Landkreis Lüchow-Dannenberg
flagge wapen
polityk
soarte gebietlânkring
lân Dútslân
bûnslân Nedersaksen
haadplakLüchow
tal gemeenten27
kentekenDAN
Kreisschlüssel03 3 54
sifers
ynwennertal48.503 (2020)
oerflak1.220,75 km²
befolkingstichtens176 / km²
oar
stifting1932
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
koördinaten53°1′ N 11°7′ E
websideside lânkring Lüchow-Dannenberg

De Landkreis Lüchow-Dannenberg is de meast eastlike lânkring fan it Dútske bûnslân Nedersaksen. Mei goed 48.000 ynwenners is de lânkring neffens ynwennertal de lytste fan it lân. Ek is de lânkring de tinst befolke lânkring fan de âlde dielsteaten. De lânkring is lid fan de Metropoalregio Hamburch. Haadstêd en it plak mei de measte ynwenners is Lüchow. De op ien nei grutste stêd is Dannenberg.

De lânkring wurdt ek wol it Hannoversches Wendland neamd, fakentiden ek gewoan Wendland. Dy namme is ôflaat fan de Wenden, de eardere slavyske bewenners dy't harren dêr yn de 9e iuw nei wenjen setten en de nammen joegen (dy't fakentiden einigje mei útgong -ow) oan de hjoeddeiske ringdoarpen yn it Wendland.

De lânkring Lüchow-Dannenberg ûntstie op 1 oktober 1932 troch de gearfoeging fan de twa yn 1885 foarme prusyske lânkringen Dannenberg en Lüchow.

Geografy

De lânkring grinzget mei de klok mei en begjinnend fanút it noardeasten oan de lânkring Ludwigslust-Parchim (yn Meklenburch-Foarpommeren), oan de lânkring Prignitz (in Brandenburch), oan de lânkringen Stendal en Altmarkkreis Salzwedel (beide yn Saksen-Anhalt) en oan de lânkringen Uelzen en Luneburch (beide yn Nedersaksen).

Lüchow-Dannenberg leit yn it Noarddútske oergongsgebiet fan it subatlantyske nei it subkontinentale klimaat. De Drawehn, in foar in part beboske en foar in part agrarysk heuvelgebiet, draacht by oan de klimaatferoaring en fuortsterket de kontinintale ynfloed op de eastlike kant fan de lânkring. De noardlike grins fan de lânkring wurdt foarme troch de brede delte fan de Elbe. Grutte dielen fan de delte binne beskerme natoergebiet. In grut part fan de lânkring wurdt ek foarme troch it Natoerpark Elbhöhen-Wendland. Troch de klimaatferoaring en de eartiids grutte oerstreamings fan de Elbe, wertroch it gebiet tin befolke bleau, hat it gebiet in grutte natuerlike diversiteit mei in tige rike flora en fauna.

Gemeenten

De lânkring Lüchow-Dannenberg is sûnt 1 novimber 2006 te ferdielen yn trije samtgemeinden mei meiïnoar 27 gemeenten en twa gemeentefrije gebieten. Fierder hat de lânkring twa gemeentefrije, net bewenne gebieten.

Gemeenten yn de lânkring Lüchow-Dannenberg

Samtgemeinden mei de dêrûnder fallende gemeenten.

* Sit fan it bestjoer fan de samtgemeinde

  • 1. Samtgemeinde Elbtalaue
  1. Damnatz
  2. Dannenberg (Elbe), stêd *
  3. Göhrde
  4. Gusborn
  5. Hitzacker (Elbe), stêd
  6. Jameln
  7. Karwitz
  8. Langendorf
  9. Neu Darchau
  10. Zernien
  • 2. Samtgemeinde Gartow
  1. Gartow, flekke *
  2. Gorleben
  3. Höhbeck
  4. Prezelle
  5. Schnackenburg,stêd
  • 3. Samtgemeinde Lüchow (Wendland)
  1. Bergen an der Dumme, flekke
  2. Clenze, flekke )
  3. Küsten
  4. Lemgow
  5. Lübbow
  6. Lüchow (Wendland), haadstêd *
  7. Luckau (Wendland)
  8. Schnega
  9. Trebel
  10. Waddeweitz
  11. Woltersdorf
  12. Wustrow (Wendland), stêd

Gemeentefrije gebieten

  1. Gartow
  2. Göhrde

Keppeling om utens

 
Nedersaksen
Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.