De Kromme Grou is in feart yn de gemeente Ljouwert. It wetter is it ferlingde fan De Boarn by Jirnsum en bûcht noardeastlik fan Jirnsum ôf nei Grou . It stik nei de suveringsynstallaasje en de spoarbrêge hjit Rjochte Grou.
De namme Kromme Grou jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Kromme Grouw.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.