Kruiningen | ||
Alde riedshûs | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Provinsje | Seelân | |
Gemeente | Reimerswaal | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.855 2023[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 51° 26'N 4° 2'E | |
Offisjele webside | ||
Side Doarpsried | ||
Kaart | ||
Kruiningen (Siuwsk: Krunege) is in plak op Súd-Bevelân yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp is it haadplak fan 'e gemeente Reimerswaal en hie yn 2023 4.855 ynwenners.
Skiednis
Kruiningen wie oarspronklik ien fan 'e eilannen, dy't letter Súd-Bevelân foarmen. Muontsen fan 'e abdijen Ter Duinen en Ter Doest leine de diken yn 'e omjouwing oan.
Sûnt 1 july 1868 hat it doarp it treinstasjon Kruiningen-Yerseke. Yn 1953 waard Kruiningen slim troffen by de wettersneed fan 1953. 62 ynwenners kamen om en it hiele doarp stie in heal jier ûnder ynfloed fan eb en floed. By Kruiningen wie eartiids de oerset Kruiningen-Perkpolder, dy't nei de iepening fan 'e Westerskeldetunnel oerstallich en yn 2003 opheft waard.
Oant 1970 wie Kruiningen in selsstannige gemeente, dêr't ek Hansweert en in part fan Oostdijk by hearde. De gemeente Kruiningen waard op 1 jannewaris 1970 opheft; tegearre mei de gemeenten Rilland-Bath, Krabbendijke, Waarde en Yerseke en foarmet sûnt de gemeente Reimerswaal.
Tsjerke
Kruiningen is in tige tsjerksk plak. It doarp hat tsjerken fan 'e Grifformearde Gemeente, de Grifformearde Gemeente yn Nederlân, de Frije Grifformearde Gemeente, de Protestantske Tsjerke yn Nederlân en de Werstelde Herfoarme Tsjerke.
It besjen wurdich
- Nei in brân waard de letgoatyske Jehannestsjerke yn 'e 15e en 16e iuw op 'e nij boud. De toer is lykwols âlder en 14-iuwsk. Yn 'e tsjerke stiet de grêftombe fan Arnoud van Cruningen (ferstoarn yn 1561), in hear fan it skaai fan Kruiningen.
- De bult- en nôtmûne 'De Oude Molen' waard yn 1801 boud.
- Tichteby it doarp leit it natoergebiet Den Inkel, dat ûntstie by it brekken fan 'e dyk yn 1953.
Ofbylden
- Jehannestsjerke
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Reimerswaal | ||
---|---|---|
Doarpen: Hansweert • Yerseke • Krabbendijke • Kruiningen • Oostdijk • Rilland • Waarde | ||
Buorskippen: Bath • Gawege • Middenhof • Roelshoek • Stationsbuurt • Vlake • Völckerdorp | ||
wizigje |