Krite Weener
Kreis Weener
1885-1932
flagge wapen
Nog geen vlag Wapen fan Weener
geografyske lokaasje

Lokaasje Weener yn Hannover
polityk
lân Dútske Keizerryk
flagge fan Dútslân Dútske Ryk (Weimarrepublyk)
dielsteat Prusen
provinsje Hannover
haadstêd Weener
talen Dútsk (offisjeel)
Eastfrysk Plat
foarm Landkreis
ûntstien út Amt Weener
opgien yn lânkring Lier
no diel fan lânkring Lier
sifers
ynwennertal 21.329 (1925)
befolkingstichtens 73 / km² (1925)
oerflak 290,22 km²

De Krite Weener (Dútsk: Kreis Weener) wie fan 1885 oant 1932 in lânkring yn de Prusyske provinsje Hannover.

Geografy

De krite omfieme it gebiet fan it Eastfryske part fan it Reiderlân. Parallel westlik fan de Iems rint de Fryske Strjitte, in midsiuwske hannelswei fan Emden nei Múnster.

Yn it noarden grinzge de krite oan de doetiidske lânkring Emden, yn it easten oan de krite Lier, yn it suden oan de krite Aschendorf en yn it westen oan it Keninkryk fan de Nederlannen.

It gebiet fan de krite beslacht it gebiet fan de hjoeddeistige gemeenten Bunde, Jemgum, Weener en it doarp Bingum, dy't hjoed-de-dei ûnder de stêd Lier falt.

Skiednis

Yn 1867 waard it Keninkryk Hannover troch Prusen anneksearre en ta de provinsje Hannover omfoarme. Yn it ramt fan de bestjoerlike weryndieling foar de provinsje waard op 1 april 1885 t úit âlde Hannoverske Amt Weener wei de Krite Weener foarme. It haadplak wie de stêd Weener. De krite waard by de Regierungsbezirk Auwerk yndield.

Yn 1932 waard troch in oardering fan it Prusyske Ministearje fan Bûtenlânske Saken de krite Weener opheft en gearfoege by de krite Lier.

Untwikkeling ynwennertal

Jier 1890 1900 1910 1925
Ynwenners 20.431 20.525 20.537 21.329

Gemeenten

De gemeenten fan de Krite Weener mei de ynwennertallen fam 1. desimber 1910 en fan 16. juny 1925:

Gemeente Yw. 1910 Yw. 1925
Beschotenweg289292
Bingum735722
Boen417455
Böhmerwold115132
Bunde18111985
Bunderhammrich760718
Bunderhee720817
Bunderneuland166165
Charlottenpolder118115
Critzum285315
Diele611616
Ditzum798776
Ditzumerhammrich803710
Hatzum351334
Heinitzpolder101183
Holtgaste293343
Holthusen16531742
Jemgum11331073
Kirchborgum332323
Landschaftspolder311305
Marienchor111112
Midlum307320
Nendorp135144
Oldendorp159160
Pogum293275
Sankt Georgiwold154128
Stapelmoor12141276
Vellage260235
Weener39234127
Weenermoor11011275
Wymeer10781156

Bestjoerders

  • 1885–1888 Matthias Knaus
  • 1888–1893 Lümko Iderhoff
  • 1893–1904 Adolf Kriege
  • 1904–1909 Karl Gosling
  • 1909–1927 Erich Bachmann
  • 1927–1927 Hans Freiherr von Oldershausen (kommissarisch)
  • 1927–1927 Emil Wehriede (kommissarisch)
  • 1928–1932 Benno Eide Siebs
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.