Kriesk | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Crow, Absaroka | |
eigen namme | Apsáalooke | |
lânseigen yn | Feriene Steaten | |
tal sprekkers | 3.000 (2007) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Sûaansk ● Westsûaansk ● Missourydelling-Sûaansk ● Kriesk | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | cro |
It Kriesk (Ingelsk: Crow; Kriesk: Apsáalooke, útspr.: [ə'psa:ɾo:ɡe:], likernôch: "uh-psaa-roo-gee"), is de lânseigen taal fan 'e Krieën (Crow), in Yndiaansk folk fan 'e eastlike Rocky Mountains en de Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De taal wurdt ek wol Absaroka neamd, dat in Ingelske ferbastering fan it autonym is. It Kriesk is in Westsûaanske taal, dy't ta de gruttere Sûaanske taalfamylje heart. It is nau besibbe oan it Hidatsa, wêrmei't it de Missourydelling-Sûaanske taalgroep foarmet. It Kriesk is mei likernôch 3.000 sprekkers ien fan 'e gruttere Yndiaanske talen fan 'e Feriene Steaten.
Sprekkers
Neffens in taalkundich ûndersyk út 2007 fan Victor Golla wiene der doe noch 3.000 sprekkers fan it Kriesk. Hoewol't dêrby net oanjûn is hoe't de ferdieling yn memmetaalsprekkers en twadde-taalsprekkers wie, docht it Kriesk it dêrmei in stik better as de measte oare Yndiaanske talen yn 'e Feriene Steaten. In soad fan dy talen hawwe nammentlik heechút noch inkele hûnderten sprekkers, wylst in oansjenlik tal op it rântsje fan it útstjerren balansearret. Mei in oantal fan 3.000 minsken leit it sprekkerspersintaazje fan it Kriesk yn ferhâlding mei de Krieën as etnyske groep op 25%.
Dêrby moat lykwols al oantekene wurde dat in grut diel fan 'e sprekkers ta de âlderein heart. Ut gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 1991 die bliken dat der dat jiers noch 4.280 sprekkers wiene. Yn ferhâlding mei it oantal fan 3.000 sprekkers yn 2007 giet it om in ôfname fan 29,9% oer in perioade fan 15 jier. Boppedat kaam út it taalûndersyk fan 2007 ek nei foarren dat it grutste part fan 'e jongerein it Kriesk net floeiend sprekt, en dat it oergrutte part fan 'e floeiende sprekkers âlder as tritich jier wie, oftewol foàr 1975 berne wie.
Yn syn A Grammar of Crow, ek út 2007, skreau R. Graczyk lykwols dat der oars as by oare Yndiaanske talen, yn 't bysûnder dy fan 'e Grutte Flakten, yn it gefal fan it Kriesk noch sprekkers fan alle leeftiden wiene. Ek murk er op dat der "noch teminsten guon" bern wiene dy't it Kriesk as memmetaal learden. Fierders wiene neffens him op inkelen fan 'e alderâldsten nei alle Kriesk-sprekkers ek floeiend yn it Ingelsk, en koene frijwol alle leden fan 'e jongerein dy't it Kriesk net sels sprieken, it wol ferstean. Likegoed waard it Kriesk yn 2012 troch de UNESCO as "beslist bedrige" klassifisearre. Der wurdt fanút 'e Krieëmienskip sels yn tanimmende mjitte besocht om it Kriesk te behâlden en te refitalisearjen.
Alfabet
It Kriesk wurdt skreaun mei in Latynsk alfabet dat út 19 letters bestiet. De letters f, g, j, q, r, v, y en z komme net foar, en de c allinnich yn kombinaasje mei de h as ch.
A a | B b | Ch ch | D d | E e | H h | I i | K k |
L l | M m | N n | O o | P p | S s | Sh sh | T t |
U u | W w | X x |
Fonology
It Kriesk omfiemet fiif ûnderskate fokalen, wêrfan't de a ([a], lykas yn "lam"), i ([i], lykas yn "wyt") en u ([u], lykas yn "tûk") ek yn lange foarm foarkomme: aa ([a:], lykas yn "laad"), ii ([i:], lykas yn "wiid") en uu ([u:], lykas yn "lûd"). De e ([e:], lykas yn "bleek") en de oo ([o:], lykas yn "loop") komme inkeld as lange lûden foar. Fierders binne der twa diftongen, ia en ua, en ien marzjinale diftong, éa dy't him yn mar twa wurden foardocht déaxa ("helder") en béaxa ("út en troch").
Op it mêd fan 'e konsonanten hat it Kriesk mar in tige beheinde klankynventaris. De h, k, m, n, p, s en t wurde krekt as yn it Frysk útsprutsen. De ch is de [ʧ], de begjinklank fan "tsjerke", en krektsa is de sh de [ʃ], de begjinklank fan "sjippe". De x is de [x], dy't yn it Frysk as "ch" skreaun wurdt, lykas yn "berch". De b ([b]) en w ([w], lykas yn "skowe") komme inkeld foar as allofoanen fan 'e m, en krekt-en-gelyk komme de d ([d]) en l ([l]) allinnich mar foar as allofoanen fan 'e n. Fierders hat it foneem k in palatalisearre allofoan [kʲ] (kj fan "kjers"), dy't foarkomt nei i, e, ch en sh, faak yn wurdeinige posysje. Ek de glottisslach ([ʔ]) de klank tusken de beide gelikense lûden yn "Aäron" of "koöperaasje", komt yn it Kriesk foar, mar wurdt net skreaun.
Fierders is ek aspiraasje, it útsprekken fan plofklanken mei in lyts h-ke derefteroan (lykas yn 'e bekende Grinslânske útspraak fan Marthinithoren), yn it Kriesk in wichtich ferskynsel. Plofklanken wurde aspirearre as se oan it begjin of de ein fan in wurd steane, wannear't se ferdûbele wurde (bgl. [ppʰ]) en as se efter in oare plofklank oan komme (bgl. [ptʰ]). Plofklanken yn in konsonantekluster mei de h as earste klank (hp, ht, hk) bliuwe ûnaspirearre. Ferdûbeling fan konsonanten komt inkeld yn ynterfokale (tuskenlûdige) posysje foar. Yn dyselde posysje wurdt de sh faak stimhawwend, en klinkt er dus as [ʒ] (zj lykas yn "bagaazje"). De s wurdt soms ek stimhawwend útsprutsen, as "z", mar de x is nea stimhawwend.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |