De demonesse Lilith boartet mei in slange, troch John Collier (1892).

In demon (útspr.: [de'mon] of ['demon], likernôch: "dee-mon" of "dee-mon"; meartal: demoanen) is boasaardige geast. It wurd is ôfkomstich út it Gryksk en giet werom op δαίμων, daimon, dat eins 'godheid' betsjut, en oarspronklik in frij neutrale lading hie. Yn it kristendom wurde demoanen yn 'e regel lykwols beskôge as fallene ingels en/of mindere duvels. Demoanen wurde dêrfandinne ek wol oantsjut as kweageast, hoewol't dat eins in minder spesifike beneaming is. De stúdzje nei demoanen is de demonology.

Klassike Aldheid

Yn 'e Grykske Aldheid waarden demoanen yn 'e regel as goedaardich opfette. Mei dizze oantsjutting koe ferwiisd wurde in (mindere) godheid, mar ek nei in fergoade held, in beskermingel of in oarsoartige yntermediêr tusken minsken en goaden. Yn 'e dialooch Symposium, fan 'e wiisgear Plato, datearjend fan omtrint 384 f.Kr., beweart Sokrates bygelyks dat al it demoanyske healwei it godlike en it minsklike bestiet.

Yn Plato syn fisy op 'e kosmology spilen demoanen boppedat in grutte rol: yn 'e Timaeus skept de "Demiurch" it hielal en de mindere goaden, mar lit dêrnei it skeppen fan 'e minsken en de oare stjerlike wêzens oer oan 'e demoanen. Dêrby wurde demoanen min ofte mear foarsteld as ferhefte fâden fan 'e stjerlingen, en as beskermjende geasten dy't ferbûn binne mei de suvere rede. Lettere Aldgrykske auteurs ferwize ornaris ek nei de spirituële begelieding dy't demoanen oan stjerlingen biede. Dêrby wurdt harren de moreel kontrolearjende rol taparte fan 'e ynderlike stim fan it gewisse.

Yn 'e Romeinske Aldheid koene demoanen goedaardich wêze (en waarden dan agathadaemon neamd), mar der kamen ek boasaardige demoanen foar (dy't cacodaemon neamd waarden). De demoanen fan dy lêste soarte waarden neffens de Romeinen oanroppen troch tsjoenders, dy't harren help ôfsmeekje of ôftwinge koene.

Joadendom

Yn it joadendom wurde demoanen šedim (útspr. "sjee-dym") neamd, nei it Hebriuwske wurd foar 'geasten'. Mei't der frijwol gjin demoanen foarkomme yn 'e Joadske Bibel, binne de mienings mank de rabbinen oer it al of net bestean fan demoanen hjoed de dei ferdield. Yn elts gefal bestiet der gjin inkel dogma dat de joaden ferplichtet ta it leauwen yn it bestean fan demoanen, en sadwaande beskôget in grut diel fan 'e joaden demoanen as in foarm fan byleauwe.

Kristendom

Yn it kristendom waard de Grykske beneaming 'demon' oernommen, mar ferskode de betsjutting nei in fierhinne negative lading troch ferwizing nei útslutend boasaardige mytyske wêzens. Neffens de Bibel binne demoanen fallene ingels of mindere duvels dy't ûnder lieding steane fan Satan of Lusifer, de opperduvel. Dat soe oan it begjin fan 'e tiden ien fan 'e aartingels fan God west hawwe, dy't lykwols nei in rebûlje tsjin God mei syn folgelingen út 'e himel ferballe en nei de hel ferdreaun waard.

Yn 'e Bibel wurdt oan demoanen in beskate boaze macht oer folken en lannen takend, de saneamde 'kweageasten yn 'e himelske gewesten' dêr't de apostel Paulus it oer hat yn syn Brief oan de Efeziërs (haadstik 6) en dy't ek op it aljemint komme yn it boek Daniël (haadstik 10). Yn 'e praktyk kaam dizze sjenswize derop del dat de kristenen de goaden fan heidenske religyen lyksloegen mei demoanen.

Neffens it Nije Testamint hat Jezus Kristus as Soan fan God macht oer demoanen. Ferskate kearen wurdt yn 'e evangeeljes ferteld hoe't er demoanen út besette persoanen útbant. Ek syn apostels soen op in stuit macht krigen hawwe om demoanen út te driuwen. Tsjintwurdich komt yn ferskate kristlike tsjerkgenoatskippen noch it ferskynsel fan duvelútdriuwing foar; sa ken de Roomsk-Katolike Tsjerke bgl. it sakramintaalje fan it eksorsisme. Yn beskate protestantske tsjerken, benammen guons dy't ta it saneamde evangelysk kristendom hearre, spilet it leauwen yn duvelske besettenens en duvelútbanning ek noch in wichtige rol.

Yn 'e Iepenbiering fan Jehannes, it lêste bibelboek fan it Nije Testamint, wurdt foarsein hoe't it de demoanen oan 'e Ein fan de Tiden fergean sil. Neffens dy profesije sille hja op 'e dei fan it Lêste Oardiel mei harren lieder Satan en alle ûnrjochtfeardige minsken as ivige straf yn in poel fan fjoer en swevel smiten wurden. Ut 'e kristlike ideeën oer demoanen is ek in anty-kristlike religy fuortkommen wêryn't demoanen en it kwea krekt ferhearlike wurde: it satanisme.

Islaam

Yn 'e islaam komme ek demoanen foar, dy't dêr djin neamd wurde, nei de pre-islamityske geasten út 'e Arabyske folkloare. De (opper)duvel stiet yn 'e islaam bekend as Shaitan of Iblis. Dyselde wurdt dêr (krekt as Lusifer yn it kristendom) beskôge as in fallene ingel dy't yn opstân kaam tsjin God nei't dy him opdroegen hie om foar Adam, de earste minske, te bûgen.

Neffens de koranyske soera Al-Hidjr soed er doe út grutskens sein hawwe dat er better wie as Adam, om't dy út ierde makke wie en hysels út fjoer. God woe him doe fuortstjoere, mar Iblis frege him om útstel, sadat er Adam en syn neiteam op 'e proef stelle koe, troch te besykjen en bring harren fan it leauwe yn God ôf. Dat stie God him ta, en it ferskil mei it kristendom is dus dat yn 'e islaam de duvel (noch) gjin straf foar syn opstannigens oplein krigen hat. Yn 'e islaam wurdt de duvel dêrom net beskôge as kwea-aardich, mar as in ferlieder, dy't lykwols de wil fan God docht.

Hindoeïsme

Yn it hindoeïsme komme wêzens foar dy't klassifisearre wurde kinne as demoanen, om't it kwea-aardige boppenatuerlike wêzens binne. Dêrby moat men tinke oan 'e raksjasa's, de asoera's, de fetala's en de pisjatsja's. De âldsten dêrfan binne de asoera's, dat in soarte fan healgoaden binne dy't sawol goed- as boasaardich wêze kinne. Yn it hindoeïsme binne demoanen gauris ferbûn mei immens karma; as men in tige min karma hat (d.w.s. as men in soad minne dingen útheefd hat), kin men nei jins dea reynkarnearre wurde as in demon.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.