Kristiaan VI (Kopenhagen, 30 novimber 1699 - Hørsholm, 6 augustus 1746) wie yn it tiidrek 1730-1746 kening fan Denemark en Noarwegen, hartoch fan Sleeswyk en Holstein en greve fan Oldenburg en Delmenhorst.
Under it regear fan Kristiaan IV hie Denemark te lijen fan minne ekonomyske tiden. Oan de oare kant hoegde it keninkryk sûnt lange tiid gjin kriich te fieren. Syn styl fan regearjen wie absolutistysk. Yn Kopenhagen liet de kening de Kristiaansboarch bouwe.
De kening en syn frou wiene tige fromme minsken, itjinge foar it Deenske folk in ferplichte tsjerkegong ta gefolch hie.
Op 6 augustus 1746, ien dei foar de fiering fan syn suveren houliksjubileum, ferstoar de kening op Slot Hirschholm. Kristiaan VI waard byset yn de domtsjerke fan Roskilde en opfolge troch syn soan Freark V.
Famylje
De kening wie troud mei Sophie Magdalene fan Brandenburg-Kulmbach. Ut it houlik waarden trije bern berne:
- Freark V (* 31 maart 1723; † 14 jannewaris 1766), kening fan Denemark
- Louise (* 19 juny 1724; † 20 desimber 1724), prinsesse fan Denemark
- Louise (* 19 oktober 1726; † 8 augustus 1756), hartoginne fan Saksen-Hildburghausen.
Foarâlden
Stambeam Kristiaan VI fan Denemark | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Oerpakes en - beppes | Freark III fan Denemark (1609–1670) x Sophia Amalia fan Braunschweig-Lüneburg (1628–1685) |
Willem VI fan Hessen-Kassel (1629-1663) ∞ Hedwig Sophie fan Brandenburch (1623–1683) |
Johan Albrecht II fan Mecklenburch-Schwerin (1590–1636) x Eleonora Maria fan Anhalt-Bernburg (1600-1657) |
Freark III fan Sleeswyk-Holstein-Gottorp (1597–1659) ∞ Maria Elisabeth fan Saksen (1610-1684) | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Pakes en Beppes | Kristiaan V fan Denemark (1646–1699) x Charlotte Amalia fan Hessen-Kassel (1650–1714) |
Gustaaf Adolf fan Mecklenburg-Güstrow (1633–1695) ∞ Magdalena Sibylla fan Sleeswyk-Holstein-Gottorp (1631–1719) | ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Heit en mem | Freark IV fan Denemark (1671–1730) x Louise fan Mecklenburch (1667–1721) | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Kristiaan VI fan Denemarken (1699-1746) |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kristiaan VI fan Denemark fan Wikimedia Commons. |