In kaart fan de wrâld mei dêrop werjûn de Kreeftskearkring.

De Kreeftskearkring is in breedtegraad of parallel, dy't op 23°26′22″ noarderbreedte in sirkel om it noardlik healrûn fan 'e Ierde hinne foarmet. De namme fan 'e kearkring is ôflaat fan it stjerrebyld Kreeft (Cancer), en is basearre op 'e sitewaasje fan 'e lêste beide milennia foar it begjin fan 'e Westerske jiertelling, doe't de sinne op midsimmer (sjoen fanôf it noardlik healrûn; op it súdlik healrûn wie it doe fansels midwinter) op 'e Kreeftskearkring yn it stjerrebyld Kreeft stie. As gefolch fan presesje is dat al lang net mear sa: tsjintwurdich stiet de sinne by de noardlike midsimmer yn it stjerrebyld Bolle.

De Kreeftskearkring wurdt ek wol de Noarderkearkring neamd, om't er de noardlike grins fan 'e tropen oanjout. De súdlike begrinzing fan dat gebiet wurdt foarme troch de Stienbokskearkring. De Kreeftskearkring markearret de heechste breedtegraad op it noardlik healrûn, dêr't de sinne noch yn it senit stean kin, d.w.s. rjocht boppe it ierdoerflak. Dat bart dêr elts jier op of omtrint 21 juny, en jout it begjin fan 'e noardlike astronomyske simmer oan. As gefolch fan fariaasjes yn 'e oblikiteit (skeanstân) fan 'e Ierde wifket de Kreeftskearkring troch de iuwen hinne yn in syklus fan likernôch 41.000 jier in bytsje fan it suden nei it noarden en werom.

De Kreeftskearkring rint troch de folgjende lannen (begjinnend oan 'e westkust fan Noard-Amearika en dan nei it easten ta bewegend efterinoar):


Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.