In krystfilm is in film dy't oer de kryst giet en sadwaande ornaris yn 'e oanrin nei de krystdagen útbrocht wurdt en yn 'e bioskopen spilet, en yn lettere jierren ek faak mei de kryst op 'e tillefyzje útstjoerd wurdt. Men kin dan bygelyks tinke oan it grutte ferskaat oan ferfilmings fan 'e novelle A Christmas Carol, fan Charles Dickens. Guon (oare) foarbylden fan krystfilms binne:

  • A Christmas Carol (1938)
  • A Christmas Carol (1971)
  • A Christmas Carol (1984)
  • A Christmas Carol (1999)
  • A Christmas Carol (2004)
  • Bad Santa (2003)
  • Borrowed Hearts (1997)
  • Deck the Halls (2006)
  • Dr. Seuss' How the Grinch Stole Christmas (2000)
  • Elf (2003)
  • The Family Man (2000)
  • Four Christmases (2008)
  • The Grinch (2018)
  • The Holiday (2006)
  • Home Alone (1990)
  • Home Alone 2: Lost in New York (1992)
  • It's a Wonderful Life (1946)
  • Jingle All the Way (1996)
  • Love Actually (2003)
  • Miracle on 34th Street (1947)
  • Miracle on 34th Street (1994)
  • National Lampoon's Christmas Vacation (1989)
  • Noelle (2019)
  • The Nutcracker (1967)
  • On the 2nd Day of Christmas (1997)
  • The Santa Clause (1994)
  • The Santa Clause 2 (2002)
  • The Santa Clause 3: The Escape Clause (2006)
  • Scrooged (1988)
  • While You Were Sleeping (1995)


Oer it algemien binne krystfilms famyljefilms, dy't gaadlik binne om sjoen te wurden troch sawol folwoeksenen as bern, mar der besteane ek kryst-aksjefilms, lykas Die Hard (1988) en Die Hard 2 (1990), en kryst-horrorfilms, lykas Santa's Slay (2005), All Through the House (2015) en Krampus (2015).

Fierders bestiet der noch in kategory films dy't eins gjin krystfilms binne, mar dy't dochs gauris mei de kryst útstjoerd wurde. Men kin dan tinke oan de Sissi-trilogy (1955-1957), The Sound of Music (1965), Willy Wonka & the Chocolate Factory (1971), Little Lord Fauntleroy (1980), Annie (1982), E.T. the Extra-Terrestrial (1982), Hachi: A Dog's Tale (2009), en Charlie and the Chocolate Factory (2005). Oare eins-net-krystfilms dy't mei de kryst en âld en nij in protte útstjoerd wurde, binne tekenfilms fan Disney (lykas Beauty and the Beast, The Lion King en Frozen) en fan oare filmstudio's (lykas Finding Nemo en films út 'e Ice Age-, Kung Fu Panda-, Shrek- en Toy Story-searjes).

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.