Ksylofoan foar bern

De konsert ksylofoan is in muzykynstrumint dat by it stimd slachwurk heard en bestiet út twa rigen toetsen, dy't ophongen binne oan in op in freem spand tou. Ien rige foar de wite toetsen, as it ferlike wurdt mei in piano en in rige foar de swarte. Under elke toets kin in resonator hingje om de grûntoan te fersterkjen. Omdat de toanhichte (ûnder oare) ôfhinget fan de lingte fan de toets binne de leechste toanen folle langer as de heechste (itselde jildt foar de resonatoaren).

De namme komt fan it Grykske xylos dat 'hout' betsjut. Der binne mear ynstruminten dy't yn de folksmûle 'ksylofoan' neamd wurde:

  • Fibrafoan
  • Marimba
  • Glockenspiel of Metallofoan
  • Balofoon

Under oare yn it Orff-ynstrumintarium komt in besibbe ynstrumint foar dat fan koarte metalen toetsen makke wurdt, meast sûnder resonator. Dat wurdt gauris in 'ksylofoan' neamd, mar is winliken in metallofoan.

De ksylofoan wurdt ek yn in tal klassike stikken brûkt, lykas de Sabeldûns fan Chatsjatoerjan, Danse macabre en Carnival des Animeaux fan Camille Saint-Saëns. Yn in symfony wurdt de ksylofoan foar it earst brûkt yn Gustav Mahler's Symfony Nr. 6.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.