Kris Longknife
algemiene gegevens
auteurMike Shepherd
taalIngelsk
foarmromansearje
sjenrescience fiction
1e publikaasje1999 – no
oarspr. útjwr.Ace Books

De Kris Longknife-searje, is in science fiction-romansearje fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Mike Shepherd. De rige spilet fier yn 'e takomst, as de minskheid him ferspraat hat nei de stjerren, en giet oer Kris Longknife, in jonge froulike ofsier yn 'e romtemacht fan har planeet, dy't opbokse moat tsjin 'e reputaasje fan har ferneamde famylje. It earste boek fan 'e Kris Longknife-searje yn bredere sin waard yn 1999 publisearre. Lange tiid kamen de boeken út by de New Yorkske útjouwerij Ace Books, mar yn 2016 briek Shepherd mei Ace en begûn er syn boeken yn eigen behear te publisearjen.

Searje-opbou

De romansearje bestiet yn bredere sin út de eigentlike Kris Longknife-rige en fierders út de Jump Universe-searje: in stikmannich prequel-romans oer Kris har foarâlden, en twa spin-offsearjes: de Admiral Santiago-rige, oer in oare froulike ofsier, de mei Kris befreone admiraal Sandy Santiago, en de Vicki Peterwald-rige, oer Kris har rivale Vicki Peterwald, dy't sels ek in telch út in ferneamde famylje is. Alle besibbe romansearjes mei-inoar steane ek wol bekend as de Society of Humanity Universe-searje.

Eftergrûn

Kris Longknife is de dochter fan 'e premier fan 'e planeet Wardhaven, en in telch út 'e tige ferneamde Longknife-famylje. Se stammet ôf fan oarlochshelden, yndustriëlen en regearingslieders, en der wachtet har in libben fan privileezje en macht. Kris, dy't in trauma meitôget dat weromgiet op 'e ûntfiering fan en moard op har jongere broer Eddy, keart dat lykwols allegear de rêch ta foar in karriêre as ofsier yn 'e romtemacht fan Wardhaven. Se soe it leafst ek alle bannen mei har famylje trochsnije, mar dat rêdt se net op. Krekt oarsom, wat se ek docht en hoefier't se ek útnaait, har famyljebannen lûke har almar wer werom nei hûs. Troch de jierren hinne makket se karriêre as in treflik ofsier. Har libben en de skiednis fan 'e hiele minskheid, feroarje lykwols alhiel fan koerts as Kris op in ferkenningsmisje fier fuort yn 'e romte op in freeslike fijân stjit.

Searje

Jump Universe-searje

  • Jump Universe-searje (allinnich de earste trije boeken fan 'e Unity War-trilogy binne oarspronklik skreaun ûnder de namme fan Mike Moscoe; alle oare boeken en ferhalen binne skreaun ûnder de namme fan Mike Shepherd)
    • Unity War-trilogy (oarspronklik skreaun as Mike Moscoe ûnder de titel fan 'e Ray Longknife-trilogy, mar yn 2012 op 'e nij útbrocht as Mike Shepherd en ûnder de namme de Unity War-trilogy)
      • 1999 – The First Casualty
      • 2000 – The Price of Peace
      • 2001 – They Also Serve
    • Inter-war Period
      • 2014 – To Do or Die (mei de wurktitel Hounds of War al ûnderweis sûnt 2000)
    • Iteeche War-trilogy
      • 2017 – Rita Longknife: Enemy Unknown
      • 2017 – Rita Longknife: Enemy in Sight
      • 20?? – Rita Longknife: Landing Party (oankundige yn 2018)

Kris Longknife-searje

  • Kris Longknife-searje (de koarte ferhalen binne yn 'e list hjirûnder ynpast neffens de folchoarder fan 'e ynterne gronology fan 'e searje)
    • 2004 – Kris Longknife: Mutineer
    • 2004 – Kris Longknife: Deserter
    • 2005 – Kris Longknife: Defiant
    • 2006 – Kris Longknife: Resolute
    • 2007 – Kris Longknife: Audacious
    • 2008 – Kris Longknife: Intrepid
    • 2009 – Kris Longknife: Undaunted
    • 2010 – Kris Longknife: Redoubtable (oarspronklik mei de wurktitel Superb)
    • 2011 – Kris Longknife: Daring (in roman dy't ek direkt foarôfgeande oan 'e Vicki Peterwald-searje spilet)
      • 2012 – Kris Longknife: Welcome Home/Go Away (koart ferhaal; allinnich as e-boek útbrocht)
    • 2012 – Kris Longknife: Furious
      • 2013 – Kris Longknife's Bloodhound (koart ferhaal; allinnich as e-boek útbrocht)
    • 2013 – Kris Longknife: Defender
    • 2014 – Kris Longknife: Tenacious
    • 2015 – Kris Longknife: Unrelenting (oarspronklik mei de wurktitel Relentless)
      • 2017 – Kris Longknife Among the Kicking Birds (koart ferhaal; as e-boek útbrocht; ek yn 'e bondel Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories)
    • 2016 – Kris Longknife: Bold (in roman dy't ek direkt nei de earste trije boeken fan 'e Vicki Peterwald-searje spilet)
      • 2016 – Ruth Longknife's First Christmas (koart ferhaal; as e-boek útbrocht; ek yn 'e bondel Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories)
      • 2017 – Kris Longknife's Bad Day (koart ferhaal; as e-boek útbrocht; ek yn 'e bondel Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories)
    • 2017 – Kris Longknife: Emissary
    • 2017 – Kris Longknife: Admiral
    • 2018 – Kris Longknife: Commanding
    • 2019 – Kris Longknife: Indomitable
    • 2019 – Kris Longknife: Stalwart
    • 2022 – Kris Longknife: Boot Recruit
      • spin-offwurken
        • 2020 – Longknifes: Defend the Legation
      • ferhalebondels
        • 2018 – Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories
          • Kris Longknife's Maid Goes on Strike
          • Ruth Longknife's First Christmas
          • Kris Longknife Among the Kicking Birds
          • Kris Longknife's Bad Day

Admiral Santiago-searje

  • Admiral Santiago-searje (in spin-offsearje fan 'e Kris Longknife-searje)
    • 2017 – Kris Longknife's Replacement
      • 2017 – Kris Longknife's Maid Goes on Strike (koart ferhaal; as e-boek útbrocht; ek yn 'e bondel Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories)
    • 2017 – Kris Longknife's Relief
    • 2018 – Kris Longknife's Successor

Vicki Peterwald-searje

  • Vicki Peterwald-searje ( in spin-offsearje fan 'e Kris Longknife-searje)
    • 2014 – Kris Longknife's Assassin (koart ferhaal; allinnich as e-boek útbrocht)
    • 2014 – Vicki Peterwald: Target
    • 2015 – Vicki Peterwald: Survivor
    • 2016 – Vicki Peterwald: Rebel
    • 2018 – Vicki Peterwald: Dominator
    • 2019 – Vicki Peterwald: Implacable

Untfangst

Resinsinte Liz Bourke kwalifisearre de Kris Longknife-rige yn in boekbesprek op 'e webside fan Tor Books as "yntellektueel lichtgewicht", mar "kleverich fermaaklik, fol ûnwierskynlike súksessen, hiermoardners, floatmaneuvers en riskante 'doch-it-of-stjer'-heldedieden."

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Jump Universe-searje
  • Moscoe, Mike, The First Casualty, New York, 1999 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 05 932.
  • Moscoe, Mike, The Price of Peace, New York, 2000 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 06 953.
  • Moscoe, Mike, They Also Serve, New York, 2001 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 07 950.
  • Shepherd, Mike, To Do or Die, New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 62 528.
  • Shepherd, Mike, Rita Longknife: Enemy Unknown, Vancouver (Washington), 2017 (KL & MM Books), ISBN 978-1 64 21 10 067.
  • Shepherd, Mike, Rita Longknife: Enemy in Sight, Vancouver (Washington), 2017 (KL & MM Books), ISBN 978-1 64 21 10 081.
Kris Longknife-searje (romans)
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Mutineer, New York, 2004 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 11 421.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Deserter, New York, 2004 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 12 275.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Defiant, New York, 2005 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 13 494.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Resolute, New York, 2006 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 14 538.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Audacious, New York, 2007 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 15 412.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Intrepid, New York, 2008 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 16 518.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Undaunted, New York, 2009 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 17 867.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Redoubtable, New York, 2010 (Ace Books), ISBN 978-0 44 10 19 564.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Daring, New York, 2011 (Ace Books), ISBN 978-1 93 70 07 034.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Furious, New York, 2012 (Ace Books), ISBN 978-1 93 70 07 393.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Defender, New York, 2013 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 53 410.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Tenacious, New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 52 901.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Unrelenting, New York, 2015 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 77 379.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Bold, New York, 2016 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 77 386.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Emissary, Vancouver (Washington), 2017 (KL & MM Books), ISBN 978-1 54 88 00 611.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Admiral, Vancouver (Washington), 2017 (KL & MM Books), ISBN 978-1 64 21 10 098.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Commanding, Vancouver (Washington), 2018 (KL & MM Books), ASIN B07BC89H8X.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Indomitable, Vancouver (Washington), 2018 (KL & MM Books), ASIN B07R69PSND.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Stalwart, Vancouver (Washington), 2018 (KL & MM Books), ASIN B07ZTV8RXN.
Kris Longknife-searje (koarte ferhalen)
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Training Daze, New York, 2011 (Ace Books), ASIN B005LR5KNO.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife: Welcome Home/Go Away, New York, 2012 (Ace Books), ASIN B007FEFBEE.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife's Bloodhound, Vancouver (Washington), 2013 (KL & MM Books), ASIN B00F1KH098.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife's Assassin, Vancouver (Washington), 2014 (KL & MM Books), ASIN B00KPH4J64.
  • Shepherd, Mike, Ruth Longknife's First Christmas, Vancouver (Washington), 2016 (KL & MM Books), ASIN B01MQZ54RS.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife Among the Kicking Birds, Vancouver (Washington), 2017 (KL & MM Books), ASIN B01MR8CBK7.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife's Bad Day, Vancouver (Washington), 2017 (KL & MM Books), ASIN B06X3YM79W.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife's Maid Goes on Strike, Vancouver (Washington), 2017 (KL & MM Books), ASIN B06ZY3HLJ9.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories, Vancouver (Washington), 2018 (KL & MM Books), ISBN 978-1974579013.
Admiral Santiago-searje
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife's Replacement, Vancouver (Washington), 2017 (KL & MM Books), ISBN 978-1 97 40 35 397.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife's Relief, Vancouver (Washington), 2017 (KL & MM Books), ISBN 978-1 97 40 33 737.
  • Shepherd, Mike, Kris Longknife's Successor, Vancouver (Washington), 2018 (KL & MM Books), ISBN 978-1 64 21 10 203.
Vicki Peterwald-searje
  • Shepherd, Mike, Vicki Peterwald: Target, New York, 2014 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 66 571.
  • Shepherd, Mike, Vicki Peterwald: Survivor, New York, 2015 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 66 588.
  • Shepherd, Mike, Vicki Peterwald: Rebel, New York, 2016 (Ace Books), ISBN 978-0 42 52 66 595.
  • Shepherd, Mike, Vicki Peterwald: Dominator, Vancouver (Washington), 2018 (KL & MM Books), ISBN 978-1 64 21 10 265.
  • Shepherd, Mike, Vicki Peterwald: Implacable, Vancouver (Washington), 2018 (KL & MM Books), ASIN B07VVR3FDX.
wurken fan Mike Shepherd dy't spylje yn it Society of Humanity-hielal
Jump Universe-searje
Unity War-trilogy: The First Casualty The Price of Peace They Also Serve | Inter-war Period: To Do or Die | Iteeche War-trilogy: Enemy Unknown Enemy in Sight Landing Party
Kris Longknife-searje
Mutineer Deserter Defiant • Training Daze Resolute Audacious Intrepid Undaunted Redoubtable Daring • Welcome Home/Go Away Furious • Kris Longknife's Bloodhound Defender Tenacious Unrelenting • Kris Longknife Among the Kicking Birds* Bold • Ruth Longknife's First Christmas* • Kris Longknife's Bad Day* Emissary Admiral Commanding Indomitable Stalwart Defend the Legation Boot Recruit
Admiral Santiago-searje
Kris Longknife's Replacement • Kris Longknife's Maid Goes on Strike* Kris Longknife's Relief Kris Longknife's Successor
Vicki Peterwald-searje
Kris Longknife's Assassin Target Survivor Rebel Dominator Implacable
fet = roman; net fet = koart ferhaal; *) koart ferhaal yn Kris Longknife's Maid Goes on Strike and Other Stories
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.