In lûkstriel is in apparaat mei it fermogen om in foarwerp fan in ôfstân nei in oar foarwerp ta te lûken. It konsept is (noch) fiktyf, en waard yn 1931 betocht troch de Amerikaanske skriuwer E.E. Smith foar syn science fiction-roman Spacehounds of IPC. De lûkstriel waard fan 'e 1960-er jierren ôf popularisearre troch de ferskate Star Trek-tillefyzjesearjes en sûnt de 1970-er jierren troch de Star Wars-films. Men kin dan tinke oan in romteskip dat mei syn lûkstriel in oar romteskip op 'sleeptou' nimt of de baan fan in asteroïde feroaret. Fan 'e 1990-er jierren ôf hawwe wittenskippers bodde om 'e lûkstriel ta wurklikheid te meitsjen, en dêrby hawwe se op mikroskopysk nivo in bytsje foarútgong boekt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |