Kristansand | ||
Kristiansand | ||
Wapen | ||
Polityk | ||
Lân | Noarwegen | |
Provinsje | Agder | |
Gemeente | Kristiansand | |
Stedsyndieling | 12 stedsdielen | |
Sifers | ||
Oerflak | 276,37 km2 | |
dêrfan lân | 260,07 km2 | |
dêrfan wetter | 16,3 km2 | |
Ynwennertal | 112.588 (2021) | |
Befolkingstichtens | 352 inw./km | |
Oar | ||
Stifting | 1641 | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee | ||
Kaart | ||
- Net te betiizjen mei Kristiansund, in stêd yn 'e midden fan Noarwegen.
Kristiansand is in stêd yn Noarwegen. It is de haadstêd fan de provinsje (yn it Noarsk fylke) Agder. De stêd leit oan de kust, by de mûning fan de rivier de Otra, yn it fierste suden fan it lân.
Kristiansand is in relatyf jonge stêd, dy't yn 1641 troch de Deenske kening Kristiaan IV stifte waard. It sintrum fan de stêd, kvadraturen, wurdt skaaimerke troch in folslein rjochthoekich strjittepatroan.
As 'haadstêd fan it Suden' lûkt it plak in soad fakânsjegongers út Noarwegen. By de stêd leit in bistetún, Dyreparken, dêr't ek in attraksjepark oan keppele is. Alle jierren yn july wurdt it festival Quart holden, ien fan de grutte festivals yn Noarwegen.
Ynfrastruktuer
Ut Kristiansand wei sette fearboaten ôf fan de rederijen Color Line en Fjord Line nei Hirtshals yn Denemark. Sûnt 2022 hat de rederij Holland Norway Lines in fearferbining opset fanút de Eemshaven yn Grinslân.
Troch Kristiansand rinne twa wichtige dyken. De E18 ferbynt de stêd mei Oslo. De E39 ferbynd Kristiansund mei Stavanger
Kristiansund leit oan de spoarline fan Oslo nei Stavanger, it stasjon leit njonken de fearhaven en is der troch in kopstasjon. It fleanfjild Kjevik leit krekt bûten de stêd Kristiansand, en hat ferbiningen mei Oslo, Bergen, Stavanger, Keappenhaven en Amsterdam.
Berne yn Kristiansand
- Anton Jörgen Andersen, Komponist
- Jens Bjørneboe, skriuwer
- Camilla Collett, skriuwster
- Mette-Marit fann Noarwegen, frou fan de Noarske kroanprins
- Agnes Kittelsen, aktrise
- Petter Rudi, fuotballer
- Fredrik Strømstad, fuotballer
- Andreas Thorkildsen, atleet, wrâldkampioen
- Henrik Wergeland, dichter
Galery
- De rivier Otra rint troch de stêd
- Jachthaven
- Domtsjerke
- Strânpromenade
- Kristiaan IV fan Denemark en Noarwegen
- Christiansholm
- Fearhaven yn kristiansand
- Stasjon fan Kristiansand
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|