In krûd of in krûdeftige plant is in plant dy't net of mar yn tige lichte mjitte ferhoutet. Sokke planten fertoane net of mar kwealk groei yn 'e omtrek fan 'e stâle, en hawwe dus gjin stam of tûken dy't mei it jier grouwer wurde. Krûden kinne ienjierrich, twajierrich of fêst wêze.
Krûdeftige planten moatte net betize wurde mei de "krûden" dy't yn 'e koken brûkt wurde foar itensiederij, of medisinale krûden. De meast krûdeftige planten wurde noch as smaaktafoeging brûkt, noch hawwe se in medisinale wurking (tink oan koalsied). Oarsom hoege "krûden" dy't by it itensieden brûkt wurde, net krûdeftich te wêzen, sa't bygelyks mei roazemaryn it gefal is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.