Kristina fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | ±1273 | |
berteplak | Kastiel fan Turnberry (Skotlân) | |
stjerdatum | 1356/1357 | |
stjerplak | ? (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Normandysk Skotsk Iersk |
Kristina fan Bruce (Ingelsk: Christina Bruce, Normandysk-Frânsk: Christine de Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1273 – Skotlân, 1356/1357) wie in Skotsk ealfrouwe dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie. Hja wie in suster fan kening Robert I fan Skotlân, en waard fan 1306 oant 1314 troch de Ingelsen finzen holden. Letter spile se ûnder de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch in wichtige rol troch har ferdigening fan it Kastiel fan Kildrummy.
Libben
Kristina wie in dochter fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale en dy syn frou Marjorie, grevinne fan Carrick. Hja kaam omtrint 1273, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry yn it greefskip Carrick, te wrâld, al pleatse guon boarnen har bertejier letter, om 1278 hinne. Kristina wie in âldere suster fan kening Robert I fan Skotlân, dy't yn 1306, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân op 'e troan kaam. Se wie ek de jongere suster fan Isabella fan Bruce, de keninginne fan Noarwegen, mei wa't se in grut part fan har libben in briefkerij ûnderhold.
Koart nei't er him ta kening kroanje litten hie, litte Kristina har broer Robert mids juny 1306 in nederlaach yn 'e Slach by Methven, en yn augustus fan dat jier kamen de Ingelsen him suver oer it mad te Strathfillan, dêr't er beskûl socht hie. Hy moast doe halje-trawalje de wyk nimme, wêrnei't er mei syn meast fertroude folgelingen ûndergrûnsk gie. De froulju en bern dy't diel útmakken fan syn selskip stjoerde Robert doe ûnder beskerming fan syn broer Neil en Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl, nei it Kastiel fan Kildrummy. Dêrûnder wiene Robert syn frou Elizabeth fan Burgh, syn jonge dochter Marjorie, syn susters Kristina en Marije en Isabella MacDuff, grevinne fan Buchan.
Doe't it Kastiel fan Kildrummy troch de Ingelsen belegere waard, wiene de froulju twongen om te flechtsjen. Nei ferrie troch Willem II, greve fan Ross, waard harren selskip lykwols yn Tain finzen nommen troch de Ingelsen. Neil fan Bruce, dy't it kastiel langernôch ferdigene hie dat de froulju fuortkomme koene, waard terjochtsteld, wylst de froulju sels útsûnderlike ûnmeilydsum behannele waarden. Marije fan Bruce en Isabella MacDuff waarden op it binnenplak fan 'e kastielen fan Roxburgh, resp. Berwick-upon-Tweed yn 'e iepen loft yn koaien ophongen, dêr't se de folgjende fjouwer jier yn trochbrochten. Kristina fan Bruce bleau it slimste besparre; sy waard nei in gilbertynsk nonnekleaster stjoerd yn Sixhills, yn it Ingelske greefskip Lincolnshire, dêr't se jierrenlang finzen holden waard, oant se nei de Ingelske nederlaach yn 'e Slach by Bannockburn, yn 1314, útwiksele waard tsjin Ingelske eallju dy't troch de Skotten kriichsfinzen makke wiene.
Kristina troude ferskate kearen. Har earste houlik soe yn 1292 mei Gartnait, greve fan Mar (†1305) west hawwe, de soan fan Donald I, greve fan Mar. Ut dit houlik soe hja mem west hawwe fan Donald II, greve fan Mar. Resint hawwe histoarisy it lykwols yn twifel lutsen oft dat houlik wol ea plakfûn hat, mei't der gjin inkele boarne is dêr't Kristina yn beskreaun wurdt as 'grevinne fan Mar' of 'Kristina fan Mar'. De mearderheid fan 'e saakkundigen beskôget dêrom dit houlik no as in fabeltsje. Wol wie Kristina troud mei de ridder Kristoffel fan Seton, dy't yn 1306 troch de Ingelsen terjochtsteld waard.
Nei har frijlitting út Ingelske finzenskip wertroude Kristina mei de folle jongere ridder Andréas fan Murray, de postume soan fan 'e frijheidsstrider Andréas fan Moray (†1297), dy't neitiid twa kear beskermhear fan Skotlân wie. Under de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch (1332-1357) fierde Kristina fan Bruce it befel oer it garnizoen fan it Kastiel fan Kildrummy doe't dy fêsting yn 1335 belegere waard troch David III fan Strathbogie, in Skotske ealman dy't it mei de Ingelsen hold. Yn 1338, doe't Andréas fan Murray sneuvele yn 'e Slach by Culblean, waard Kristina foar de twadde (of trêde) kear widdo. Sels kaam Kristina fan Bruce yn 1356 of 1357 te ferstjerren, doe't se omtrint 83 jier wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side. |