Krewerd
Marijetsjerke
Marijetsjerke
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal196 (31-12-2021) [1]
Oerflak3,13 km², wêrfan:
lân: 3,11 km²
wetter: 0,02 km²
Befolkingsticht.63 ynw. / km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 21' N 6° 50' E
Offisjele webside
Side Krewerd
Kaart
Krewerd (Grinslân)
Krewerd

Krewerd (Frysk: Kr(i)ewert; Grinslânsk: Kraiwerd) is in lyts doarke yn de Grinslânske gemeente Iemsdelta. Oant 1990 hearde it plakje by de gemeente Bierum en fan dat jier oant 2021 by de gemeente Delfsyl. Yn it doarpsgebiet falle ek de buorskippen Arwerd, De Klip en Nijenklooster en de wierde 't Noorn.

Geografy

Krewerd leit oan de eastlike râne fan it Hegelân yn de âlde krite Fivelgoa. Oer Arwerd is it plak ferbûn mei Oosterwijtwerd en Leermens en oer Nijenklooster mei Jukwerd en Appingedam. It doarp hat in haventsje, dat oer it Krewerdermaar in ferbining hat mei it Leege Maar en de Groote Heekt en sa mei it Damsterdjip. It Leege Maar is de âlde skieding tusken it gebiet fan Krewerd en dat fan Bierum en Holwierde.

Skiednis

Krewerd ûntstie op in hegere kwalderrêch yn de Fivelboezem, wêrop't tusken 500 f.Kr. en de romeinske tiid in wierde opsmiten waard, dy't letter foar in part ôfgroeven is. De wierde hat in radiale struktuer fan 235 by maksimaal 165 meter en is maksimaal 1,6 meter heger as de omjouwing. De sleat oan de súdeastlike kant is mooglik in part fan de ringsleat. De delsetting op de wierde ferdwûn letter en it doarp waard yn de iere midsiuwen op 'e nij stifte, sa tusken likernôch 800 en 1100 nei Kr. Dat docht bliken út opgravings, wêrby't saken út de romeinske tiid mar ek iere- en letmidsiuwske skerven fûn binne.

Krewerd oan it begjin fan de 20e iuw

Op it heechste punt fan de wierde waard neffens de kronyk fan Blomhof om 1280 hinne de Marijetsjerke stifte troch boarchfrou Tyadeke, dy't mei help fan it kleaster Krewerd en Arwerd ôfsplitste fan de parochy Holwierde. Oare âlde fermeldings fan it doarp binne 'Creawerth' yn 1396 en 'Crewart' yn 1464.

By it doarp stiene eartiids twa eale heerden: noardlik fan de tsjerke de 'Steenhuisterheerd' (ek 'Feenhuester heerd', 'Steenhuusterheerd', 'Veenhuusterheerd') en súdlik fan de tsjerke de 'Bonnemaheerd'. By ien fan dy heerden stie eartiids nei alle gedachten it stienhûs, dat yn in oarkonde fan 1511 neamd wurdt.

Oan it begjin fan de 15e iuw wie likernôch de helte fan de grûn fan it kerspel yn hannen fan haadlingen, werby't trije skoansoannen fan Fokko Ukena út Oosterwijtwerd in wichtige rol spilen. De rest wie yn hannen fan de tsjerke en de kleaster: it pastorijelân fan de tsjerke lei û.o. yn in stripe súdlik fan it doarp oan de wei nei Holwierde en it kosterije- en tsjerkelân lei tusken Krewerd en Arwerd. De kleasters Feldwerd yn it noarden en Roazekamp (Campus Rosarum) yn it suden besieten de rest fan 'e grûn. It kollaasjerjocht (it erflike rjocht om in geastlike te beneamen) wie yn de 15e iuw yn hannen fan de Ripperda's fan it Hûs Oosterwijtwerd, dy't sadwaande in wichtige rol spilen yn it doarp. Lang om let waard dy famylje ek eigner fan de twa heerden en sa krigen de Ripperda's noch mear foar it sizzen.

Mooglik troch de nauwe bannen mei it mear westlik lizzende Oosterwijtwerd foel Krewerd net ûnder deselde rjochtstoel as de memmeparochy Holwierde, mar ûnder it Oosterwijtwerderrjocht fan Oosterwijtwerd, dêr't ek Godlinze, Jukwerd, Katmis, Nes, Ranswerd en Siboldeweer ûnder foelen. By de lettere yndieling fan Fivelgoa fan 1659 foel Krewerd ûnder Easteradiel. Mei de ynstelling fan de gemeenten yn 1811 waard Krewerd by Bierum yndield.

It doarp bleau ek yn de 20e iuw in lyts, agrarysk doarpke mei in wat frijfochten mienskip. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden bewenners dêrom troch oaren foar 'rûchpoaten' útskolden. Yn de 20e iuw ferlear it doarp in soad wurk en warberens en yn 1985 moast ek fanwegen te min bern de skoalle sletten wurde.

Hjoed-de-dei binne de measte ynwenners fan Krewerd ymport. Tusken 2007 en 2008 waard it doarpke opkreazge ûnder lieding fan Doarpsbelang yn 'e mande mei de Stifting Lânskipsbehear Grinslân. It doarp hat de status fan bescherme doarpssicht.

Gebouwen

Bonnemaheerd

It grutste part fan it doarp bestiet út gebouwen fan foar 1900. Yn it sintrum steane de 13e iuwske tsjerke, de 18e-iuwske kosterije en in 19e-iuwske wente oan de Pastorieweg mei in trijetal pleatsen. Nei 1850 is der noch wat efter de tsjerke boud en yn de 20e iuw hat it doarp wat lytskalige nijbou oan de Holwierderweg hân mei wat hûzen, in nije skoalle (1926) en in doarpshûs (1961). Wêst fan de tsjerke waard yn de 19e iuw in begraafplak oanlein mei in smei-izeren tagongshek mei in baarhûske.

Marijetsjerke

Tsjerkepaad 1

De romanogoatyske Marijetsjerke waard om 1280 hinne boud en is sûnt in soad ferboud, mar hat dochs noch in midsiuwsk oansjen. De tsjerketoer is jonger en datearret fan de 15e iuw. Sûnt 1983 is de tsjerke fan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. De weem fan de tsjerke waard yn 1911 ôfbrutsen, nei't yn 1905 oan de Pastorijedyk in nije pastorije boud wie (tsjintwurdich in wenhûs). Oan it Tsjerkepaad stiet de de eardere kosterije út 1764. De eftergevel bestiet foar in part út âlde kleastermoppen.

Oare gebouwen

Súdlik fan de wierde stiet de pleats Bonnemaheerd. De grêft is it iennige dat noch oer is fan de eale heerd út de 15e iuw. By de bou fan de hjoeddeiske pleats fan it Aldamtster type waard it terrein nei alle gedachten ferlege. De pleats is in soad ferboud en dêrom is it gjin ryksmonumint woarn. Yn 2010 is de pleats restaurearre.

Fuort noardlik fan de tsjerke stie eartiids de eale heerd Steenhuisterheerd. Yn de hjoeddeiske pleats binne noch muorredielen fan dy heerd.

Befolkingsferrin

Jier181118401859186918791889189919201930194719711995201020152021
Ynwenners11785711071741501281441641821401009090107
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweer • Garsthuizen • Godlinze • HolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersum • Losdorp • Medhuizen • MiddelstumOosterwijtwerd • Opwierde • Seeryp • SyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijl • Tjamsweer • Toornwerd • UitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerd • Winneweer (foar in part) • Wirdum • Woldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
Amsweer • Arwerd • BaamsumBiessum • Binnen Ae • Boerdam • Dallingeweer • Dekkershuizen • Dijkum • Eekwerd • Eekwerderdraai • Eelshuis • Fiemel • Fraamklap • Garreweer • Garsthuizervoorwerk • Geefsmeer • De Heemen • Hoeksmeer • Hoogwatum • Jukwerd • Kolhof • Kopaf • Krangeweer • Ideweer • Lalleweer • Langerijp • Laskwerd • Lesterhuis • Lutjerijp • Marsum • Merum • Nansum • Nienhuis • Nieuwstad • Nooitgedacht • Oldenklooster • Opmeeden • De Palen • Polen (foar in part) • Rodeschool • Schaapbulten • Stork • Terhorn • Tweehuizen • Uiteinde • Vierburen • Vierhuizen • Wirdumerdraai • 't Zandstervoorwerk • Zomerdijk
Eardere plakken:
Heveskes • Naterij • Oterdum • Reide • Weiwerd
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.