoustertsjerkhôf en it Gûverneursplein. De iepening, regissearre troch Tatiana Pratley, bestie û.m. út in treflik koördinearre muzykshow fan Tryaterliedster Ira Judkovskaja mei orkesten, muzykkorpsen en koarsang, en sjongster Nynke Laverman, dy't al sittend op 'e rêch fan in Frysk hynder it liet Seis Oere Thús song. Underwilens wiene der fideoprojeksjes op 'e tydlike tuorren ("Aldehouwen") dy't op 'e pleinen boud wiene, sadat op elts plein te folgjen wie wat der op 'e beide oare barde. Op it Aldehoustertsjerkhôf brûkten guon ûndernimmende taskôgers it nije museum Obe as tribune, wylst op it Saailân troch de lju ôfkarrend sist waard fanwegen it grutte tal opstutsen paraplu's yn it fak mei de pommeranten. Op it Gûverneursplein drige in roppende man op in balkon it programma te ûnderbrekken, mar krekt op dat stuit sette it Noard Nederlânsk Orkest dêr 't Woanskip yn, dêr't er net boppe-út komme koe.[20]

Earder op 'e jûn wie der foar de pommeranten in rinnend buffet yn De Harmony, dêr't ek de kening en de keninginne delkamen. EU-kommissaris Frans Timmermans rikte dêr de Melina Mercouri-priis (mei in wearde fan €1,5 miljoen) út oan boargemaster Ferd Crone en deputearre Sietske Poepjes.[20] (Melina Mercouri wie de Grykske minister fan Kultuer dy't yn 1985 it foarstel die om elts jier in Kulturele Haadstêd fan Jeropa oan te wizen.)[3] De iepening fan it kulturele jier waard besletten mei kloklet yn 'e hiele provinsje.[20] Yn Ljouwert sels streamden de trije pleinen fanwegen it reinige waar al rillegau wer leech. Der wiene trije offisjele afterpartys, yn Neushoorn (mei Arabyske muzyk), Sealen Schaaf (mei popklassikers) en restaurant De Koperen Tún (mei housemuzyk), dêr't men foar yn 'e rige stean moast. Ek yn 'gewoane' nachtklubs wie it drok.[23]

Hoewol't de iepening sels troch de measte oanwêzigen as tige slagge beskôge waard,[24] wiene de measte lju minder te sprekken oer de tillefyzjeregistraasje troch de AVROTROS. Yn it foarste plak bestiene der al yn 't foar twifels oer it tiidstip fan wat in live-útstjoering hjitte moast, frij let op jûn (om healwei tsienen), nei Wie Is de Mol? De sjoggers krigen boppedat gjin echt live-ferslach te sjen, mar flarden dêrfan, ûnderbrutsen troch kommentaar, presintator Frits Sissing dy't Fryske wurden ferhaspele en foarôf opnommen items oer ûnderwerpen lykas Mata Hari en de Alvestêdetocht.[20] Sa'n 847.000 minsken seagen nei de útstjoering, mar de reäksjes wiene fier fan loovjend. Men miste benammen de gearhing tusken de ferskillende ûnderdielen fan it programma en útlis oer wat men te sjen krige.[25][26] De AVROTROS sei yn reäksje op 'e krityk dat men besocht hie om yn gearwurking mei de organisaasje fan LF2018 "in moai ferslach" fan 'e iepening te meitsjen, en dat it harren muoide dat se net "foldwaan kinnen hiene oan 'e ferwachting fan eltsenien".[26]

Yn 'e Ljouwerter Krante ûntjoech him letter dy wyks fia ynstjoerde stikken in diskusje oer Sissing syn (misse) útspraak fan termen as "iepen mienskip", "ús heit" en "it giet oan". Dat begûn mei in brief fan in Sjoerd Hania út Dokkum dy't him der freeslik oan ergere hie dat Sissing blykber net de muoite nommen hie om foarôf even te ynformearjen nei de útspraak fan 'e Fryske wurden dy't er oplêze moast: "Wa't, lykas Frits Sissing, fanneeds wat yn it Frysk sizze moat, plakt dan faak pratendeweis de letters op papier oaninoar. Hoe't it klinkt, makket neat út. It is dochs mar Frysk."[27] Dêrop waard reägearre troch emearitus-heechlearaar fonetyk en gastûndersiker by de Fryske Akademy Vincent van Heuven, dy't hawwe woe dat de krekte útspraak it Frysk foar Hollanners tige dreech is om oan te learen.[28] Oersetter Willem Janzen brocht dêrtsjin yn dat Sissing yn 't foar wist dat er dizze Fryske wurden útsprekke moatte soe, en dat er oangeande de útspraak by wize fan tarieding op syn wurk gewoan advys ynwinne moatten hie by de Afûk of de Fryske Akademy.[29]

Underdielen fan LF2018

(op folchoarder fan datum)

  • Mata Hari, de Myte en het Meisje
In tentoanstelling yn it Frysk Museum, dy't oan 'e hân fan 'e persoanlike besittings fan Mata Hari en oare foarwerpen har libbensferhaal fertelt. Fan 14 oktober 2017 oant en mei 2 april 2018. (Webside)
  • Wad
Wad: Overleven op de Grens van Water en Land is in nije natoerdokumintêre fan Ruben Smit, dy't earder it bekroane De Nieuwe Wildernis makke oer de Eastfardersplassen by Lelystêd. Yn Wad nimt Smit it bioskooppublyk mei op in tocht troch it Nederlânske Waadgebiet, sjoen troch de eagen fan bisten lykas de grize seehûn, de leppelbek, de wylde knyn en de strânljip. Fan it neijier fan 2017 ôf te sjen yn 'e bioskopen. (Webside)
  • In Motion
Folút: In Motion: Ceramic Reflections in Contemporary Art. In grut opsette tentoanstelling fan 'e hjoeddeiske keramyk yn Keramykmuseum It Prinsessehôf, dêr't wurk te sjen is fan fêstige nammen en nij talint út sawol de Westerske wrâld as it Fiere Easten. Fan 2 desimber 2017 oant en mei 6 maaie 2018. (Webside)
  • Romantiek in het Noorden
Folút: Romantiek in het Noorden: Van Friedrich tot Turner. In tentoanstelling fan it wurk fan Britske, Dútske, Skandinavyske en Nederlânske keunstskilders út it tiidrek fan 'e Romantyk, holden yn it Grinslânsk Museum te Grins. Fan 9 desimber 2017 oant en mei 6 maaie 2018. (Webside)
31 ûnderskate ferhalen dy't as toanielfoarstelling brocht wurde, op ferskillende tiden en ferskillende plakken yn Fryslân. Hjirby giet it û.m. om Marijke-Muoi (oer Marije Louise fan Hessen-Kassel) yn Ljouwert, Anna Maria (oer Anna Maria van Schuurman) yn Wiuwert, De Klokken fan Berltsum yn Berltsum, Oeds fan Fierwei (basearre op de Odyssee) yn Reduzum en De Slach by Boksum (basearre op 'e fjildslach mei deselde namme) yn Boksum. Fan 1 jannewaris oant en mei 11 novimber 2018. (Webside)
  • 11Fountains
Projekt om 'e Fryske alve stêden mei-inoar te ferbinen troch se allegear in nije fontein te jaan. Hiele jier 2018 (en nei't men oannimme mei dêrnei ek noch) fergees te besichtigjen. (Webside)
  • De Pauperfontein
Better bekend as de "Pimelfontein". In kritysk wjerlûd fan 'e mienskip op 'e djoere fonteinen fan it projekt 11Fountains. Mooglik makke troch crowdfunding en dêrnei offisjeel opnommen yn it programma fan LF2018. De Pauperfontein reizget yn 2018 troch hiel Fryslân en wurdt, as de lokaasje dat tastiet, útwreide mei it teäterstik Dy Lul Is fan My. (Webside)
  • Adje Lambertsz
Bernesirkus "Adje Lambertsz", ferneamd nei de histoaryske Ljouwerter boargemaster Adie Lamberts, besiket alle basisskoallen yn 'e Gemeente Ljouwert om 'e skoalbern út te daagjen om dingen te dwaan dy't se oars nea doard hiene. Hiele skoaljier 2018. (Webside)
  • Iepen UP
Projekt om it publyk by de 'iepen mienskip' te belûken, û.m. mei it wyklikse jûnsprogramma Iepen UP Live, yn Neushoorn, foar diskusje en optredens. Hiele jier 2018. (Webside)
  • VHDG (Voorheen de Gemeente)
Ljouwerter keunstnerskollektyf mei in eksposysjeromte yn 'e Haniasteech en in âlde SRV-bus dêr't se de provinsje mei trochkruse. It hiele jier 2018. (Webside)
In oade oan 'e skries en de oare greidefûgels fan Fryslân yn 'e foarm fan 'e teäterfoarstelling Conference of the Birds, yn De Griene Stjer by Ljouwert (fan 7 oant 18 july). Fierdeers mei útstallings en in stikmannich teäterfoarstellings yn it Natoermuseum Fryslân yn Ljouwert, dat foar dit doel omfoarme wurdt ta it Grote Grutto Theater. Fan 3 jannewaris oant en mei 2 septimber 2018. (Webside)
  • Phantom Limb
Folút: Phantom Limb Art Beyond Escher. In tentoanstelling yn it Frysk Museum oer hjoeddeiske keunstners dy't wat harren wurk oanbelanget, yn 'e fuotleasten fan M.C. Escher trêdzje. Fan 25 jannewaris 2018 oant en mei 6 jannewaris 2019. (Webside)
  • Façade: De Laatste Dagen van Mata Hari
Tentoanstelling oer de libbensein fan Mata Hari yn it Posthûs Teater op It Hearrenfean. Op 26 jannewaris 2018. (Webside)
  • Iepening
De offisjele iepening fan lF2018, mei in protte festiviteiten holden yn Ljouwert. Op 27 jannewaris 2018. (Webside)
  • Iepen Mienskipsprogramma
Sammelnamme foar 118 ûnderskate lytsere ûnderdielen fan KH2018, dy't allegear op har manear mei it tema 'iepen mienskip' te krijen hawwe. Hjirûnder binne û.m. gearbrocht: de tentoanstelling Mata Hari, Lady of Fashion; it projekt Leen een Fries; it Iepenloftspul Burgum; de foarstelling Oriental Dreams; de tentoanstelling Reve yn Fryslân; de tentoanstelling Tinco Lycklama: In Fryske Jonker yn de Oriïnt; de drakeboatrace Kollum; de ekskurzje oangeande Fryske rassen en gewaaksen yn Tytsjerk; it Pylgerfestival Sint-Jabik; de tentoanstelling oer it Fryske hynder op De Gerdyk; ensfh. Fan 27 jannewaris oant en mei 31 desimber 2018. (Webside)
  • De Reis
In stikmannich ferskate projekten, wêrby't de ynwenners fan in doarp yn 'e mande mei in keunstner in keunstwurk of foarstelling meitsje. Fan 27 jannewaris oant en mei 31 desimber 2018. (Webside)
  • Dada in Dr8888
Ferskate tentoanstellings op it mêd fan 'e keunststreaming dadaïsme yn Museum Dr8888 en it Van Doesburg-Rinsemahûs yn Drachten. Fan 28 jannewaris oant en mei 8 april 2018, fan 24 april oant en mei 7 july 2018, fan 22 july oant en mei 30 septimber 2018 en fan 14 oktober 2018 oant en mei 13 jannewaris 2019. (Webside)
It driuwend paviljoen Liwwadders yn 'e Prinsetún, dêr't alles draait om Ljouwert en syn bewenners.
Grutskalich opset projekt om it ferskynsel taal en alles dat dêrmei te krijen hat hinne. Mei in ferskaat oan eveneminten yn Tresoar, it Histoarysk Sintrum Ljouwert en it eigen besikerssintrum OBE op it Aldehouster Tsjerkhôf. Hjirûnder falle û.m.: it Talepaviljoen; it Histoarysk Reisburo; it sprekboatefestival dat fan 'e Prinsetún út operearret; it muzykfestival Sjong; de skoalfoarstelling Karawane fan Tryater; de Taaltoer; de Taalkaravaan; en de Frysktalige Matthäus Passion, mei foarstellings yn Ljouwert, Dokkum, Harns, Drachten, Grins en Snits. Fan 3 febrewaris oant en mei 31 desimber 2018. (Webside)
  • Strangers on Stage
De namme fan it teäterprogramma fan LF2018, dat bestiet út in grut tal ûnderskate ûnderdielen, mei ynternasjonale topfoarstellings lykas Slava’s SnowShow en it European Stand Up Comedy Festival. Fan 7 febrewaris oant en mei 31 desimber 2018. (Webside)
  • Holstmeer
In teäterfoarstelling yn 'e foarm fan in trijelûk, spile troch de fammen fan Fier! en de detinearren fan 'e Ljouwerter finzenis. Fan 10 febrewaris oant en mei 15 april 2018 (Webside)
  • Iepen Doar(p)
Doarpsportret fan Feanwâldsterwâl, dêr't alle 128 húshâldings yn lûd en bylde werjûn wurde. Fan 12 febrewaris oant en mei 8 augustus 2018. (Webside)
  • Giorgio Morandi en Bologna
Tentoanstelling yn Museum Belvedêre op It Hearrenfean, oer de Italjaanske keunstner Giorgio Morandi (1890-1964) út Bologna. Fan 24 febrewaris oant en mei 10 juny 2018. (Webside; foar mear ynfo, sjoch de webside fan Museum Belvedêre)
  • Yiddish Waves
Festival yn Ljouwert wijd oan it Jiddysk, mei konserten en oare optredens, in workshop en in rûnlieding troch it histoarysk Joadske stedsdiel fan Ljouwert. Fan 1 oant en mei 4 maart 2018. (Webside)
  • Sjen yn it Tsjuster
Underfiningsfoarstelling yn it tsjuster yn Burchwert, basearre op it gedicht Lytse Jonge fan Tsjêbbe Hettinga. Fan 16 maart oant en mei 8 septimber 2018. (Webside)
  • Farm of the World
Keunstners en oare lju fan oer de hiele wrâld meitsje in ferlitten boerespultsje yn Húns ta in brûzjend hert fan nij libben. Under lieding fan keunsteresse Claudy Jongstra en har partner Claudia Busson brûke se lokale grûnstoffen om nije foarwerpen te meitsjen op it reitsflak fan keunst, iten, buorkjen en design. Mei tal fan workshops foar belangstellenden. Fan 31 maart oant en mei 30 septimber 2018. (Webside)
  • Sense of Place
In keunstrûte by de Waadkust lâns, fan 'e Doalert oant De Helder, ynrjochte troch Jaap Mulder, de âld-direkteur fan Oerol. Fan 1 april oant en mei 31 desimber 2018. (Webside)
  • Waterconnecting 2018
Projekt dat yn it teken fan wetter en it gearlibjen mei wetter stiet. Mei in wetterbar, in ûnderfiningsrûte, in wetterparade en in Jeropeeske wettertechnologywike, allegear yn Ljouwert. Fan 1 april oant en mei 24 desimber 2018. (Webside)
  • Places of Hope
In tentoanstelling yn 'e Kânselarij dy't de besiker meinimt nei plakken yn Nederlân dêr't pioniers dwaande binne mei paadsljochtsjen nei de takomst. Fan 4 april oant en mei 25 novimber 2018. (Webside)
  • Lost in the Greenhouse
In teäterfoarstelling opfierd tusken de grienten yn in kas yn Seisbierrum; in tragysk leafdesferhaal oer Fryske en Poalske túnbouwurkers. Fan 13 april oant en mei 20 maaie 2018. (Webside)
  • Silence of the Bees
Projekt yn Botanyske Tún 'De Kruidhof' yn Bûtenpost, de grutste krûdetún fan Jeropa, om oandacht te freegjen foar de bij, dy't it de lêste jierren dreech hat. Mei byld, taal, muzyk, keunst, kultuer, iten en lêzings. Fan 16 april oant en mei 15 july 2018. (Webside)
  • Potatoes Go Wild
Yn it ramt fan 'e Biltske Jirpelwiken wurdt op It Bilt ûnder de titel Potatoes Go Wild de jirpel it mulpunt fan alderhanne manifestaasjes. Dêrûnder binne: Fruchtbere Grônd, in tentoanstelling fan it wurk Fryske, Westfryske, Eastfryske en Noardfryske keunstners yn jirpelskuorren oan 'e Aldebiltdyk; Altyd Seumer, in muzykteäterfoarstelling op in ikker by Swarte Harne; in rûnlieding mei útlis troch de jirpelfjilden; en sympoasia oer de itenskeatling. Fan 20 april oant en mei 15 july 2018. (Webside)
  • Wereldburgers van de Voorstreek
Toanielfoarstelling oer de multykulturele maatskippij yn it lyts op De Foarstreek yn Ljouwert (dêr ek holden). Fan 25 april oant en mei 26 maaie 2018. (Webside)
  • Escher op Reis
Tentoanstelling yn it Frysk Museum oer libben en wurk fan 'e ferneamde keunstner M.C. Escher, dy't yn Ljouwert berne waard. Fan 28 april oant en mei 28 oktober 2018. (Webside)
De trettjinde edysje fan it European Youth Music Festival (EYMF) wurdt yn Snits en omkriten holden ûnder de namme At the Watergate (in ferwizing nei de Snitser Wetterpoarte). Mei in grut tal konserten en oare muzikale optredens. Fan 8 oant en mei 11 maaie 2018. (Webside en sjoch ek hjirre)
It Nederlânsk Kampioenskip fierljeppen, holden yn Burgum. Fan 12 maaie oant en mei 25 augustus 2018. (Webside)
Presintaasje fan ferskate Jeropeeske regionale sporten yn 'e marzje fan it NK Fierljeppen yn Burgum, it skûtsjesilen yn Grou, de Keatswike yn Frjentsjer en it WK Frysk damjen 2018 yn Ljouwert, mei in selsstannich barren op It Hearrenfean. Fan 12 maaie oant en mei 25 augustus 2018. (Webside)
  • The Colorfield Performance
Evenimint yn Sleat, dêr't yn it fjild in reuseftich keunstwurk ferriist op it mêd fan kleur, opboud út panielen dy't elts in keunstwurk op harsels binne. Fan 15 maaie oant en mei 30 septimber 2018. (Webside)
  • 100 Jaar De Ploeg
Folút: De Ploeg: 100 Jier Avant-Garde yn Grins. In tentoanstelling fan en oer it keunstkollektyf De Ploeg yn it Grinslânsk Museum. Fan 26 maaie oant en mei 4 novimber 2018. (Webside)
  • Finestra Aperta
Sirkus mei in protte akrobatyk en muzyk yn 'e grutste bamboekoepel dy't ea yn Jeropa boud is, op it Gaastereilân by Drachten. Fan 1 juny oant en mei 1 july 2018. (Webside)
Festival op it mêd fan 'e klassike muzyk, holden yn 'e iepen loft yn it Parkgebiet It Oranjewâld. Fan 1 oant en mei 10 juny 2018. (Webside)
  • Subterranean Matter
Tentoanstelling fan byldzjende keunst fan Leanne Wijnsma yn 'e Blokhúspoarte, wêryn't de bannen tusken Ljouwert/Fryslân en Valletta/Malta (de oare Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018) oan it ljocht brocht wurde. Fan 1 juny oant en mei 15 july 2018. (Webside)
  • Made in Holland
In tentoanstelling yn Keramykmuseum It Prinsessehôf dy't wijd is oan Nederlânske keramyk, syn ûntwikkeling, produksje en fersprieding. Fan 2 oant en mei 30 juny. (Webside)
In edysje fan it bekende kultureel festival Oerol, lykas alle jierren holden op Skylge, mar diskear yn it gruttere ramt fan LF2018. Fan 15 oant en mei 24 juny 2018. (Webside)
  • Innofest
Innofest helpt muzyk- en kultuerfestivals troch it testen fan ynnovaasjes op it mêd fan û.m. wetter, iten, logistyk, enerzjy en ôffal. Fan 15 juny oant en mei 26 augustus 2018. (Webside)
  • Never Ending Orchestra
Ljouwert is yn 'e simmer en it neijier fan 2018 it toaniel foar ferskate orkestrale konserten yn it ramt fan it projekt Never Ending Orchestra. Fan 29 juny oant en mei 26 oktober 2018. (Webside)
  • Fossylfrij Fryslân
Projekt dat sjen lit dat Fryslân sûnder fossile brânstoffen kin. Mei in 'Alvewegetocht', in futuristyske parade, in enerzjykongres en in ynternasjonale sinneboatrace troch de greften fan Ljouwert. Fan 1 oant en mei 14 july 2018. (Webside)
  • Into Nature
Folút: Into Nature: Out of Darkness. In keunstmanifestaasje mei wurk fan ynternasjonaal fêstige nammen, holden op 'e grins fan Fryslân en Drinte, midden yn it gebiet dêr't eartiids de Koloanjes fan Woldiedichheid leine. Fan 1 july oant en mei 16 septimber 2018. (Webside)
  • 8ste Dag
In dei yn Ljouwert fol dûnsoptredens en muzykstikken yn 'e foarm in masine dêr't minsken de ûnderdielen fan foarmje. Op 8 july 2018. (Webside)
Reizgjende muzykteäterfoarstelling yn in sirkustinte. Op 17, 18 en 19 july 2018 op It Hearrenfean; op 9, 11 en 12 septimber 2018 yn Frjentsjer en fan 23, 24 en 25 septimber 2018 yn Dokkum. (Webside)
  • Welcome to the Village
Muzykfestival yn De Griene Stjer, mei nasjonale en ynternasjonale topacts op it mêd fan muzyk, keunst en teäter. Fan 20 oant en mei 22 july 2018. (Webside)
  • Opera Spangea: Aïda
Opfiering fan Aïda, de klassike opera fan Giuseppe Verdi (yn in nij jaske), troch Opera Spangea, yn it doarp Spangea. Fan 24 july oant en mei 13 augustus 2018. (Webside)
It SKS- en IFKS-skûtsjesilen op 'e Fryske marren. Fan 28 july oant en mei 18 augustus 2018. (Webside)
De Keatswike yn Frjentsjer, mei as hichtepunt de PC 2018. Fan 30 july oant en mei 5 augustus 2018. (Webside)
De edysje fan 2018 fan 'e Tall Ships' Races: wedstrydfarren mei grutte sylskippen oer de Noardsee, mei de finish yn Harns. Fan 3 oant en mei 6 augustus 2018. (Webside)
  • The Sea! The Sea!
Poëzij oer en op it mêd fan 'e see, yn 'e foarm fan foardrachten mank it publyk by de finish fan 'e Tall Ships Races yn Harns, de Admiraliteitsdagen yn Dokkum en ûnder Oerol op Skylge. (De namme fan dit projekt ferwiist nei De Tsientûzen, dy't, doe't hja einlings de see wer berikten, útrôpen: Thalassos! Thalassos! – "De See! De See!") Fan 3 oant en mei 6 augustus 2018. (Webside)
It 'Famke' fan 'e Reuzen yn Ljouwert.
It earste Wrâldkampioenskip Frysk damjen, holden op it Stedhûs fan Ljouwert. Fan 3 oant en mei 10 augustus 2018. (Webside)
  • LÛD
Fergees tagonklike tentoanstelling fan ynternasjonale lûdskeunst yn 'e Rysterbosk. Fan 15 augustus oant en mei 14 oktober 2018. (Webside)
  • Noorderzon
Muzykfestival yn it Prinseteäter yn Grins. Fan 16 oant en mei 26 augustus 2018. (Webside)
In iepenloftteäterfoarstelling mei reuzen yn Ljouwert, wêrby't de stêd besocht wurdt troch de 15 m hege marionetten fan it Frânske strjitteäterselskip Royal de Luxe. Fan 17 oant en mei 19 augustus 2018. (Webside)
  • Twadde Triënnale fan Beetstersweach
Nei in súksesfolle earste edysje yn 2015 binne it doarp Beetstersweach en omkriten dit jier op 'e nij trije dagen lang it dekôr fan tentoanstellings en ferskate oare eveneminten op it mêd fan keunst. Fan 6 oant en mei 9 septimber 2018. (Webside)
In teäterfoarstelling yn it WTC Expo mei hynders dy't in bewurking fan 'e roman Der Schimmelreiter fan Theodor Storm omfiemet, makke troch Jos Thie yn opdracht fan it Keninklik Frysk Hynste Stamboek en de Stifting Faderpaard. Fan 6 septimber oant en mei 7 oktober 2018. (Webside)
In fjouwerdeisk kultureel en sportyf evenemint dat op It Bilt efter de seedyk by De Westhoek organisearre wurdt, mei as bedoeling om It Bilt, dat per 1 jannewaris 2018 troch in gemeentlike weryndieling syn bestjoerlike selsstannigens kwytrekke is, noch ienris yn it mulpunt fan 'e belangstelling te setten. Fan 11 oant en mei 14 septimber 2018. (Webside)
Jierliks festival yn Frjentsjer wêrfan't de 65e edysje, yn 2018, yn it teken stiet fan LF2018 en fan 'e oprjochting, op 1 jannewaris fan dat jier, fan 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke (dêr't Frjentsjer yn leit). Fan 19 oant en mei 23 septimber 2018. (Webside)
  • Welstaat
Muzykteäterstik Welstaat, basearre op 'e utopyske ideeën dy't yn 'e njoggentjinde iuw libben omtrint de 'ferheffing fan 'e earmen'. Tsien kear spile yn Frearksoard, krekt oer de Drintske grins, dat oarspronklik stifte waard as ien fan 'e 'Koloanjes fan Woldiedichheid'. Fan 19 oant en mei 30 septimber 2018. (Webside)
  • De Fryske Dûnsdagen
Evenemint dat op alle mooglike mêden mei dûns te krijen hat, fan foarstellings en lessen oant dance battles op 'e middelbere skoallen. Fan 4 oant en mei 8 oktober 2018. (Webside)
  • Dorp Europa
Teäterfoarstelling fan Tryater oer it Jeropeeske plattelân en syn bewenners. Under rezjy fan Ira Judkovskaja. Premiêre op 12 oktober 2018 yn Ljouwert, dêrnei de provinsje troch. (Webside)
  • Kirana
Folút: Kirana: Myths of Creation. In berne-opera fan 'e Malteeske regisseur Ruben Zahra, mei dêrby ferskate workshops. Op 19 en 20 oktober 2018 yn Ljouwert, en op 26 en 27 oktober 2018 yn Snits. (Webside)
  • Poetic Potatoes
Tentoanstelling yn it Natoermuseum Fryslân yn Ljouwert oer de útwikseling fan Fryske en Malteeske poëzij tagelyk mei de útwikseling fan Fryske poatjirpels en Malteeske nije jirpels, sa't dy al sûnt likernôch 1850 bestiet. Fan 20 oktober oant en mei 21 desimber 2018. (Webside)
  • ReOpening
De lêste moanne fan LF2018: gjin ein mar in nij begjin. Fan 1 oant en mei 30 novimber 2018. (Webside)
Edysje fan it Noardlik Filmfestival yn Slieker Film en De Harmony yn Ljouwert, dy't yn it teken stiet fan it projekt LF2018. Fan 5 oant en mei 11 novimber 2018. (Webside)
  • Sailing on the Grass
In trijelûk fan dokumintêres, yn 2018 makke troch fjouwer ferskillende bûtenlânske regisseurs (wêrûnder ien duo), dy't dêryn harren kyk op Fryslân fêstlizze. Fertoaning op 8 novimber 2018 yn Ljouwert yn it ramt fan it Noardlik Filmfestival. (Webside)
  • Look@Me
In projekt fan Kunstkade, dat bern en jongerein út Ljouwert de kâns jout en meitsje draaiboek foar in dokumintêre oer harren eigen libben. In stikmannich dêrfan wurde útkeazen om op profesjonele wize ferfilme te wurden. It resultaat is op 9 novimber 2018 yn it ramt fan it Noardlik Filmfestival te sjen yn De Harmony. (Webside)
  • Explore the North
Teäterfestival dat de binnenstêd fan Ljouwert as poadium ynset foar skriuwers, muzikanten, sjongers en oare artysten út alle wynstreken. Fan 22 oant en mei 24 novimber 2018. (Webside)

Opskuor om Malta

Mids april 2018 ûntstie der opskuor nei't it ynternasjonale skriuwersbûn PEN International de organisaasje fan LF2018 yn in iepen brief frege hie en sprek him út tsjin 'e gong fan saken by V18, de Malteeske tsjinfuotter fan it projekt. V18-baas Jason Micallef hie him nammentlik minachtsjend útlitten oer de in pear moannen earder by in bomoanslach fermoarde Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galizia.[30] Sa dreau er de spot mei de lêste wurden dy't hja skreaun hie, en boppedat rôp er op ta de ferwidering fan it spontaan foar har yn Valletta oprjochte tinkteken.[30][31] PEN skreau: "It bespotten fan 'e oanslach op in sjoernalist yn it hert fan 'e Jeropeeske Uny kinne wy net tastean, en alhielendal net as dat dien wurdt troch autoriteiten oan wa't it oanfiterjen fan 'e media en kultuer fan 'e Jeropeeske Uny tabetroud is."[31] It brief wie ûndertekene troch in groep foaroansteande skriuwers, wêrûnder Margaret Atwood, Jennifer Egan, Neil Gaiman, Kristien Hemmerechts, Geert Mak, Ian McEwan, Vonne van der Meer, David van Reybrouck, Salman Rushdie en Franziska Sperr.[31] It antwurd fan LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum wie: "It wurdt no superpolityk en dêr brâne we ús fingers leaver net oan." Caruana Galizia har soan Matthew pleatste in ferbjustere reäksje op Twitter, en kwalifisearre Van Bekkum syn útlittings dêrby as "in beskamsume útspraak". Ek by CDA-Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt skeaten Van Bekkum syn wurden yn it ferkearde kielsgat. "De stilte út Ljouwert is earferdôvjend," twittere er.[30]

Van Bekkum, dy't de opskuor net ferwachte hie en fral stutsen wie troch de opmerkings fan Omtzigt, besocht dêrnei syn stânpunt te fertsjutskjen troch te sizzen: "Wy dogge beslist gjin politike útspraken. Dat litte we oer oan wethâlder Sjoerd Feitsma en deputearre Sietske Poepjes. Dat binne politisy en dy kinne dêr folle fierder yn gean." In fierdere oanfolling fan him oer Malta en de moard op Caruana Galizia wie: "It is dêr hiel lyts, lytser noch as Fryslân, en alles is dêr polityk. Wy wiene der net by, we kenne de kontekst net." As er Micallef wer trof, soed er de kwestje lykwols perfoarst "beneame".[32] Feitsma joech, doe't him dernei frege waard, oan de útspraken fan Micallef "net fatsoenlik" te finen, mar neffens him hoegde dat de gearwurking tusken de beide kulturele haadstêden net yn 'e wei te stean.[31] Op 17 april fertsjutske Van Bekkum syn stânpunt noch fierder troch op 'e webside fan LF2018 te skriuwen: "Eltse oanfal op 'e parsefrijheid, artistike frijheid en frijheid fan mieningsutering karre wy ôf. Lit dêr gjin misferstân oer bestean."[33] In dei letter, op 18 april, gied er op in gearkomste yn it ramt fan LF2018-ûnderdiel IepenUp Live noch fierder troch de bocht troch dêr yn it iepenbier ôfstân te nimmen fan 'e útspraken fan Micallef oer Caruana Galizia.[33]

Dêrmei wie it spul lykwols noch net delbêde, want ûnder deselde gearkomst ûntstie der rebûlje doe't publisist en âld-Keunstwurk-bestjoerder Huub Mous Van Bekkum foar "sloppe lul" útmakke en him 'beskeat' mei in wetterpistoal. In oare sprekker, rjochtsfilosoof Afshin Ellian, dy't krekt tefoaren útlein hie dat in folsleine frijheid fan mieningsutering en it geweldsmonopoalje fan de steat de pylders binne dêr't neffens him in sûne demokrasy op rêst, reägearre skokt op 'e aksje fan Mous en ferwiisde nei de publisist as "túch".[33] Op 20 april waard Mous, doe't er yn Stedsgallery 2018 (fêstige yn 'e kelder fan it Ljouwerter stedhûs) de tentoanstelling De Reis iepene, ta syn ferbjustering sels mei in wetterpistoal 'besketten' troch keunstner Catrinus Spinder.[34]

Op 27 april sette LF2018 ynienen "swier geskut yn tsjin mei-kulturele haadstêd Valletta."[35] Fanwegen de slepende kwestje-Caruana Galizia waard besletten dat de Fryske bestjoerders tenei de programma-ûnderdielen fan V18 boykotte soene. En net inkeld dat, mar àlle bestjoerlike kontakten tusken LF2018 en V18 waarden ferbrutsen, eat dat trouwens gjin gefolgen hie foar de kulturele útwikseling fia programma-ûnderdielen fan 'e beide projekten dy't mei-inoar gearwurken. Neffens Van Bekkum koe hy "net mei goed fatsoen nei Malta en ik kin de bestjoerders fan Valletta2018 ek net mei goed fatsoen hjirhinne helje," om't Micallef by syn útspraken bleau en der yn 'e organisaasje fan V18 blykber gjin oanstriid bestie om him teplak te setten. Krekt oarsom: ûnderwilens hie de artistyk lieder fan V18, Mario Philip Azzopardi, it noch minder makke troch in oare krityske Maltese, aktiviste Martina Urso, út te meitsjen foar "a sorry bitch" ("in treurige trut").[35] Hoewol't Azzopardi op 26 april op sosjale media tajoech dat er mis west hie om sa'n kwalifikaasje te brûken,[36] wiisde it dochs op in beskate grimmitige sfear binnen de organisaasje fan V18 dy't blykber gjin krityk fele koe. Van Bekkum, dy't him earst net oan 'e kwestje-Caruana Galizia brâne woe, beskôge de boykot net as in ommeswaai, en hold fol dat LF2018 him net mei polityk bemuoie moast, wat V18 op Malta neffens him krekt wól die.[35]

Op 28 april waard bekend dat de Malteeske minister fan Kultuer, Owen Bonnici, nei Fryslân oerkomme soe om tekst en útlis te jaan. Hy hie kontakt hân mei deputearre Sietske Poepjes, dy't er derfan bewissige hie dat er de útspraken fan Micallef "ferskriklik betreure", mar ek dat it hiele spul "in delikate kwestje" wie. Poepjes koe, doe't hja dêrnei frege waard, noch net sizze wannear't it mei it besyk heve soe, mei't der noch socht waard nei "in goeie publike ambiance." Bonnici joech yn in skriftlike reäksje oan 'e Ljouwerter Krante, dy't foar in diel yn it Nederlânsk en foar in diel yn it Frysk steld wie, oan dat er de "Jeropeeske famylje" in waarm hert tadraacht, mar dat yn alle famyljes misferstannen foarkomme. "Dan is it it bêste om it mei-inoar te bepraten. Ik stean iepen foar in publike, ynhâldlike en respektfolle diskusje mei myn kollega's yn Fryslân. Fansels ek mei de Fryske mienskip."[37]

Op 'e jûn fan 3 maaie waard yn Slieker Film Daphne: The Execution fertoand, in dokumintêre oer de fermoarde Malteeske sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. De seal wie fol, en nei ôfrin waard der applaudisearre. Huub Mous griep it barren oan om yn it iepenbier syn ferûntskuldigings te meitsjen oan Tjeerd van Bekkum foar it wietspuitsjen fan dyselde mei in wetterpistoal. De fertoaning fan 'e dokumintêre koe sjoen wurde as in symboalyske stellingname fan 'e organisaasje fan LF2018 yn 'e drege relaasje mei it susterprojekt V18.[38] Deselde deis sei Jason Micallef, de direkteur fan V18, yn in fraachpetear mei ferskate Malteeske kranten, dat er de krityk op himsels "bûten alle proporsjes opblaasd fûn," eat wêrfan't er de skuld benammen by de media dellei. Fierders makke er dúdlik dat er gjin noed hie oer de boycot fan syn projekt troch LF2018: de gearwurking op it mêd fan kulturele projekten gie gewoan troch, en dat der gjin Fryske pommeranten mear nei Malta giene, koed er bêst mei libje.[38]

Doe't mids juny Alexiei Dingli, de boargemaster fan Valletta, Fryslân besocht, wiene de kontakten noch altyd net ferfette. Krekt oarsom, Dingli sels hie alle gearwurking mei V18 ek opsein. Radboud Droog, wurdfierder fan LF2018, fertelde by dy gelegenheid oan 'e Ljouwerter Krante oangeande it beëinigjen fan 'e kontakten mei Micallef-en-dy: "Harren toansetting is sûnt dy tiid net feroare, dat der is noch altyd gjin kontakt."[39] Yn 'e twadde helte fan juny beäntwurde de Malteeske minister Bonnici de e-mails en tekstberjochten net mear dy't him troch deputearre Sietske Poepjes stjoerd waarden, en ferskate kulturele útwikselingsprojekten waarden stopset. Rel met Malta escaleert, koppe de Ljouwerter Krante. CDA-Twadde Keamerleden Harry van der Molen en Martijn van Hevert stelden skriftlike fragen oan 'e Nederlânske minister fan Bûtenlânske Saken Stef Blok en fergen him op yngripen. Fryslân waard neffens Van der Molen net serieus nommen, en dat stiek him. It CDA stjoerde oan op in besyk fan Bonnici oan Fryslân (eat dat de man sels earder ûnthjitten hie), dêr't er yn it iepenbier oer de hiele kwestje befrege wurde moatte soe.[40][41] Nei politike druk út De Haach joech Bonnici ta en waard ôfpraat dat er ein july of ein augustus twa dagen yn Fryslân ta komme soe.[42]

It besyk fan minister Bonnici fûn plak op tongersdei 12 july 2018. Hy arrivearre woansdeitejûn let en waard de oare moarns op it Provinsjehûs fan Fryslân ûntfongen troch kommissaris fan de kening Arno Brok en deputearre Sietske Poepjes. Nei in besletten petear wie der in parsekonferinsje, dêr't de gearkommen sjoernalisten de Maltees it fjoer nei oan 'e skinen leine. Bonnici joech lykwols gjin krimp. Hy sei dat de sms-berjochten fan Poepjes him ûntkommen wiene troch parlemintêre drokte, hy wie út eigen frij wil nei Ljouwert kommen en net om't der politike druk op him útoefene wie, de moard op Caruana Galizia wie tige earnstige saak ("net ien yn Maltea dy't graach in moard sjocht, yn godsnamme!"), it regear fan Malta wurke folop mei oan it ûndersyk, mar de útspraken fan Micallef foelen ûnder de frijheid fan mieningsutering en dêr koe en woed er neat oan of ta dwaan. Middeis rezige Bonnici alwer troch nei Innsbruck. Uteinlik smiet syn bliksembesyk neat op en feroare der neat oan 'e beferzen relaasjes tusken LF2018 en V18.[43] Op 'e ferklearring fan Bonnici waard mei lulkens en argewaasje reägearre troch PEN International en de djipdrôven fan Caruana Galizia, dy't seine dat de minister harren wurden ferdraaid hie doe't er úthold dat eltsenien op Malta fol lof wie oer de opstelling fan it regear en it ûndersyk nei de moard.[44]

Ein july smiet Michelle Muscat, de frou fan 'e Malteeske premier Joseph Muscat, oalje op it fjoer troch te sizzen dat sy de dea fan Caruana Galizia miskien noch wol slimmer fûn as de djipdrôven. "Har famylje skilderet har ôf as in hillige. Ik sil no mei har leagens sjen moatte te libjen," sei frou Muscat yn 'e krante Malta Today. Dy útspraken joegen yn 'e eilânsteat oanlieding ta nije opskuor.[45]

Weromsjen

Oan 'e ein fan 2018 hold de Ljouwerter Krante in grutte LF 2018-enkête ûnder "in represintative groep fan 1141 Fryske respondinten fan 18 jier en âlder, wêrby't rekken holden is mei in juste ferdieling nei geslacht, leeftyd en opliedingsnivo."[46] Ek wie rekken holden mei in ferdieling tusken ynwenners fan 'e gemeente Ljouwert en lju út oare dielen fan Fryslân.[46] Ut dy enkête kaam nei foarren dat de trochsneed Fries 4,7 LF 2018-eveneminten besocht hie (ek dyjingen meirekkene dy't gjin inkeld evenemint besocht hiene).[2] De lju út 'e leeftydskategory tusken de 30 en 40 jier giene nei de measte eveneminten: trochinoar 7,7.[2] It sprekt fansels dat Ljouwerters oer it algemien mear eveneminten besocht hiene as net-Ljouwerters, mar in folle grutter ferskil bliek te bestean tusken heechoplate en leechoplate lju. Heechoplaten besochten trochinoar 7,2 eveneminten, en leechoplaten mar 3,4.[46]

Fan 'e grutte eveneminten krige Reuzen yn Ljouwert it heechste rapportsifer: 9,1 (op in skaal fan 1 oant 10).[2] It twadde plak wie foar it hynsteteäterspektakel De Stormruiter, dat in 8,8 krige.[2] It leechste sifer, in 7,3, wie foar it taalevenmint Lân fan Taal.[2] As gehiel krige LF2018 fan 'e respondinten it rapportsifer 7,2.[2] De Ljouwerter Krante pleatste de kanttekening dat it nochal in ferskil is, fan 9,1 nei 7,2.[2] Undersiker Robert Oosterbaan fan it bedriuw Enigma Research, dat de enkête útfierd hie, seach twa oarsaken. Yn it foarste plak stelde hy fêst dat de Friezen loovjend wiene oer in stikmannich losse ûnderdielen, mar kritysk oer it kultureel jier as gehiel, "dat yn harren eagen net Frysk genôch wie." Hy ferwiisde nei Reuzen yn Ljouwert: in moai evenemint, mar wol "in ynkochte produksje."[2] Itselde gou foar de lju fan 'e organisaasje en de keunstners dy't it 11Fountains-projekt diene: dy kamen allegear 'fan bûten'.[2] Yn it twadde plak fûnen de respondinten (neffens Oosterbaan) dat it de organisaasje fan LF2018 te min slagge wie om alle Friezen by it kultureel jier te belûken: it bleau dochs fral in feestje foar de elite, wat ek werom te sjen wie oan it ferskil yn dielname tusken heechoplate en leechoplate lju.[2]

Oosterbaan syn konklúzjes waarden ûnderboud troch de reäksjes (yn 'e enkête) fan 'e lju dy't LF2018 bewust of ûnbewust oan harren foarbygean litten hiene. As men dy groep apart naam, krige it kultureel jier in folle leger rapportsifer, te witten: 5,6.[2] Hja motivearren dy legere wurdearring mei kritykpunten lykas "sûnde fan it jild", "feest fan de elite" en "ik haw der neat fan murken".[2] As men lykwols de groep dy't wol meidie oan it kultureel jier apart naam, kaam it sifer foar LF2018 út op 7,6.[2]

Kosten

Ein febrewaris 2019 lei de organisaasje fan LF2018 publyklik ferantwurding ôf oer jild, doelen en resultaten. Yn totaal koste it hiele projekt €72 miljoen, wêrby't 11Fountains net meirekkene is om't de kosten dêrfan al yn in ier stadium oerdroegen waarden nei provinsje en gemeenten. Fan it totaalbedrach waard €17 miljoen, of likernôch in fjirdepart, direkt bestege oan 44 dielprojekten fan LF2018. De rest gie op oan "yndirekte stipe fan 'e projekten" troch marketing, kommunikaasje, in ticketingsysteem, salarissen foar personiel en stêf yn 'e Blokhúspoarte (dêr't de organisaasje residearre), it sykjen nei sponsors en it finansieren fan in lobby.[47]

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 5 6 7 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 551-552..
  2. 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 12 13 14 15 16 Laan, Ton van der, 7,6, yn: de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 2-3.
  3. 1 2 3 4 5 6 7 8 9 10 11 Groot, Pieter de, Schoorvoetend Kwam de Mienskip in Beweging, yn: de Ljouwerter Krante, 27 jannewaris 2018, Sneon & Snein s. 5-6.
  4. 1 2 3 Kooi, Casper van der, Geen geld voor Friese natuur, wel voor vaag evenement, yn: De Volkskrant, 22 desimber 2015
  5. Choris, Jutta, De Kleine Wereld van Gunnar Daan, yn: NRC Handelsblad, 30 oktober 2016
  6. 1 2 Choris, Jutta, Er komt een gedrocht op de markt van Dokkum, yn: NRC Handelsblad, 29 jannewaris 2016
  7. Oud CH18-baas: 'Mienskip bestaat niet', yn: de Ljouwerter Krante, 10 maart 2017
  8. Riemer van der Velde kritisch op CH2018, op 'e webside fan Omrop Fryslân, 9 april 2017
  9. 1 2 Breteler, Gerrit, en Daan, Gunnar, Fonteinen in de Elf Friese Steden, yn: de Ljouwerter Krante, 30 septimber 2015, s. 16
  10. Plannen Leeuwarden Verbazen Jan Jaap, RTL Late Night, 11 maart 2015
  11. Jan Jaap van der Wal kraakt KH2018 af, yn: de Ljouwerter Krante, 12 maart 2015
  12. Friesland en de 11 Fonteinen, yn: Eenvandaag, 18 febrewaris 2017
  13. 1 2 Naber, Caspar, 'Piemelfontein' tegen autoritaire besluitvorming Leeuwarden-2018, yn: it Algemeen Dagblad, 27 maart 2017
  14. Duitse kunstenaar oriënteert zich op fontein Sneek, op de webside fan Omrop Fryslan, 14 maart 2016
  15. Pama, Gretha, Elf Friese fonteinen zijn niet Fries maar wel related to their history, yn: NRC Handelsblad, 7 maart 2017
  16. ——, Wielenpôlle Dreigt met Demonstratie, yn: de Ljouwerter Krante, 25 jannewaris 2018.
  17. Westrheenen, Saskia van, Promotie Culturele Hoofdstad "Nu Al Succes", yn: de Ljouwerter Krante, 17 jannewaris 2018.
  18. Walthaus, Asing, "Afblazen Slachte Wijzer Dan Doorgaan", yn: de Ljouwerter Krante, 20 jannewaris 2018, s. 3.
  19. Altena, Stef, Valletta Biedt Spektakel, Leeuwarden "Gevoel", yn: de Ljouwerter Krante, 22 jannewaris 2018, s. 1.
  20. 1 2 3 4 5 6 ——, Drie Volle Pleinen en Overal Klokgelui, yn: de Ljouwerter Krante, 29 jannewaris 2018, s. 1..
  21. Santen, Kirsten van, Het Gaat Beginnen!, yn: de Ljouwerter Krante, 27 jannewaris 2018, s. 1.
  22. Overduin, Irene, Veel Hotelgasten Komen om te (Net)werken, yn: de Ljouwerter Krante, 25 jannewaris 2018, s. 3.
  23. Leemhuis, Rob, Seis Oere Thús: Na de Opening is het Feesten, yn: de Ljouwerter Krante, 29 jannewaris 2018, s. 2
  24. ——, "Dit is dan het mienskipsgevoel, geloof ik, echt een topsfeer", yn: de Ljouwerter Krante, 29 jannewaris 2018, s. 3
  25. Schaik, Job van, Waarom om Zes Uur Thuis?, yn: de Ljouwerter Krante, 29 jannewaris 2018, s. 2.
  26. 1 2 Oenema, Rixt, Friesland Is Wel Klaar met Alle Clichés, yn: de Ljouwerter Krante, 30 jannewaris 2018, s. 3.
  27. Hania, Sjoerd, Iepen mienskip, ús heit en "It giet oan", yn: de Ljouwerter Krante, 30 jannewaris 2018, s. 19.
  28. Heuven, Vincent van, Uitspraak Fries is lastiger dan u denkt, yn: de Ljouwerter Krante, 5 febrewaris 2018, s. 15.
  29. Janzen, Willem, Utspraak Frysk falt bêst ta, yn: de Ljouwerter Krante, 8 febrewaris 2018, s. 18
  30. 1 2 3 Altena, Stef, LF2018 onder vuur om negeren journalistenmoord, yn: de Ljouwerter Krante, 17 april 2018, s. 1.
  31. 1 2 3 4 Walthaus, Asing, Cultuur op de vlakte, yn: de Ljouwerter Krante, 21 april 2018, Sneon en Snein, s. 13..
  32. Walthaus, Asing, "LF2018 doet geen politieke uitspraken", yn: de Ljouwerter Krante, 18 april 2018, s. 2.
  33. 1 2 3 Jong, Matthea de, en Keulenmans, Chris, Draag titel Culturele Hoofdstad met verve, yn: de Ljouwerter Krante, 20 april 2018, s. 21.
  34. ——, Waterpistool-man zelf natgespoten, yn: de Ljouwerter Krante, 21 april 2018, s. 17.
  35. 1 2 3 Altena, Stef en Walthaus, Asing, Leeuwarden 2018 breekt met cultuurhoofdstad Valletta, yn: de Ljouwerter Krante, 27 april 2018, s. 1..
  36. ——, "I was wrong in calling Urso a bitch" - V18 Artistic Director Mario Philip Azzopardi, yn: The Malta Independent, 26 april 2018.
  37. Walthaus, Asing, Maltese minister komt in Friesland tekst en uitleg geven, yn: de Ljouwerter Krante 28 april 2018, s. 4
  38. 1 2 ——, Baas Valletta2018: "Kritiek is opgeblazen", yn: de Ljouwerter Krante, 4 maaie 2018, s. 29.
  39. Altena, Stef, Maltese burgemeester geneert zich voor leiding Valletta2018, yn: de Ljouwerter Krante, 12 juny 2018, s. 2.
  40. Westrheenen, Saskia van, Rel met Malta escaleert: ingrijpen Blok gevraagd, yn: de Ljouwerter Krante, 23 juny 2018, s. 1.
  41. Westrheenen, Saskia van, Actie Den Haag in Kwestie-Malta, yn: de Ljouwerter Krante, 23 juny 2018, s. 21.
  42. Westrheenen, Saskia van, Na politieke druk: minister Malta komt naar Friesland, yn: de Ljouwerter Krante, 27 juny 2018, s. 3.
  43. Westrheenen, Saskia van, IJskoud bestand met Malta, yn: de Ljouwerter Krante, 13 july 2018, s. 17.
  44. Walthaus, Asing, "Bonnici verdraaide onze woorden", yn: de Ljouwerter Krante, 14 july 2018, s. 18.
  45. ——, Nieuwe Rel Malta om Vermoorde Journaliste, yn: de Ljouwerter Krante, 30 july 2018, s. 3.
  46. 1 2 3 Boer, Jantien de, et al., 2018: LF2018 Enquête, by de Ljouwerter Krante, 31 desimber 2018, s. 7-8.
  47. Overduin, Irene, Uitblazen na de finish, yn: de Ljouwerter Krante, 23 febrewaris 2019, s. 2-3.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.