De Kurasau likeur.

De Kurasau is in likeur dy’t in makke wurdt op Kurasau.

De likeur wurdt al desenniums lang makke yn it hearehûs Chobolobo. Kurasau likeur waard foar it earst yn de 19e iuw makke en ferkocht troch de Senior famylje, in Joadske famylje fan Spaanske en Portegeeske komôf.

It wurdt makke fan de laraha, in soere sinasappel dy’t op Kurasau ferboud wurdt. De laraha wurdt iepensnien mei in houten mes. Dit moat oksydaasje fan de fruchten tsjin gean. Om de likeur te meitsjen wurdt de skyl fan de sinasappel drûge, wêrtroch de oalje der útkomt. Dêrnei wurdt de skyl foar in pear dagen yn alkohol en wetter lein, dan wurdt de skyl derút helle en wurde oare yngrediïnten derby dien. Nei it tameitsjen wurde de flessen mei de hân fold en wurdt der in koark op dien.

De drank smakket wat nei sinesappel, mei ferskate nivo’s yn bitterheid. It is eins kleurleas, mar mei kleurstoffen wurdt der in kleur oan de drank jûn, wêrtroch it in eksoatysk foarkommen krijt. De Kurasau is te krijen yn fiif ferskillende kleuren, kleurleas, read, grien, giel en blau. De blauwe ferzje is it meast ferneamd.

Oare likeuren wurde ek wol as Kurasaus ferkocht, mei ferskate smaken, bygelyks kofje, sûkelarje en rum rezyn.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.