It Lêste Nachtmiel fan Leonardo da Vinci

It Lêste Nachtmiel of Lêste Jûnsmiel is in ferneamd foarfal út it Nije Testamint. Jezus hat flak foar syn dea oan it krús mei syn dissipels it Joadske Peaskemiel holden. Under it miel hat Jezus it Nachtmiel ynsteld en kaam it ferrie fan Judas en de Ferleagening fan Petrus oan it ljocht.

It foarfal

Yn de oanrin nei it feest fan it ûnsuorre brea sochten de skriftgelearden en hegepreesters nei in mooglikheid om Jezus te deadzjen. Doe dreau Satan yn de apostel Judas en hy gie nei de preesters en de timpelwacht om te oerlizzen op hokker wize hy Jezus oeleverje koe.
Op de dei fan it ûnsuorre brea joech Jezus Petrus en Jehannes opdracht om it peaskemiel klear te meitsjen. Yn de stêd kamen de twa apostels in man mei in krûk tsjin, dy't harren in grutte boppeseal sjen liet dêr't it peaskemiel plak fine koe.

De refter op de Berch Sion yn Jeruzalim, dêr't Kristus mei de apostels it lêste nachtmiel dielt hawwe soe

Dy jûns kamen Kristus mei de apostels byinoar yn de boppeseal. Jezus wist dat Hy de oare deis stjerre soe en dêr dielde Kristus foar de lêste kear bôle en wyn mei syn apostels. Hy naam it brea, briek it en joech it de learlingen mei de wurden Dit is Myn lichem, dat foar jimme jûn wurdt, bliuw dit dwaan om my te betinken. Nei it miel naam Kristus de beker mei de wurden: Nim dizze beker en drink der út, want it is de beker fan it ivich duorjende ferbûn, dit is it bloed dat foar jim en alle minsken fergetten wurdt om de sûnden te ferjaan. Bliuw dit dwaan om My te betinken.
Deselde jûn fertelde Jezus de apostels dat hy troch it ferrie fan ien fan harren oerlevere wurde soe sa't dat beskikt wie. Wylst de apostels strideraasje krigen oer de fraach wa't dat wol net wêze koe frege Judas oan Jezus wa't de ferrieder wie en Jezus andere him dat hy it wêze soe en dat hy mar gau dwaan moast wat er fan doel wie. Judas ferliet doe it selskip en de apostels hiene der gjin aan fan wat dit te betsjutten hie en tochten dat Judas, dy't ek ponghâlder wie, der op út stjoerd waard om wat te keapjen.
Doe't Jezus harren fertelde wat him te wachtsjen stie, sei Petrus dat er him nea fan Jezus ôfkeare soe. Jezus andere: Wier, Ik sis it dy: fannacht noch, ear't de hoanne kraaid hat, silst trije kear sizze, datst My net kenste.
Dêrnei giene Jezus en syn dissipels nei it hôf fan Getsémané, dêr't Jezus oppakt wurde soe.

Fiering

Yn in soad kristlike tsjerken wurdt it Nachtmiel noch hieltyd betocht. Protestantske tsjerken fiere it yn de foarm fan it Hillige Nachtmiel en is ien fan de twa sakraminten. Yn de Roomsk-katolike tsjerken en de Eastersk-otterdokske tsjerken wurdt it Lêste Nachtmiel betocht yn de eucharisty
Neffens katolike tradysje barde it Lêste Nachtmiel op Wite Tongersdei. De boppeseal dêr't it Nachtmiel holden waard, wurdt coenaculum of cunaculum neamd. Der wurdt oannaam dat dy seal op de berch Sion, by Jeruzalim, stie. De Krúsfarders bouden in kapel op it ûnderstelde plak.

Sjoch ek

Galery

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.