De Kromme Knilles is de namme fan De Boarn tusken Aldskou en Akkrum, yn de gemeente It Hearrenfean. Neffens de sêge fan de Akkrumer reuzen wie 'Kromme Knilles' de namme fan de reus dy't dit stik fan De Boarn groeven hat. It tsjut yn alle gefallen ek op it sterke meänderjen dêrfan.
Yn Akkrum komt de Meinesleat út op de Kromme Knillis, by Aldskou komt de Kromme Knillis út op de fjouwersprong mei it Prinses Margrietkanaal, it Rak fan Ungemak en de Nije Wjittering. Yn de 19e iuw wie likernôch healweis oan de noardkant fan de Kromme Knillis fia in syl in ferbining nei de Bokkumer Mar. Bysûnder is fierders dat krekt bûten Akkrum, oan de westkant oer in lytse hûndert meter noch in stikje uterwaard fan de Boarn bewarre bleaun is.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.